Fluch oan:

Berneboargemaster

Elk jier kiest de gemeente in nije berneboargemaster en loko-berneboargemaster. De berneboargemaster is ien jier lang de fertsjintwurdiger fan alle bern yn de gemeente Ljouwert. Mear ynformaasje fine jo op de webside fan de Gemeenteried.

Berne-Ideeëmerk

Sûnt 2025 hawwe wy in Berne-Ideeëmerk. Dit is in oar projekt as de Berneried. Mear ynformaasje fine jo op de webside fan de Gemeenteried.

Winnende útstellen fan de Berneried

  • 2024: OBS de Finne, Warten. Foarstel: De merke yn Warten útwreidzje en mear minsken lûke mei spultsjes lykas bubbelfuotbal en XXL damjen, XXL fjouwer op in rige, ringsmiten, XXL jenga ensfh. Se wolle dizze spultsjes oanskaffe en ek fergees útliene oan skoallen.
  • 2023: Gjin berneried. Dit yn ferbân mei de organisaasje fan de Lanlike Dei foar Berneboargemasters yn Ljouwert.
  • 2022: Gjin berneried yn ferbân mei it Covid 19-firus (te min tariedingstiid).
  • 2021: Gjin berneried yn ferbân mei it Covid 19-firus.
  • 2020: Gjin berneried yn ferbân mei it Covid 19-firus.
  • 2019: Maximaskoalle. Foarstel: grutte bak-dei.
  • 2018: Keningin Wilhelminaskoalle, lokaasje Transvaalstrjitte. Foarstel: survival-boarterstún by de Rengershal.
  • 2017: Dr. Algraskoalle. Foarstel: ûntwikkeljen fan in app/game foar bern dy’t oanslút by LF2018 (Kulturele Haadstêd).
  • 2016: Ljouwerter Skoalferiening. Foarstel: meitsjen fan in kist mei allegear (âld)Hollânske spultsjes en in kwis. Dy meie alle skoallen út de gemeente Ljouwert liene. It doel is om flechtlingebern te helpen mei yntegrearjen.
  • 2015: Willem Alexanderskoalle. Foarstel: it meitsjen fan in kist mei allegear spultsjes deryn foar in seiskamp dy’t alle skoallen yn de gemeente Ljouwert liene meie.
  • 2014: OBS de Pionier. Foarstel: It bouwen fan in Bûtenklasse.
  • 2013: Keningin Wilhelminaskoalle. Foarstel: ‘Crazy Sportdei’, ien dei lekker gek dwaan en alles dwaan wat thús net kin. Lykas spekhappe fan in trampoline ôf of in wettergefjocht hâlde. Yn it skoft jout dûnsskoalle Urban Raw in optreden.
  • 2012: Prins Mauritsskoalle. Foarstel: ‘Sport en bewegen’, it ûntwerpen fan in sportkalinder yn gearwurking mei BV Sport. En it organisearjen fan sportclinics yn de simmermoannen yn de wyk Bilgaard.
  • 2011: IBS De Wester. Foarstel: ‘Der op út’, in leskist mei fragen, opdrachten en materialen foar in speurtocht troch it Ljouwerter Bosk.
  • 2010: IBS De Wielen. Foarstel: ‘Green Stars’, it opknappen fan âlde boarterstastellen yn de Griene Stjer en it oanlizzen fan in aventoerepaad by it strân.

10 jier Berneried

Yn 2014 bestie de Berneried 10 jier. Dêrom hat de Gemeente Ljouwert doe in Berneriedsjoernaal makke oer de Berneried fan de jierren derfoar. Dit kinne jo hjir fine:

Der is ek in moaie film makke, ynklusyf it konsert fan B-Brave. Dit konsert wie in kadootsje fan de Gemeente Ljouwert oan alle bern út de groepen 6, 7 en 8.