Keninklike ûnderskieding
Jo kinne immen foardrage foar in keninklike ûnderskieding.
Wa komt yn oanmerking foar in lintsje?
In ynwenner fan de gemeente Ljouwert komt hjirfoar yn oanmerking as dyjinge:
- Him/har jierrenlang belangeleas ynset foar de mienskip.
- Mear dien hat as gewoanwei fan immen ferwachte wurde mei.
Wannear freegje jo in lintsje oan?
- Utrikking ûnder lintsjesrein: op syn lêst op 1 juny fan it jier derfoar.
- Utrikking by in bysûndere gelegenheid: op syn lêst 6 moannen foar dy gelegenheid.
Hoe melde jo immen oan?
- Folje it online fersykformulier yn. Dat formulier komt by de meiwurker Kabinetssaken fan de gemeente Ljouwert. Dy besjocht oft dyjinge dy’t jo oanmelde wolle yndied foar in lintsje yn oanmerking komt.
Wat bart der nei de oanmelding?
- De boargemaster, de kommissaris fan de Kening en it Kapittel foar de Sivile Oarders yn Den Haach jouwe advys oer jo foarstel oan de minister.
- De minister nimt in beslút.
- As de minister akkoart is, ûndertekenet de kening de foardracht.
- De boargemaster ynformearret jo oer dit keninklik beslút.
Wannear is de útrikking?
De boargemaster kin it lintsje útrikke:
- By de jierlikse lintsjesrein op de lêste wurkdei foar Keningsdei.
- By in bysûndere gelegenheid, lykas in ôfskied of jubileum.
Fragen of help nedich?
Sjoch earst sels op de website Keninklike Underskiedingen. Hawwe jo dan noch hieltyd help nedich of fragen? Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Fluch oan: