Fluch oan:

Slagget digitaal oanfreegjen net?

Kom lâns by de gemeente Ljouwert. Nim in jildich legitimaasjebewiis en it kentekenbewiis fan de auto mei.

Wat binne de betingsten?

  • Jo steane ynskreaun op it adres dêr’t jo in fergunning of ûnheffing foar oanfreegje.
  • Yn it gebiet dêr’t jo wenje, jildt in parkearbeheining. Bygelyks: betelle parkearen, parkearen foar fergunninghâlders of in blauwe sône.
  • De auto dêr’t jo in fergunning foar oanfreegje, stiet op jo namme. As jo in leasekontrakt of in ferklearring fan jo wurkjouwer sjen litte kinne, is dat ek goed.
  • Parkeare op eigen terrein is net mooglik.

Dêrneist jilde de folgjende regels

  • Per adres krije jo maksimaal 2 parkearfergunningen.
  • Foar de binnenstêd fan Ljouwert is it maksimum 1 parkearfergunning per adres.
  • In parkearfergunning of parkearfrijstelling jildt fan it momint fan oanfraach of ferlinging oant en mei 31 desimber fan dat jier.
  • Jo moatte jo vergunning of ûntheffing elk jier ferlingje. De gemeente stjoert jo hjir in brief oer.

Parkeare, automatyske ynkasso oanfreegje

Jo kinne digitaal in automatyske ynkasso oanfreegje foar it ferlingjen fan jo parkearfergunning of ynrydûntheffing.

Hoe wurket it?

  • Log yn mei jo DigiD.
  • Klik op jo namme rjochtsboppe yn it skerm.
  • Folje by Finansjele Gegevens it IBAN-nûmer yn fan jo bankrekken.
  • Kies by foarkar betelmetoade foar ‘Ynkasso’.
  • Set in finkje by de ynkasso machtiging.
  • Klik op Akkoart en Opslaan.

Wat binne de betingsten?

  • De oanfreger fan de automatyske ynkasso is de rekkenhâlder fan it bankrekkennûmer.

Spulregels

  • It bedrach skriuwe wy om 21 desimber hinne ôf.
  • Jo parkearfergunning of ynrydûntheffing wurdt automatysk ferlinge foar it folgjende jier.
  • Giet der wat mis mei de ynkasso omdat der bygelyks net genôch jild op jo rekken stiet? Dan krije jo in brief mei de fraach om de parkearfergunning of ynrydûntheffing op ’e nij oan te freegjen en op in oare wize te beteljen.
  • Wolle jo it bankrekkennûmer wizigje, de machtiging ynlûke of de parkearfergunning of ûntheffing net ferlingje? Stjoer dan in e-mail nei parkeren@leeuwarden.nl

Koarting foar parkearen yn parkeargaraazjes

As jo yn de binnenstêd wenje, krije jo 50% koarting op in abonnemint fan de parkeargaraazjes. Nim foar mear ynformaasje kontakt op mei Parkeergarages Leeuwarden fia telefoannûmer 058-2128005 of fia de website fan Parkeergarages Leeuwarden.

Ferhúzje

As jo ferhúzje en dat trochjouwe oan de ôfdieling Boargersaken, krijt de ôfdieling Parkearen dêr automatysk berjocht fan. Wy litte it jo witte as jo nije adres yn it parkearsysteem stiet.

Kraskaarten foar besikers

Mei in kraskaart mei jo besite 1 auto parkeare, yn de blauwe sône, sûnder parkearskiif.

Wenje jo yn in blauwe sône yn Ljouwert?

Keapje digitaal jo kraskaarten. Dat kin fia de link boppe-oan dizze side. Jo betelje mei iDeal of creditcard.

Goed om te witten:

  • De kraskaart jildt allinnich yn de blauwe sône dêr’t jo wenje.
  • De kraskaart is 1 dei jildich.
  • Jo keapje minimaal 10 kraskaarten per kear en maksimaal 150 per jier per adres. Nei it keapjen kinne jo se maksimaal 3 jier brûke.

Wenje jo yn in blauwe sône yn Grou?

Dan kinne jo gjin kraskaarten foar besikers keapje.

Hoe brûke jo in kraskaart?

Op jo oersjochsside sjogge jo hoefolle kraskaarten oft jo hawwe. As jo besite krije, klikke jo op ‘Wizigjen’ by 1 fan de kraskaarten dy’t jo noch net brûkt hawwe. Dêrnei folgje jo it stappeplan.

Parkearen fan in caravan, camper, fouwein of oanhingwein

  • Jo caravan, camper, fouwein of oanhingwein mei net langer as 3 dagen binnen de beboude kom op de iepenbiere dyk stean.
  • Op parkearplakken foar fergunninghâlders of wêr’t jo betelje moatte, meie jo gjin caravan, fouwein of oanhingwein parkeare.
  • Op parkearplakken foar fergunninghâlders meie jo gjin campers parkeare.
  • Binnen de beboude kom jilde foar caravans, campers, fouweinen en oanhingweinen deselde parkearregels as foar oar reau.
  • Jo meie yn de gemeente Ljouwert gjin oanhingwein mei reklame parkeare op de iepenbiere dyk.

Ynrydfrijstelling foar de auto-earme binnenstêd

Wenje jo yn de auto-earme binnenstêd? Dan hawwe jo neist in parkearfergunning of parkearûntheffing ek in ynrydûntheffing nedich. Mear ynformaasje oer it oanfreegjen fan in ynrydûntheffing fine jo op de pagina Ynrydûntheffing auto-earme binnenstêd.

Mear ynformaasje

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert of stjoer in e-mail nei parkeren@leeuwarden.nl

Kosten en plattegrûnen