Grûnwurksumheden
Grûn mei yn prinsipe ôfgroeven, ferpleatst of op in oar plak brûkt wurde. Om it kultuerhistoarysk en archeologysk erfgoed en de boaiemkwaliteit te beskermjen, binne der regels opsteld.
Archeologyske wearde
Foar graafwurksumheden yn gebieten fan archeologyske wearde moatte jo in ‘omjouwingsfergunning’ oanfreegje of in ‘melding boaiemfersteuring’ dwaan. Sa wolle wy archeologyske fynsten en lânskiplike en kultuer-hystoaryske wearden beskermje.
Wurksumheden yn lânskiplik erfgoed
It is net samar tastien om te graven yn kultuerhistoarysk lânskiplike erfgoedgebieten. Jo meie bygelyks gjin sleat dimpe of grave of in dyk of paad feroarje. Soms wurdt der in útsûndering makke. Hjirfoar freegje jo in omjouwingsfergunning oan.
Grûn ôfgrave en ferpleatse
By it ôfgraven, ferpleatsen en op in oar plak brûken fan grûn en/of baggerspesy, spilet de boaiemkwaliteit in wichtige rol. Foar it tapassen fan grûn, bagger en boustoffen moatte jo foldwaan oan de regels. Mear ynformaasje lêze jo op de side ‘Grûn ôfgrave en ferpleagse’.
Boaiemynformaasje
By it oanfreegje fan in omjouwingsfergunning, grûnoankeap of -ferkeap en plande grûnwurksumheden kin in boaiemûndersyk nedich wêze nei asbest of oare fersmoarging yn de grûn. Hjirby spylje de sûnensrisiko’s ûnder graafwurksumheden of gebrûk (funksje) fan in perseel in wichtige rol. Mear ynformaasje fine jo op de side ‘Boaiemynformaasje’.
Fragen of help nedich?
Foar fragen, mear ynformaasje en it oanfreegjen fan in omjouwingsfergunning gean jo nei de pagina Proseduere omjouwingsfergunning oanfreegje of melde.