Fluch oan:

Wenningsplitsing of wenningomsetting

Foar wenningsplitsing of wenningomsetting is in omjouwingsfergunning nedich. In omjouwingsfergunning wurdt allinnich ferliend as de oanfraach foldocht oan de kritearia út it omjouwingsplan ‘Ljouwert – Parsjele wiziging wenningsplitsing en wensoarchfunksjes’. Dizze kritearia binne:

  • Mei in omjouwingsfergunning is in (soarch)wenningsplitsing en/of (soarch)wenningomsetting tastien, as:
    • dit yn oerienstimming is mei it gemeentlik wenbelied;
    • foldien wurdt oan de aktuele regionale wenningbouôfspraken wannear’t der sprake is fan in taname fan it oantal wenningen;
    • en gjin ûnevenredige ôfbrek dien wurdt oan:
      • it strjitte- en bebouwingsbyld;
      • de wensituaasje;
      • de ferkearsfeiligens;
      • de parkearsituaasje;
      • de sosjale feiligens;
      • de kultuerhistoaryske wearden;
      • de gebrûksmooglikheden fan oanbuorjende grûnen en
    • As der sprake is fan in kombinaasje mei bouwen, ek in omjouwingsfergunning as bedoeld yn kêst 4 lid 2 ferliend wurde kin.

Fragen of help nedich?

Stjoer in e-mail nei vergunningen@leeuwarden.nl of nim op in oare manier kontakt op mei de gemeente Ljouwert.

It oanfraachformulier dat brûkt wurde moat om de fergunning oan te freegjen is: ‘Ofwike fan regels yn it omjouwingsplan – Oanfraach fergunning (Gemeente)’.