Fluch oan:

Beliedskader Mobiliteit

Wat is de rol fan de auto, it iepenbier ferfier of dielferfier yn de takomst fan de gemeente Ljouwert? Hoefolle romte krijt in fytser of fuotgonger? En wat betsjut dit foar de auto, it parkearen en it grien? Dat binne allegearre ûnderwerpen dêr’t jo deistich mei te krijen hawwe.

Dizze ûnderwerpen steane yn it Beliedskader Mobiliteit. Boargemaster en wethâlders hawwe it beliedskader mobiliteit fêststeld. Ek de gemeenteried hat it beliedskader fêststeld. Sintraal yn it beliedskader stiet dat der mear oandacht komt foar libbenskwaliteit en in sûne fysike leefomjouwing. De gemeente Ljouwert wol dêrom mear romte foar grien, kuierjen en fytsen. De Gemeenteried sil de plannen nei de simmer besprekke. Yn it Beliedskader Mobiliteit binne gjin projekten útwurke. It is de basis foar útfieringsprogramma’s en -projekten fan de kommende jierren.

Fideo

Wolle jo witte wat der yn it beliedskader stiet? Sjoch dan de útlisfideo.

Tegearre mei bewenners

Yn it Beliedskader Mobiliteit binne 7 útgongspunten útwurke. Nije projekten dêr’t mobiliteit in rol yn at, moatte foldwaan oan dizze mobiliteitskritearia. De 7 útgongspunten foar mobiliteit binne ta stân kommen mei ynformaasje fan ynwenners. In fragelist oer de takomst fan mobiliteit yn de gemeente is mear as 1.000 kear troch ynwenners ynfolle. Ek koenen ynwenners yn juny en novimber 2023 ferskate gearkomsten (mobiliteitskafees) bywenje om te praten oer de ûnderwerpen.

De 7 útgongspunten foar mobiliteit

  1. Bouwe binnen besteande doarpen en stêden helpt mobiliteit duorsumer te meitsjen.
  2. Elk doarp wurdt ferbûn mei in trochfytsrûte, regionaal iepenbier ferfier, en der komt in P&R oan de stedsring.
  3. 30 kilometer yn ’e oere wurdt de standert yn bewenne gebiet. Utsein in pear haadwegen. Kuierders en fytsers krije sa folle mooglik foarrang.
  4. Fuotgongers en fytsers kinne feilich en noflik de stedsring oerstekke. Automobilisten krije de mooglikheid om fia de Heak te riden, in oar ferfiersmiddel te brûken of om bûten de spits te reizigjen.
  5. It sintrum fan Ljouwert krijt mear ferbliuwskwaliteit. Kuierjen stiet dêr op it earste plak. Fan de stedsring ôf kin mei nei de parkeargaraazjes yn it sintrum ride. De stedsring wurdt hjirmei in Parkearring.
  6. De binnenstêd wurdt griener: strjitteparkearen giet hieltyd mear nei parkeargaraazjes en P&R-hubs. Sa krijt it sintrum mear romte foar grien, kuierjen, moetsjen en fytsparkearen (parkearen foar ynvaliden en lade/losse bliuwt wol).
  7. De wiken en doarpen wurde griener mei minder parkearhinder mei tank oan parkearbelied en wykhubs.

Planning nul-emisjesône

  • Ein 2024 of begjin 2025 nimt de gemeente in beslút oer de oankundiging fan in nul-emisjesône. De útkomsten fan de ynringearkomsten nimme wy hjiryn mei as oanfolling op it ûndersyksrapport.
  • By in posityf beslút ta oankundiging fan de nul-emisjesône folgje wer petearen mei ûndernimmers. Sa soargje wy tegearre foar in goede tarieding en de goede rânebetingsten.
  • In jier foar de eventuele echte ynfiering fan de nul-emisjesône wurdt it ferkearsbeslút nommen. Hjir kinne jo dan noch in sjenswize op yntsjinje.
  • Yn 2029: mooglike ynfiering fan de nul-emisjesône.

Nijsbrieven

Bliuw op de hichte fan de lêste ûtwikkelingen oer mobiliteit en meld jo oan foar de digitale nijsbrief.

Nijsbrief nul-emisjesône

Hawwe jo noch fragen?

Stjoer in e-mail nei mobiliteit@leeuwarden.nl of nim op in oare manier kontakt op mei de gemeente Ljouwert.