Fluch oan:

Wat nimme jo mei nei it gemeentehûs?

By it oanfreegjen nimme jo it folgjende mei:

  • Alle identiteitsbewizen en paspoarten dy’t jo hawwe. Ek as se ferrûn binne. Hawwe jo net earder in identiteitskaart en/of paspoart hân dan wurdt jo identiteit oan de baalje fêststeld.
  • In pasfoto dy’t maksimaal 6 moanne âld is op it momint fan de oanfraach en dy’t foldocht oan de easken.
  • Jild. Jo betelje de identiteitskaart kontant of mei jo pinpas.
  • Freegje jo as âlder in identiteitskaart oan foar jo bern?
    • Nim jo bern mei nei it gemeentehûs. Ek by it opheljen moat jo bern wer mei.

By it oanfreegjen nimme jo it folgjende mei:

  • De hâlder fan it reisdokumint moat it dokumint sels ophelje.
  • Jildich identiteitsbewiis (as jo dy hawwe).
  • Ferrûn of ferfallen reisdokumint (as dy fereaske is).
  • Ferbliuwsdokumint (as jo dy hawwe).
  • Foar minderjierrige jonger as 12 jier:
    • Jildich identiteitsbewiis fan de âlder/gesachhâlder of begelieder (oare mearderjierrige of âldere broer/suster).
      As âlder/gesachhâlder net oanwêzich is, dan in skriftlike machtiging oan de begelieder. Dit jildt foar minderjierrige jonger as 12 jier.
  • It nije dokumint moat binnen 3 moanne nei de oanfraach ôfhelle wurde.

Jonger as 12 jier?

By de oanfraach fan immen jonger as 12 jier is de tastimming fan alle gesachshâlders nedich. Ien âlder of gesachhâlder moat mei foar de oanfraach.

Tastimming oanfreegje?

Dat kin online. Ful it formulier Ferklearring tastimming foar minderjierrige bern yn of it dokumint Ferklearring tastimming foar minderjierrige bern. Kieze jo foar it ynfullen fan it dokumint, dan moatte jo ek in kopy fan jo legitimaasje meinimme.

BInne jo jo identiteitskaart kwyt of is er stellen?

Jou dit sa fluch mooglik digitaal troch oan de gemeente. Dit is nedich om misbrûk foar te kommen. Nei dizze melding ferklearje wy jo identiteitskaart ûnjildich. As jo it weromfine, kinne jo it dus net mear brûke. Jo moatte it dan ynleverje by de gemeente.

Wolle jo of kinne jo de fermissing net digitaal trochjaan?

Meitsje dan in ôfspraak by de gemeente. Jo folje in ferklearring fan fermissing yn oan de baalje fan it gemeentehûs. Wy stelle jo identiteit fêst. Dêrnei freegje jo direkt jo nije dokumint oan. Jo hoege gjin oanjefte by de plysje mear te dwaan.

Reizgje mei jo bern

Bern moatte altyd in eigen paspoart of identiteitskaart by har hawwe as se nei it bûtenlân reizgje. Guon lannen wolle in ferklearring dêr’t yn stiet dat de folwoeksene dy’t mei it bern mei reizget, echt de âlder of gesachhâlder is. Ynformearje hjirnei by de ambassade of it konsulaat fan it lân dêr’t jo hinne wolle. Ynformaasje oer kontrôle oan de Nederlânske grins fine jo op de webside fan de Ryksoerheid.

Hoe lang is in identiteitskaart jildich?

  • Foar folwoeksenen 10 jier.
  • Foar bern en jongerein ûnder 18 jier, 5 jier.

Yn hokker lannen is in identiteitskaart jildich?

In identiteitskaart is net yn alle lannen jildich. In wiidweidige list fan lannen fine jo op de webside fan De Ryksoerheid. Foar lannen dy’t net op de list stean, hawwe jo in paspoart nedich.

Wolle jo gjin ôfspraak meitsje?

Jo kinne op de folgjende mominten ek sûnder ôfspraak lânskomme:

  • Moandei fan 13:40 oant 16:00 oere.
  • Tiisdei fan 08:30 oant 12:00 oere.
  • Woansdei fan 13:40 oant 16:00 oere.
  • Tongersdei fan 08:30 oant 12:00 oere.
  • Freed fan 08:30 oant 12:00 oere.

Fisum

Elk lân hat eigen regels foar bûtenlanners dy’t it lân besykje. Soms is in jildich Nederlânsk paspoart of identiteitskaart genôch. It is ek mooglik dat jo in fisum nedich hawwe.

Wolle jo witte oft jo in fisum nedich hawwe foar it lân dêr’t jo hinne wolle?

Mear ynformaasje lêze jo op de webside fan Nederland wereldwijd.

Wolle jo in fisum oanfreegje?

Dan kinne jo ûnder mear terjochte by de ANWB.

Identiteitskaart besoargje litte

In oanfrege identiteitskaart kinne jo thús of op jo wurk besoargje litte.

Nederlânske identiteitskaart mei ynlogfunksje DigiD

Sûnt 4 jannewaris 2021 hat de Nederlânske identiteitskaart in ynlogfunksje foar DigiD. Aktivearje jo dy funksje? Dan kinne jo ynlogge yn de DigiD-app mei jo identiteitskaart. Mei jo DigiD kinne jo ynlogge op websiden fan de oerheid, it ûnderwiis, de soarch en jo pensjoenfûns. Mear ynformaasje fine jo op de webside fan DigiD.

Kosten

Soart reisdokumint Bedrach
Paspoart en sakepaspoart (âlder dan 18 jier) € 83,80
Paspoart en sakepaspoart (jonger dan 18 jier) € 63,40
Identiteitskaart (âlder dan 18 jier) € 75,80
Identiteitskaart (jonger dan 18 jier) € 40,90
Reisdokumint flechtling/frjemdling € 63,40
Spoed € 57,00 ekstra
Reisdokumint besoargje litte € 3,50