Fluch oan:

Ynlogge

Jo logge yn mei jo e-werkenning

Betingsten

  • Jo bedriuw stiet ynskreaun op it adres dêr’t jo in fergunning of frijstelling foar oanfreegje.
  • Yn it gebiet dêr’t jo bedriuw sit, jildt in parkearbeheining. Bygelyks: betelle parkearen, parkearen foar fergunninghâlders of in blauwe sône.
  • De auto dêr’t jo in fergunning foar oanfreegje, stiet op namme fan it bedriuw. As jo in leasekontrakt of in ferklearring fan jo wurkjouwer sjen litte kinne, is dat ek goed.
  • Parkeare op eigen terrein fan jo bedriuw is net mooglik.
  • Jo kinne bewize dat jo de auto nedich hawwe om jo wurk te dwaan.

Dêrneist jilde de folgjende regels

  • Per adres krije jo maksimaal 2 parkearfergunningen.
  • Foar wen-wurkferkear krije jo gjin parkearfergunning.
  • Laden en lossen is tastien, as jo jo oan de regels hâlde.
  • In parkearfergunning of parkearfrijstelling jildt fan it momint fan oanfraach of ferlinging oant en mei 31 desimber fan dat jier.
  • Jo moatte jo vergunning of ûntheffing elk jier ferlingje. De gemeente stjoert jo hjir in brief oer.

Wannear krije jo de fergunning of frijstelling?

Net daliks. Wy beoardielje jo oanfraach. Jo hearre binnen 2 wurkdagen oft jo in fergunning of frijstelling krije.

Wizigje of opsizze

In fergunning of ûntheffing jildt foar 1 kenteken. Is jo auto ferkocht, of ride jo tydlik yn in lienauto? Sis jo fergunning of ûntheffing op of pas him oan.

Stjoer in e-mail nei: parkeren@leeuwarden.nl. Jo kinne ek in brief skriuwe of lânskomme op it gemeentehûs.

Wat moatte jo meistjoere?

In kopy fan jo nije kentekenbewiis. Of freegje bygelyks om in ferklearring fan de garaazje. Hjir kinne jo mei bewize dat jo de tydlike brûker fan dizze auto binne.

Tefolle parkearbelesting betelle?

As it bedrach heger is as € 6,00, dan krije jo dit werom. Folje it Restitúsjeformulier (PDF, 96,11 KB) yn en freegje it bedrach oan parkearbelesting dat jo tefolle betelle hawwe werom. Brûk dit formulier net om jo fergunning op te sizzen.

Ferhuzing fan jo bedriuw

wolle jo de fergunning ek op it nije adres brûke? Stjoer dan in ferhûsberjocht nei: parkeren@leeuwarden.nl. Stjoer in kopy mei fan jo ynskriuwing by de KvK op it nije adres.

Krije jo allinnich in nij postadres?

Jou jo nije adres digitaal oan ús troch. Dit kin fia de knop boppe oan dizze pagina.

Ynrydfrijstelling foar de auto-earme binnenstêd

Plattegrûn auto-earme binnenstêd (PDF, 2,28 MB)

Bedriuw of ynstelling yn it auto-earme gebiet?

Neist in parkearfergunning of parkearfrijstelling hawwe jo ek in ynrydfrijstelling nedich.

Gjin fêstiging yn it auto-earme gebiet, mar jo moatte hjir wol wêze?

Dan hawwe jo in ynrydfrijstelling nedich.

Ynrydfrijstelling oanfreegje

Mear ynformaasje fine jo op de pagina ‘Ynrydfrijstelling auto-earme binnenstêd’.

Lade en losse yn ’e binnenstêd fan Ljouwert

Dit mei binnen de finstertiden. De finstertiden binnen fan moandei oant en mei freed tusken 07:30 en 12:00 oere. Op de plattegrûn mei finstertiden steane de strjitten dêr’t finstertiden jilde oanjûn yn giel en read.

Lade en losse yn it auto-earme gebiet

Dit mei sûnder ynrydfrijstelling binnen de finstertiden. Bûten dizze tiden meie jo allinnich it gebiet ynride mei in ynrydfrijstelling. Jo meie net parkeare yn dit gebiet. Ek net mei in ynrydfrijstelling.

Kinne jo net lade en losse binnen de finstertiden?

Freegje dan in ynrydfrijstelling auto-earme binnenstêd oan.

Tydlike wurksumheden yn ’e binnenstêd?

Moatte jo foar jo wurk tydlik mei de auto yn ’e stêd Ljouwert wêze? Yn in gebiet mei in parkearbeheining? Bygelyks troch fergunninghâlders, betelle parkearen of de blauwe sône? Freegje digitaal in tydlike parkearfergunning of parkearfrijstelling oan. Dit kin fia de knop boppe oan dizze pagina. Jo oanfraach jildt foar ien of mear dagen.

Wurksumheden yn it auto-earme gebiet bûten de finstertiden

Neist in parkearfergunning of parkearfrijstelling hawwe jo ek in ynrydfrijstelling nedich. Mear ynformaasje fine jo op de pagina ‘Ynrydfrijstelling auto-earme binnenstêd’.

Parkeare op eigen terrein

Parkeare op eigen terrein is fergees. Utsein wannear’t jo bedriuw dit oars regele hat.

P+R-terreinen

P+R Kalverdijkje

  • Fergees parkearen.
  • Berikber mei busline 3.

P+R Wijnhornsterstraat

  • Achter it NS-stasjon.
  • Betelle parkearen.
  • Binnen 8 minuten kinne jo rinnend nei de binnenstêd. Of jo nimme in taksy of de bus.

Kosten en plattegrûnen

Parkearfergunning/-ûntheffing Kosten per jier Kosten per dei
1 Sône
Sône 1 oant en mei 5
Op namme fan in bedriuw yn de fêstigingssône en/of jildich binnen 1 sône yn it sintrum foar it parkearen yn de fakken op fergunninghâldersplakken of parkearapparatuerplakken. € 496,- € 15,-
1 Sône
Sône 6 oant en mei 10
Op namme fan in bedriuw yn de fêstigingssône en/of jildich binnen 1 sône fan skylgebiet foar it parkearen yn de fakken op fergunninghâldersplakken of parkearapparatuerplakken. € 248,- € 9,-
Meardere sônes Sône 1 oant en mei 5 Op namme fan in bedriuw yn de fêstigingssône en/of jildich yn meardere sônes yn it sintrum foar it parkearen yn de fakken op fergunninghâldersplakken of parkearapparatuerplakken.            Fanôf de tredde fergunning. € 717,-   
€ 1.434,-
Meardere sônes Sône 1 oant en mei 10 Op namme fan in bedriuw jildich yn meardere sônes yn it sintrum en alle parkearskiifsônes (blauwe sône).
Fanôf de tredde fergunning.
€ 854,-                                           € 1.708,-
Blauwe sône Op namme fan in bedriuw yn de fêstigingssône en/of binnen 1 (blauwe) parkearskiifsône. € 23,50 € 2,10
Ynrydferbod Deiparkearfergunning foar it parkearen yn strjitten dêr’t in ynrydferbod of beheining jildt (Nijstêd, Piperstrjitte, Wurdumerdyk of Sint Jacobsstrjitte). € 25,50
Parkearferbod Sône 1 oant en mi 5 Deiparkearfergunning foar it parkearen binnen in parkearferbodssône yn it sintrum. € 21,60
Parkearferbod Sône 6 oant en mi 10 Deiparkearfergunning foar it parkearen binnen in parkearferbodssône yn it sintrum. € 8,20
Parkearferbod Blauwe Sône Deiparkearfergunning foar it parkearen bûten de fakken yn in Blauwe Sône gebiet. € 4,10

Parkearsônes yn Ljouwert

Parkearsônes Ljouwert