Fluch oan:

Wat nimme jo mei nei it Gemeentehûs?

By it oanfreegjen nimme jo it folgjende mei:

  • Alle identiteitsbewizen en paspoarten dy’t jo hawwe. Ek as se ferrûn binne. Hawwe jo net earder in identiteitskaart en/of paspoart hân dan wurdt jo identiteit oan de baalje fêststeld.
  • In pasfoto dy’t maksimaal 6 moanne âld is op it momint fan de oanfraach en dy’t foldocht oan de easken dy’t jo lêze yn it folgjende dokumint:
  • Jild. Jo betelje it paspoart kontant of mei jo pinpas.
  • Freegje jo as âlder in paspoart oan foar jo bern?
    • Nim jo bern mei nei it gemeentehûs.

By it oanfreegjen nimme jo it folgjende mei:

  • De oanfreger fan it reisdokumint moat it dokumint sels ophelje.
  • Jildich identiteitsbewiis (as jo dy hawwe).
  • Ferrûn of ferfallen reisdokumint (as dy fereaske is).
  • Ferbliuwsdokumint (as jo dy hawwe).
  • Foar minderjierrige jonger as 12 jier:
    • Jildich identiteitsbewiis fan de âlder/gesachhâlder of begelieder (oare mearderjierrige of âldere broer/suster).
      As âlder/gesachhâlder net oanwêzich is, dan in skriftlike machtiging oan de begelieder. Dit jildt foar minderjierrige jonger as 12 jier.
  • It nije dokumint moat binnen 3 moanne nei de oanfraach ôfhelle wurde.

Jonger as 18 jier?

By de oanfraach fan immen jonger as 18 jier is de tastimming fan alle gesachshâlders nedich. Ien âlder of gesachhâlder moat mei foar de oanfraach. Tastimming oanfreegje kin fia it online formulier Ferklearring tastimming foar minderjierrige bern of it dokumint Ferklearring tastimming foar minderjierrige bern. Kieze jo foar it ynfullen fan it dokumint, dan moatte jo ek in kopy fan jo legitimaasje meinimme.

Binne jo jo paspoart kwyt of is it stellen?

Jou dit sa fluch mooglik digitaal troch oan de gemeente. Dit is nedich om misbrûk foar te kommen. Nei dizze melding ferklearje wy jo paspoart ûnjildich. As jo it weromfine, kinne jo it dus net mear brûke. Jo moatte it dan ynleverje by de gemeente.

Wolle jo of kinne jo de fermissing net digitaal trochjaan?

Meitsje dan in ôfspraak by de gemeente. Jo folje in ferklearring fan fermissing yn oan de baalje fan it gemeentehûs. Wy stelle jo identiteit fêst. Dêrnei freegje jo direkt jo nije dokumint oan. Jo hoege gjin oanjefte by de plysje mear te dwaan.

Reizgje mei jo bern

Bern moatte altyd in eigen paspoart of identiteitskaart by har hawwe as se nei it bûtenlân reizgje. Reizgje jo mei in minderjierrich bern? Faak hawwe jo tastimming nedich. Ynformaasje oer tastimming fine jo op de webside fan de maresjaussee.

Hoe lang is in paspoart jildich?

  • In nij paspoart foar folwoeksenen is 10 jier jildich.
  • In nij paspoart foar bern en jongerein ûnder de 18 jier is 5 jier jildich.

Paspoart besoargje litte?

In oanfrege paspoart kinne jo thús of op jo wurk besoargje litte.

Wolle jo gjin ôfspraak meitsje?

Jo kinne op de folgjende mominten ek sûnder ôfspraak lânskomme:

  • Moandei fan 13:40 oant 16:00 oere.
  • Tiisdei fan 08:30 oant 12:00 oere.
  • Woansdei fan 13:40 oant 16:00 oere.
  • Tongersdei fan 08:30 oant 12:00 oere.
  • Freed fan 08:30 oant 12:00 oere.

Fisum

Elk lân hat eigen regels foar bûtenlanners dy’t it lân besykje. Soms is in jildich Nederlânsk paspoart genôch. It is ek mooglik dat jo in fisum nedich hawwe.

Wolle jo witte oft jo in fisum nedich hawwe foar it lân dêr’t jo hinne wolle?

Mear ynformaasje lêze jo op de webside fan De Ryksoerheid.

Wolle jo in fisum oanfreegje?

Dan kinne jo ûnder mear terjochte by de ANWB.

Twadde paspoart

Reizgje jo in soad, ek nei lannen dy’t mei elkoar yn konflikt binne? Of hawwe jo jo paspoart tydlik ynlevere yn ferbân mei in fisumoanfraach? Jo kinne dan in twadde paspoart oanfreegje.

Sakepaspoart

Geane jo faak nei it bûtenlân? Dan is it sakepaspoart miskien wat foar jo. It hat mear siden as it gewoane paspoart: 66 yn stee fan 34. Sa hawwe jo mear romte foar dûanestimpels en fisa.

Kosten

Soart reisdokumint Bedrach
Paspoart en sakepaspoart (âlder dan 18 jier) € 83,80
Paspoart en sakepaspoart (jonger dan 18 jier) € 63,40
Identiteitskaart (âlder dan 18 jier) € 75,80
Identiteitskaart (jonger dan 18 jier) € 40,90
Reisdokumint flechtling/frjemdling € 63,40
Spoed € 57,00 ekstra
Reisdokumint besoargje litte € 3,50