Fluch oan:

Wat nimme jo mei nei it gemeentehûs?

  • Alle identiteitsbewizen en paspoarten dy’t jo hawwe. Ek as se ferrûn binne.
  • In pasfoto dy’t maksimaal 6 moanne âld is op it momint fan de oanfraach en dy’t foldocht oan de easken.
  • Jild. Jo betelje it sakepaspoart kontant of mei jo pinpas.
  • Freegje jo as âlder in sakepaspoart oan foar jo bern?
    • Nim jo bern mei nei it gemeentehûs. Ek by it opheljen moat jo bern wer mei.

Jonger as 18 jier?

By de oanfraach fan immen jonger as 18 jier is de tastimming fan alle gesachshâlders nedich. Ien âlder of gesachhâlder moat mei foar de oanfraach. Tastimming oanfreegje kin fia it online formulier Ferklearring tastimming foar minderjierrige bern of it dokumint Ferklearring tastimming foar minderjierrige bern (PDF, 442.13 KB). Kieze jo foar it ynfullen fan it dokumint, dan moatte jo ek in kopy fan jo legitimaasje meinimme.

BInne jo jo identiteitskaart kwyt of is er stellen?

Jou dit sa fluch mooglik digitaal troch oan de gemeente. Dit is nedich om misbrûk foar te kommen. Nei dizze melding ferklearje wy jo identiteitskaart ûnjildich. As jo it weromfine, kinne jo it dus net mear brûke. Jo moatte it dan ynleverje by de gemeente.

Wolle jo of kinne jo de fermissing net digitaal trochjaan?

Meitsje dan in ôfspraak by de gemeente. Jo folje in ferklearring fan fermissing yn oan de baalje fan it gemeentehûs. Wy stelle jo identiteit fêst. Dêrnei freegje jo direkt jo nije dokumint oan. Jo hoege gjin oanjefte by de plysje mear te dwaan.

Reizgje mei jo bern

Bern moatte altyd in eigen paspoart of identiteitskaart by har hawwe as se nei it bûtenlân reizgje. Guon lannen wolle in ferklearring dêr’t yn stiet dat de folwoeksene dy’t mei it bern mei reizget, echt de âlder of gesachhâlder is. Ynformearje hjirnei by de ambassade of it konsulaat fan it lân dêr’t jo hinne wolle. Ynformaasje oer kontrôle oan de Nederlânske grins fine jo op de webside fan de Ryksoerheid.

Hoe lang is in sakepaspoart jildich?

  • In nij sakepaspoart foar folwoeksenen is 10 jier jildich.
  • In nij sakepaspoart foar bern en jongerein ûnder de 18 jier is 5 jier jildich.

Sakepaspoart besoargje litte?

In oanfrege paspoart kinne jo thús of op jo wurk besoargje litte.

Fisum

Elk lân hat eigen regels foar bûtenlanners dy’t it lân besykje. Soms is in jildich Nederlânsk paspoart genôch. It is ek mooglik dat jo in fisum nedich hawwe.

Wolle jo witte oft jo in fisum nedich hawwe foar it lân dêr’t jo hinne wolle?

Mear ynformaasje lêze jo op de webside fan De Ryksoerheid.

Wolle jo in fisum oanfreegje?

Dan kinne jo ûnder mear terjochte by de ANWB.

Kosten

Soart reisdokumint Bedrach
Paspoart en sakepaspoart (âlder dan 18 jier) € 83,80
Paspoart en sakepaspoart (jonger dan 18 jier) € 63,40
Identiteitskaart (âlder dan 18 jier) € 75,80
Identiteitskaart (jonger dan 18 jier) € 40,90
Reisdokumint flechtling/frjemdling € 63,40
Spoed € 57,00 ekstra
Reisdokumint besoargje litte € 3,50