Fluch oan:

Ferskillende typen bedriuwen

Net meldingsplichtich en wol meldingsplichtich

Jo moatte wol oan de foarskriften fan it Beslút aktiviteiten Leefomjouwing en/of it Omjouwingsplan Ljouwert foldwaan.

Fergunningsplichtich

Jo freegje in omjouwingsfergunning oan foar in miljeubelêstende aktiviteit. Jo moatte ek foldwaan oan bepaalde foarskriften fan it Beslút aktiviteiten Leefomjouwing en/of it Omjouwingsplan Ljouwert.

In melding of fergunning

Mei de fergunningecheck kontrolearje jo oft jo in omjouwingsfergunning oanfreegje moatte (aktiviteit miljeu), of in melding dwaan moatte. In fergunningsoanfraach tsjinje jo yn fia it Omjouwingsloket. Yn it ûnderdiel Maatregels op Maat kontrolearje jo oan hokker regels jo miljeubelêstende aktiviteit foldwaan moat.

Maatregels op maat

Mei Maatregels op maat witte jo hokker regels foar jo jilde en wat jo dwaan kinne om jo oan dy regels te hâlden. Oan dy regels moatte jo sawiesa foldwaan. Ek as jo gjin fergunning nedich hawwe of in melding yntsjinje moatte.

Oersjoch

Jo krije in oersjoch mei bygelyks hokker maatregels jo nimme moatte, hoe faak en yn hokker folchoarder. It oersjochy kinne jo brûke as checklist.

Fragen of mear ynformaasje?

De ynfiering fan de Omjouwingswet is net allinncih foar ús, mar ek foar jo wennen. It is dus begryplik dat net alles fuortdaliks dúdlik foar jo is. Hawwe jo help nedich? Gean dan nei it Helpsintrum fan it Omjouwingsloket. Hawwe jo dêrnei noch fragen? Stjoer in e-mail nei vergunningen@leeuwarden.nl of nim op in oare manier kontakt op mei de gemeente Ljouwert.