Fluch oan:

Gevelreklame, dakreklame en objekten op priveegrûn

Foar it oanbringen fan reklame op in gebou of foar it pleatsen fan losse (reklame)objekten op jo terrein (bygelyks nammebuorden en flaggen), hawwe jo in omjouwingsfergunning nedich. Wêr’t jo oan foldwaan moatte stiet yn it dokumint ‘Oog voor reclame’.

Utstallingen

For útstallingen by winkels, ynstellingen en toeristyske attraksjes is gjin omjouwingsfergunning nedich as oan beskate betingsten foldien wurdt. Dizze stean yn it dokumint ‘Regeling útstallingen Ljouwert’.

Reklame op iepenbiere grûn

Der binne ferskate mooglikheden yn ’e gemeente Ljouwert om reklamekampanjes te fieren en bedriuwsferwizingen te pleatsen. De gemeente hat dêrfoar ferskate (reklame)ûndernimmingen it rjocht jûn om (reklame)objekten te pleatsen yn ’e iepenbiere romte. Sels objekten pleatse yn ’e iepenbiere romte is net tastien. Hjirûnder fine jo it oersjoch fan de ferskillende soarten reklameobjekten. As jo op it soart objekt klikke komme jo út op de webside fan de ûndernimmer dêr’t wy op dit stuit in oerienkomst mei hawwe.

  • Abri’s: reklame yn wachthokjes foar de bus.
  • Digitale billboards: op it Bedriuweterrein De Himrik en by it WTC yn Ljouwert.
  • Digitale billboards: lâns belangrike ynfals- en rûnwegen. Oan de pleatsing fan dizze objekten wurdt op it stuit noch wurke troch de ûndernimmer.
  • Mupi’s: reklamepanielen fan 2 m2. Op guon lokaasjes kombinearre mei stêdsplattegrûnen. Oan de pleatsing fan dizze objekten wurdt op it stuit noch wurke troch de ûndernimmer.
  • Reklamedisplays oan ljochtmêsten (heech): ferljochte objekten mei ferwizingen nei bedriuwen yn de gemeente Ljouwert.
  • A0-reklamedisplay: 2-sidige reklamebuorden fan sawat 88 sm x 120 sm oan ljochtmêsten en op regelkasten by ferkearsljochten. Foar alle typen advertearders, sawol kultureel as hannelsreklame. Dizze objekten wurde ek brûkt foar kulturele eveneminten dy’t holden wurde yn Ljouwert, en foar gemeentlike-/oerheidskampanjes dy’t it ynformearjen fan de ynwenners fan de gemeente Ljouwert as doel hawwe.

Iepenbiere oanplakpeallen

Hjir kinne partikulieren, kulturele ynstellingen en oare non-profitynstellingen mei affysjes of posters meidielingen opplakke.

Regels

  • It diel ûnder de huodderâne mei beplakt wurde.
  • Bedoeld foar meidielingen fan partikulieren, kulturele ynstellingen en oare non-profitynstellingen (gjin hannelsreklame).
  • Hâld rekken mei-inoar en plak gjin posters oer elkoar.
  • Plak net alles fol mei deselde poster.
  • Plak de poster allinnich op de oanplakpeal; op oare plakken plakke is net tastien.
  • Diskriminearjende en rasistyske uteringen binne net tastien.
  • De foly mei net fuorthelle wurde.

Lokaasjes

  • Winkelsintrum Camminghabuorren
  • Winkelsintrum Bilgaard
  • Harlingerstrjitwei-Poptawei
  • Winkelsintrum Nijlân
  • Winkelsintrum Cambuurplein
  • Stationsplein
  • Súderplein
  • Arendstún
  • Frouwepoartsbrêge
  • Verlaatsbrêge
  • Rengersleane (yn ’e planning)

Bûtenreklame op kolken, tegels, strjittemeubilêr/boartersobjekten ensafh.

In fersyk foar dit soarte fan reklame wurdt ôfwiisd, útsein in beskieden nammefermelding fan sponsors fan goede doelen of iepenbiere foarsjenningen.

Bebuording foar yndustriële bedriuwen

Bebuording foar yndustry is formeel gjin reklame, mar in iepenbiere foarsjenning. Om’t dizze bebuording in soad rekflakken hat mei it ûnderwerp reklame, is dit ûnderwerp opnommen yn it dokumint ‘Each foar Reklame’.

Op ferskate bedriuweterreinen yn de gemeente Ljouwert is yndustrybebuording oanwêzich. As dat sa is, kinne jo gjin eigen ferwizingsbuorden delsette, mar moatte jo gebrûk meitsje fan it algemiene ferwizingssysteem.

As op jo bedriuweterrein gjin bebuording foar yndustriële bedriuwen oanwêzich is en jo dy graach oanbringe wolle, hawwe jo in omjouwingsfergunning nedich.

Fragen of help nedich?

Foar fragen, mear ynformaasje en it oanfreegjen fan in omjouwingsfergunning gean jo nei de pagina Proseduere omjouwingsfergunning oanfreegje of melde. Sykje by it oanfreegjen by ‘aktiviteiten’ it folgjende formulier: Hannelsreklame meitsje of fiere – Oanfraach fergunning (Gemeente).

Kosten

Wet- en regeljouwing

De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside Overheid.nl (lokaal):

  • Reklamebelied ‘Each foar reklame’
  • Regels útstallingen yn Ljouwert