Fluch oan:

Utlis oer wêr’t struid wurdt

Der wurdt struid op de wichtichste autodiken en fytspaden. Dat binne:

  • De haadrûtes nei it sikehûs, de helpferlieningsynstânsjes, NS- en busstasjon en de begraafplakken.
  • De diken fan en nei de doarpen.
  • De busrûtes.
  • Alle haaddiken en trochgeande diken.
  • In grut part fan it sintrum.
  • De diken dy’t brûkt wurde om in wyk út te riden.
  • De bedriuweterreinen.
  • De haadrûtes foar fytsers.

Op de plattegrûn fine jo in oersjoch fan dizze struirûtes.

Net oeral wurdt struid

De gemeente Ljouwert docht har bêst, mar wy kinne net alles allinnich. Dêrom freegje wy ek bewenners, ynstellingen en ûndernimmers om te helpen. Hâld dyn eigen stoepe sniefrij en soartje foar feilige tagongen nei dyn hûs of bedriuw. Sa drage wy mei-inoar by oan in feilige, berikbere gemeente yn de winter.

Gjin fergees sâlt fan de gemeente

De gemeente Ljouwert jout bewenners gjin fergees sâlt om glêdens te bestriden. Sâlt is op in soad plakken te keap. Bygelyks by boumerken, túnsintra en supermerken.

Pikelwetter op fytspaden yn stee fan sâlt

Op fytspaden sproeit Omrin pikelwetter om glêdens tsjin te gean. Dat is wetter mei sâlt. Pikelwetter op fytspaden wurket better as sâlt, omdat der te min ferkear is om it sâlt yn te riden.

Mear ynformaasje