Opfang flechtlingen út Oekraïne
Ljouwert is in gemeente dêr’t flechtlingen wolkom binne. Der binne ferskillende lokaasjes dêr’t flechtlingen út Oekraïne opfongen wurde.
Opfanglokaasjes
Dat binne op dit stuit:
- De Wetterpôlle yn Ljouwert (camping)
- De Friesland yn Ljouwert (earder kantoarpân De Friesland soarchfersekerder)
- De Pier yn Ljouwert (earder Brada-terrein)
- Oer ’t Hout yn Grou
Omdat der noch hieltyd flechtlingen nei Nederlân komme, bliuwe wy sykjen nei nije opfanglokaasjes. De kommende tiid kreëarje wy nije opfangplakken op:
- De Friesland yn Ljouwert
Alle festjoerde stikken
- Ynformaasjebrief bewenners Oer ’t Hout 1 oktober 2024
- Ynformaasjebrief bewenners opfanglokaasjes 1 oktober 2024.
- Ynformaasjebrief bewenners De Friesland 19 septimber 2023.
- Ynformaasjebrief wykpanel lokaasje De Friesland 19 septimber 2023.
- Ynformaasjebrief omwenjenden útwreiding Wetterpôlle 19 septimber 2023.
- Ynformaasjebrief wykpanel Binnenstêd lokaasje ‘t Anker 19 septimber 2023.
- Ynformaasjebrief oan de gemeenteried oangeande tydlike en ekstra opfangplakken foar Oekraynske flechtlingen 18 septimber 2023.
Meast stelde fragen en antwurden
Ynformaasje foar flechtlingen yn de partikuliere opfang of foar gastgesinnen fine jo by ‘Meast stelde fragen en antwurden’. Stiet jo fraach der net tusken? Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Wêr kin ik terjochte mei fragen?
- Aktuele ynformaasje oer de oarloch yn Oekraïne fine jo op de website fan de Rijksoverheid.
- Op de website RefugeeHelp (Інформація для біженців з України) fine jo ynformaasje oer bygelyks:
- Wêr kin ik as flechtling terjochte foar medyske soarch en hoe wurdt dat fergoede?
- Medyske soarch oan flechtlingen út Oekraïne wurdt folslein fergoede fia de subsydzjeregeling Medysk needsaaklike soarch foar ûnfersekeren. Der wurdt gjin bydrage ferwachte fan de flechtling sels.
- Ik bin flechtling en wol wurkje yn Nederlân.
- Op de website fan Flechtlingewurk (Vluchtelingenwerk) fine jo mear ynformaasje oer bygelyks:
- Hoe’t jo in stipebetsjûging efterlitte kinne.
- Wêr’t jo rekken mei hâlde moatte as jo sels in flechtling opfange wolle.
- Frijwilliger wurde.
- Wêr’t jo spul donearje kinne.
- As jo in bedriuw hawwe en wurk oan flechtlingen oanbiede wolle.
- Op de website fan de Ryksoerheid fine jo algemiene ynformaasje oer de opfang fan Oekraynske flechtlingen yn Nederlân.
- Elkenien dy’t dat wol, kin in donaasje dwaan om de flechtlingen út Oekraïne te helpen. Mear ynformaasje fine jo op de website fan Giro 555. Dêr steane ek de oansletten helporganisaasjes, lykas it Reade Krús, Save the Children en Kerk in Actie.
Wêr kinne flechtlingen út Oekraïne har melde dy’t noch gjin útfanhuzersadres of opfang hawwe?
Flechtlingen dy’t noch gjin útfanhuzersadres of opfang hawwe, moatte har melde by de gemeente dêr’t sy op dat stuit binne. By dy gemeente kin it fersyk om in útfanhuzers- of opfangplak dellein wurde. It fersyk wurdt dan ynterregionaal besprutsen.
Wêr kinne flechtlingen út Oekraïne har melde dy’t al wol in útfanhuzersadres of opfang hawwe?
Sy melde har by de ôfdieling Boargersaken yn it Gemeentehûs Ljouwert. Dêr wurde sy registrearre. Meitsje in ôfspraak fia telefoannûmer 14 058.
Ik wol graach helpe as frijwilliger. Wêr kin ik my oanmelde?
Jo kinne jo fia de website fan Solidair Friesland opjaan as frijwilliger. Bygelyks om te helpen by taalaktiviteiten of oare aktiviteiten.
Hawwe de opfanglokaasjes ferlet fan spullen of oar guod (lykas boartersguod, tekkens, klean, bêdeguod of wat oars)?
Foar no is it net nedich spullen of oar guod yn te sammeljen of te donearjen. Der is genôch oanwêzich. Boppedat foarsjocht de gemeente yn it deistich ferlet. Mocht der in spesifyk ferlet ûntstean, dan wurdt dat kommunisearre.
Ik wol ien of mear flechtlingen opfange yn myn hûs. By wa kin ik dêrfoar terjochte?
Yn de ‘Hantrikking Partikuliere Opfang Oekraïners (POO)’ fine jo mear ynformaasje oer bygelyks:
- Hoe kinne jo in opfangplak oanbiede?
- Wat binne de leefregels?
- Wêr moatte jo om tinke?
- Hokker foarsjennings (bygelyks sûnenssoarch, ûnderwiis en wurk) foar de flechtlingen binne beskikber?
- Ynformaasje oer in oanspraaklikheidsfersekering.
- Wat binne de gefolgen foar útkearingen en taslaggen?
- Hoe wurdt omgien mei húsdieren?
Fange jo partikulier Oekraynske flechtlingen op?
Meitsje in ôfspraak by de IND Assen foar in ‘Bewiis fan ferbliuw’. Dat bewiis hawwe jo nedich as jo wurkje of as jo bygelyks reizgje wolle nei it bûtenlân.
Mear ynformaasje fine jo op de website RefugeeHelp – Vluchtelingen.
Ik bin in Oekraynske of Russyske studint(e) en kin myn hier net betelje. Omdat ik net by myn jild kin.
Jo kinne net samar út jo hûs set wurde. Nim wol sa gau mooglik kontakt op mei jo ferhierder of húsbaas.
Hoe komt in flechtling yn kontakt mei famyljeleden?
Gean nei de website fan it Reade Krús foar mear ynformaasje.
Kinne Oekraynske bern ek nei skoalle?
Ja. Oekraynske bern oant 18 jier kinne nei skoalle yn de gemeente Ljouwert:
- Alden fan bern oant 12 jier dy’t ferbliuwe yn opfang Nij Mellens en op de Citycamping De Wetterpôlle kinne har oanmelde by de Taalskoalle.
- Alden fan bern oant 12 jier yn opfang Oer ‘t Hout kinne har oanmelde op de lokaasje Nij Djip / De Twa Fisken. Adres: Jongema 4/6, 9001 LA Grou.
- Yn alle oare gefallen kinne âlden fan bern oant 12 jier har melde by de basisskoalle yn de buert dy’t it tichtste by is.
- Bern fan 12 oant 18 jier kinne sels in ôfspraak meitsje foar in intake. Mear ynformaasje fine jo op ’e website fan ISK Leeuwarden. Dêr stiet ek wat jo meinimme moatte nei jo earste ôfspraak.
- Studinten en wittenskippers (akademisy) kinne kontakt opnimme mei de Ryksuniversiteit Grins, Campus Fryslân.
Eigen bydrage
Bewenners fan de opfanglokaasjes foar Oekraïners betelje fan 1 jannewaris 2025 ôf sels in diel fan de kosten foar de opfang. Dit neame wy in eigen bydrage. Mei dit jild kin de gemeente in part fan de kosten foar jo opfang betelje. Tink bygelyks oan gas, wetter en stroom.
Hichte eigen bydrage
Foar gas, wetter en stroom betelje jo € 105,- per persoan. Dat jildt foar elkenien dy’t 18 jier of âlder is en in ynkommen hat. Bestiet jo gesin út twa persoanen fan 18 jier of âlder en bern? Dan betellet jo gesin maksimaal twa kear € 105,-. Dat is dus yn totaal € 210,-. Lûke jo dizze bydrage ôf fan jo lean? Dan hâlde jo yn elk gefal like folle of mear oer as mei allinnich leefjild. Is dat net sa? Stjoer dan sa fluch mooglik in e-mail nei de gemeente fia sozainvordering@leeuwarden.nl. Set yn it ûnderwerp ‘eigen bydrage’. Set jo namme en jo BSN nûmer yn de e-mail sels.
Jo betelje de eigen bydrage as jo:
- jild fertsjinje om’t jo in baan hawwe;
- in ynkommen krije út in Wurkleazensútkearing (WW-útkearing);
- in útkearing krije om’t jo langere tiid siik binne of net wurkje kinne;
- in taslach krije.
Fragen?
Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan de Ryksoerheid of op de webside fan refugeehelp.nl.