Slope
As jo wat slope wolle, kin it wêze dat jo in omjouwingsfergunning (aktiviteit: slope) oanfreegje moatte of in sloopmelding dwaan moatte.
In omjouwingsfergunning of in sloopmelding?
Omjouwingsfergunning (aktiviteit: slope)
Jo hawwe in omjouwingsfergunning nedich as jo slope wolle:
- By, op of oan in monumint? Gean foar mear ynformaasje nei de side Monumintesoarch.
- Yn in beskerme steds- of doarpsgezicht.
- As dat foarskreaun is yn it omjouwingsplan.
Sloopmelding
Der moat altyd in sloopmelding dien wurde as jo by it slopen asbest tsjinkomme en/of der mear as 10m3 sloopôffal frijkomt.
Partikulier
Wolle jo as partikulier asbesthâldend materiaal fuorthelje, dan tsjinje jo de melding minimaal 5 dagen foar it begjin fan de wurksumheden yn. Bou- en sloopôffal kinne jo tsjin betelling ynleverje by de Miljeustrjitte.
Bedriuw
Wolle jo as bedriuw asbesthâldend materiaal fuorthelje of sloopwurksumheden útfiere, dan tsjinje jo de melding minimaal 4 dagen foar it begjin fan de wurksumheden yn.
Asbest en asbesthâldend materiaal
Wolle jo mear witte oer asbest en asbesthâlden materiaal en wat hjirby sjen komt as jo dit fuorthelje? Gean dan nei de side ‘Asbest’.
Melding dwaan
Tsjinje jo sloopmelding yn fia it Omgevingsloket:
- Gean nei it ûnderdiel ‘Oanfreegjen’.
- Sykje by aktiviteiten op ‘Slope’.
- Selektearje it formulier ‘Slopen fan in bouwurk of diel dêrfan of asbest ferwiderje – Melding (Ryk)’.
Leverje alle frege ynformaasje oan. As ynformaasje ûntbrekt, wize wy jo melding ôf. Jo meie dan net begjinne mei de sloopwurksumheden. Soargje dat der gjin privacygefoelige gegevens yn de bylagen stean. Bygelyks: jo namme, adres of BSN.
Fergunning oanfreegje
Freegje in omjouwingsfergunning oan fia it Omjouwingsloket:
- Gean nei it ûnderdiel ‘Oanfreegjen’.
- Sykje by aktiviteiten op ‘Slope’.
- Selektearje it formulier ‘Bouwurk slope – Oanfraach fergunning (Gemeente)’.

Fragen of help nedich?
Foar fragen, mear ynformaasje oft jo in melding dwaan moatte of in omjouwingsfergunning oanfreegje moatte gean jo nei de pagina Proseduere omjouwingsfergunning oanfreegje of melde. Sykje by it oanfreegjen by ‘aktiviteiten’ it folgjende formulier: Slopen fan in bouwurk of diel dêrfan of asbest ferwiderje – Melding (Ryk).
Kosten
- It yn behanneling nimmen fan in sloopfergunningsoanfraach € 310,10.
- Past de oanfraach net binnen it omjouwingsplan € 622,84.
- Is der sprake fan in wizigingsfoech of útwurkingsplicht € 622,84.
- Giet it om slopen yn beskerme doarps- en stedsgesicht € 622,93.