Privacy
Ferzje fan jannewaris 2020
As ynwenner binne jo ferbûn oan ús gemeente. Dat betsjut dat wy jo persoansgegevens brûke. Hjirûnder lizze wy út hoe’t de gemeente Ljouwert mei jo persoansgegevens omgiet.
Gjin tiid om te lêzen?
Besjoch yn dit filmke ‘Hoe geane wy om mei de privacy fan ynwenners’ hoe’t de gemeente mei persoansgegevens omgiet.
Funksjonaris foar Gegevensbeskerming
De gemeente Ljouwert hat in Funksjonaris foar Gegevensbeskerming (FG) oansteld. De FG is in ûnôfhinklik tafersjochhâlder dy’t binnen de organisaasje kontrolearret oft de gemeente him hâldt oan de privacyregels. Tink bygelyks oan de ‘Algemiene Feroardering Gegevensbeskerming’ (AVG), de ‘Privacyrjochtline’ en ferskate oare regels lykas de ‘Utfieringswet Algemiene Feroardering Gegevensbeskerming’ (UAVG), de ‘Wet Basisregistraasje Persoansgegevens’ (BRP) en noch folle mear.
Jo kinne kontakt opnimme mei de FG foar al jo fragen oer de ferwurking fan persoansgegevens. Dat kinne jo dwaan troch:
- It digitale formulier op de pagina ‘Persoansgegevens’ yn te foljen.
- In brief te skriuwen nei:
Gemeente Ljouwert
Oan Funksjonaris Gegevensbeskerming
Postbus 21000
8900 JA Ljouwert - In e-mail te stjoeren nei: gemeente@leeuwarden.nl.
Wêrom hâlde wy jo gegevens by?
Om jo helpe te kinnen, ferwurkje wy jo persoansgegevens. Dat begjint op it stuit fan ynskriuwing yn ’e gemeente en duorret oant de oanjefte fan in ferstjerren ta. Sa lang’t jo ynwenner fan de gemeente binne, hawwe jo op ferskate manieren mei de gemeente te krijen. Tink bygelyks oan jo gemeentlike belestingoanslach, it fêstlizzen fan in houlik, it beoardieljen fan jo status foar de oanfraach fan in fergunning, útkearing of soarchfoarsjenning, of it tafoegjen fan jo (fer)bougegevens oan it Kadaster. Alles komt fuort út de taak of ferplichtingen dy’t de gemeente hat.
Wolle jo dat de gemeente wat foar jo docht? Bygelyks troch in útkearing oan te freegjen? Dan is it eins altyd nedich om jo persoansgegevens troch te jaan. Dogge jo dat net? Dan kinne wy jo net helpe en wize wy jo oanfraach ôf.
Wolle jo noch wat spesifiker witte wannear’t hokker gegevens fan jo ferwurke wurde? Hjirûnder stiet in grut part fan de ferskate taken en aktiviteiten fan de gemeente. As jo dêrop klikke, lêze jo mear oer hokker persoansgegevens wy dêrby brûke.
Register fan ferwurkingen
Yn it ‘Register fan ferwurkingen’ stiet wat de gemeente Ljouwert docht mei persoansgegevens. In persoansgegeven is alle ynformaasje oer in yndentifisearre of yndentifisearbere natuerlike persoan. Dat betsjut dat ynformaasje of fuortdalik oer immen giet, of nei dy persoan werom te bringen is. Bygelyks jo namme, adres, wenplak, telefoannûmer, e-mailadres of postkoade mei hûsnûmer.
Wat stiet der yn it register?
- Wa’t ferantwurdlik is foar it gebrûk fan persoansgegevens (sa as de boargemaster).
- Wêrom’t wy persoansgegevens brûke.
- Wêrom’t wy de persoansgegevens bewarje.
- Fan wa’t wy persoansgegevens brûke en bewarje.
- Hokker persoansgegevens wy brûke.
- Hoe lang’t wy persoansgegevens bewarje.
- Oan wa’t wy de persoansgegevens jouwe.
Wat stiet yn de AVG (Algemiene Feroardering Gegevensbeskerming)?
Hjiryn stiet hokker gegevens yn it register stean moatte. Yn 12 kolommen stiet ynformaasje oer:
- Namme ôfdieling (hokker ôfdieling fan de gemeente Ljouwert dit proses útfiert).
- Ferwurking (wat der dien wurdt).
- Ferwurkingsomskriuwing (útlis oer wat der dien wurdt).
- Ferwurkingsferantwurdlike (wa’t ferantwurdlik is).
- Ferwurkingsdoelen (wêrom’t wy dit dogge).
- Rjochtmjittige grûnslach (wêrom’t wy dit dwaan meie).
- Kategoryen fan belutsenen (fan wa’t wy persoansgegevens brûke).
- Kategoryen fan persoansgegevens (hokker persoansgegevens wy brûke).
- Bewartermyn (hoe lang’t wy de persoansgegevens bewarje meie).
- Kategoryen fan ûntfangers (wa’t wy de persoansgegevens jouwe).
- Gearwurkjende partijen + konventant/privacy-protokol (oft wy mei oaren gearwurkje).
- Mienskiplike ferantwurdlikens (oft de gemeente Ljouwert en de gearwurkjende partij beide ferantwurdlik binne).
Hawwe jo fragen oer it register?
Stjoer in e-mail nei de Funksjonaris foar Gegevensbeskerming fia gemeente@leeuwarden.nl.
Yn de privacyferklearring stiet hoe’t de gemeente mei jo persoansgegevens omgiet en wat jo rjochten binne. Mear ynformaasje fine jo op dizze pagina yn ûndersteande tabkes.
Persoansgegevens ‘Klantkontakt’
Jo kinne belje of fia kontaktformulieren kontakt opnimme mei de gemeente. Jo kinne fansels ek lânskomme op it gemeentehûs. Jo kinne foar ferskate doelen kontakt mei ús opnimme.
As jo bygelyks belje foar in nije folder, dan hawwe wy jo adresgegevens nedich om jo de folder stjoere te kinnen. Wy hawwe dan in saneamd ‘rjochtfeardige belang’ om jo gegevens te notearjen, sadat wy jo de ynformaasje tastjoere kinne. Komme jo lâns foar de oanfraach fan in fergunning of foarsjenning? Ek dan hawwe wy bepaalde persoansgegevens nedich. Dat is yn ’e wet fêstlein. As jo kontakt mei ús opnimme, freegje wy jo meastal om de folgjende gegevens:
- BSN
- Bertedatum
- NAW (namme, adres, wenplak) en kontaktgegevens
Wy binne ek berikber fia WhatsApp, Twitter, Facebook en Live Chat. De feiligens om te kommunisearjen fia dy kanalen is spitigernôch net altyd garandearre. Wy riede jo dêrom oan om sa min mooglik persoanlike gegevens fia dy kanalen mei ús te dielen. Persoansbûne fragen, lykas oer in beskikking, fergunning of dossier wurde troch ús net fia dy kanalen beäntwurde, omdat dêr identifikaasje foar nedich is. As jo jo telefoannûmer efterlitte, nimme wy kontakt mei jo op om jo fan tsjinst wêze te kinnen. Dêrby wurde earst in oantal identifisearjende fragen steld.
Persoansgegevens ‘Basisregistraasjes’
De gemeente moat ûnderskate basisregistraasjes byhâlde. Tink bygelyks oan de Basisregistraasje Persoanen (BRP), de Basisregistraasje Adressen en Gebouwen (BAG) en de Basisregistraasje Wurdearring Unreplike Saken (WOZ). Dy taken binne dellein yn kêst 1.4 Wet BRP, kêst 2 Wet BAG en kêst 1 Wet WOZ. Hokker gegevens wy byhâlde, ferskilt per systeem. Wy registrearje ûnder mear jo:
- NAW-gegevens
- Geslacht
- Nasjonaliteit
- Bertedatum
- Berteplak
- Gesinsrelaasje
- Boargerlike steat
- BSN
- Administraasjenûmer
- Gegevens oer jo bern
- Ferbliuwplak
- Ferbliuwstitel, as jo út in oar lân komme
- Gesachsferhâlding en kuratele. Minderjierrigen falle ûnder it gesach fan âlden of fan in fâd of fersoarger. Dat wurdt yn it BRP fêstlein, lyk as wannear’t immen ûnder kuratele steld wurdt.
- Reisdokumint
- Gegevens oer jo kiesrjocht, as jo hjirfan útsletten binne
Persoansgegevens ‘Belesting en heffingen’
De gemeente moat de ynwenners gemeentlike belestingen betelje litte. Dat is yn ’e Gemeentewet en oare gemeentlike regels fêstlein. Dêrfoar brûke wy ûnder mear jo:
- BSN
- NAW- en kontaktgegevens
- Geslacht
- Bertedatum
- Berteplak
- Ferbliuwplak en famyljerelaasjes
- Kadastrale gegevens
- WOZ-wearden
- Gegevens ûndernimmingen
- Jo (kenteken)registraasjes by de RDW
- Arbeids-/útkearingsrelaasjes
- Finansjele gegevens
- IBAN-nûmer
Persoansgegevens ‘Soarch, ûnderwiis en jeugd’
De gemeente is ferantwurdlik foar it goed útfieren fan de Jeugdwet (kêst 2.6 Jeugdwet) en de Wet maatskipplike ûndersteuning 2015 (kêst 2.1.1 Wmo). De gemeente biedt help en soarch by bygelyks opgroei- en opfiedingsproblemen, jeugdsûnenssoarch, berneopfang, learlingeferfier en it opstellen fan in trajektplan.
Bern fan 6 oant 16 jier binne learplichtich en de learplichtamtner fan de gemeente hâldt tafersjoch. Dat moat neffens kêst 16 fan de Learplichtwet 1969. Foar al dy saken leit de gemeente ûnderskate gegevens fêst, fan sawol de bern as de âlden. Dat dogge wy om ús wurk sa goed mooglik dwaan te kinnen en jo sa goed mooglik helpe te kinnen.
Fan bern ferwurkje wy de folgjende gegevens:
- NAW- en kontaktgegevens
- Bertedatum
- Geslacht
- BSN/ûnderwiisnûmer
- Administraasjenûmer
- Nasjonaliteit
- Ynskriuwgegevens gemeente
- Yn- en útskriuwingen skoalle
- Fersomgegevens
- Gegevens oer de sûnens
Fan âlden ferwurkje wy de folgjende gegevens:
- NAW- en kontaktgegevens
- BSN
- Geslacht
- Bertedatum
- Bankgegevens (by fergoedingen)
- Ynkommensferklearring (by oanfraach fergoedingen)
Persoansgegevens ‘Wurk, útkearing en skulden’
De gemeente moat har ynwenners stypje by jildsaken, it finen fan wurk (eventueel troch de wei fan re-yntegraasje) en as dat nedich is mei it jaan fan in útkearing. Dat is ûnder oaren regele yn kêst 7 Partisipaasjewet. Om jo goed helpe te kinnen en om sjen te kinnen oft jo rjocht hawwe op beskate foarsjennings, lizze wy jo persoansgegevens fêst. De gemeente brûkt hjirfoar ûnder mear de folgjende gegevens:
- NAW- en kontaktgegevens
- Bertedatum
- BSN
- Finansjele gegevens
- Bankgegevens
- Gegevens oer de sûnens (as dat ynfloed hat op oft jo wer oan it wurk kinne of in útkearing nedich hawwe)
- Strafrjochtlike gegevens (foar rjocht op in útkearing)
Dêrneist wol de gemeente jo helpe as jo skulden hawwe. De gemeente krijt it dêrom te hearren as jo bygelyks jo hier of enerzjyrekken net mear betelje. De wenningstifting, it enerzjybedriuw of de soarchfersekerder jout dat oan ús troch. Ek dit is by wet regele, nammentlik yn kêst 3 fan de Wet Gemeentlike Skuldhelpferliening.
Persoansgegevens ‘Fergunningen en ûntheffingen’
De gemeente is ferantwurdlik foar it ôfjaan fan in soad fergunningen en ûntheffingen. Tink bygelyks oan in omjouwingsfergunning, in fergunning foar hoareka of parkearen, of oan in ûntheffing foar lade en losse. Hokker persoansgegevens dêrfoar nedich binne, hinget ôf fan de fergunning of ûntheffing. Dat is yn ’e wet en oare regels fêstlein.
Persoansgegevens ‘Hanthavening, tafersjoch en feiligens’
De gemeente is ferantwurdlik foar tafersjoch en hanthavening op it mêd fan leefberens en feiligens fan de iepenbiere romte (de wiken yn ’e stêd en de doarpen dêr omhinne). Tink bygelyks oan it ûntromjen fan kreakpannen, it sluten fan drugspannen, neisoarch by de weromkear fan (eks-)detinearren en kameratafersjoch om de iepenbiere oarder te kontrolearjen. Mar it giet ek om it foarkommen fan strafbere feiten en it stypjen fan it opspoaren fan strafbere feiten troch de plysje. Dit is yn it algemiene belang, nammentlik foar de feiligens fan jo en jo omjouwing. Ek yn dizze gefallen is it nedich om persoansgegevens fêst te lizzen, tink bygelyks oan:
- NAW- en kontaktgegevens (fan de belutsene en eventuele famyljeleden)
- BSN
- Aliassen en bynammen
- Bertedatum
- Berteplak
- Byldmateriaal fan belutsenen
- Aard, oarsaak, omfang en lokaasje fan algemien of spesifyk hinderlik gedrach
- Strafrjochtlike gegevens
- Finansjele gegevens
- Oare bysûndere persoansgegevens lykas oer seksueel aard, godstsjinst en politike oertsjûging
Persoansgegevens ‘Kameratafersjoch yn en om gemeentlike gebouwen’
De gemeente kin kamera’s ophingje yn en om gemeentlike gebouwen. It kameratafersjoch is yn it foarste plak foar de befeiliging fan persoanen, gebouwen, terreinen en saken dy’t oan de soarch fan de gemeente tafertroud binne. Dêrneist kinne wy troch de kamera’s sjen oft minsken mei in gebouferbod har oan dat ferbod hâlde. En de kamera’s binne der foar de beskerming fan publike persoanen lykas bygelyks de boargemaster. De gemeente hat hjir ek in saneamd ‘rjochtfeardige belang’ om dy feiligens boargje te kinnen. As der wat bard is, kinne de minsken dy’t dêrby belutsen wienen identifisearre wurde fia de kamerabylden. Dat binne dan strafrjochtlike gegevens. Dat dy bylden brûkt wurde meie, stiet yn kêst 33, lid 2, sub b, UAVG.
Gearwurking
Om ús wurk goed dwaan te kinnen, wurkje wy as gemeente gear mei ferskate partners, ynstellingen, oanbieders en oare oerheidsynstellingen. Tink bygelyks oan:
- De Sosjale Fersekeringsbank (SVB)
- Soarchoanbieders
- Maatskiplike tsjinstferlieners
- Ferwizers (lykas in húsdokter)
- Skuldhelpferlieners
- Partijen dy’t út namme fan de gemeente hannelje (lykas Amaryllis)
- UWV
- Re-yntegraasjeburo’s
Mei alle partijen dêr’t wy mei gearwurkje, hawwe wy goede ôfspraken makke oer it beskermjen fan jo privacy. Dy ôfspraken steane yn ’e wet of yn in kontrakt dat wy mei dy partijen hawwe.
Wy jouwe net samar gegevens troch oan oare lannen
De gemeente Ljouwert bewarret de gegevens allinnich binnen de Ekonomyske Europeeske Romte (EER). Sterker noch; it grutste part fan de gegevens slaan wy op yn datacenters yn Ljouwert sels.
De gemeente makket ek gebrûk fan saneamde ‘cloud-applikaasjes’. De gegevens wurde hast allegear yn Nederlân bewarre. Jo persoansgegevens binne dus altyd op itselde Europeeske nivo beskerme.
Wy binne ek net fan doel de gegevens troch te jaan oan lannen bûten de Ekonomyske Europeeske Romte of om dêr gegevens op te slaan. Dat jildt ek foar lannen dêr’t de Euroeeske Kommisje gjin adekwaatheidsbeslút foar ôfjûn hat.
Bewarterminen
De gemeente makket en krijt in hiel soad ynformaasje. Dy ynformaasje is wichtich foar de organisaasje fan de gemeente sels, mar ek om sjen litte te kinnen wêrom’t de gemeente beskate dingen docht. Dat is nedich foar de publike ferantwurding, rjochtsfining en út kultuer-histoarysk eachpunt wei. Der binne dêrom regels dy’t derfoar soargje dat oerheidsorganisaasjes harren ynformaasje goed bewarje. Dy regels steane yn de Argyfwet en de regels binne foar de gemeente útwurke yn de saneamde ‘seleksjelist’. Dêryn stiet presys hoe lang’t de gemeente ûnderskate soarten ynformaasje bewarje moat om it dêrnei te ferneatigjen. Hoe lang’t ynformaasje bewarre wurde moat, hinget ôf fan it soart ynformaasje. En oft de ynformaasje bygelyks brûkt is by in rjochtsaak. Sommige ynformaasje mei sels noait ferneatige wurde en moat einleas bewarre wurde.
Hawwe jo in fraach oer bewarterminen? Stel se dan oan ús Funksjonaris Gegevensbeskerming. Of kom lâns yn it Historysk Sintrum Leeuwarden (HCL). Dêr wurdt foar tûzenen strekkende meters oan histoaryske dokuminten fan de Gemeente bewarre yn spesjale argyfkelders mei klimaatbehearsking. Saakkundige meiwurkers helpe de besikers graach by harren speurtocht yn ’e argiven, befolkingsregisters, foto’s, boutekeningen en in hiel soad oare boarnen.
Jo rjochten
Tinke jo dat jo persoansgegevens net doge? Of wolle jo leaver net dat beskate persoansgegevens by de gemeente Ljouwert bewarre bliuwe? Jo kinne jo eigen persoansgegevens ynsjen en as dat nedich is ferbetterje of skrasse litte. Jo kinne:
- Ynsjoch freegje yn de persoansgegevens dy’t wy fan jo fêstlein hawwe, sadat jo kontrolearje kinne oft dy gegevens doge en goed yn it systeem steane.
- Us freegje de persoansgegevens te wizigjen, te ferbetterjen of oan te foljen as dy ûnfolslein binne.
- Us freegje om de ferwurking te beheinen, gegevens te skrassen of beswier te meitsjen tsjin it fêstlizzen fan dy gegevens.
- Freegje om ekstra ynformaasje. Hawwe jo nei oanlieding fan dizze privacyferklearring noch altyd fragen oer hoe’t de gemeente yn syn algemienens mei persoansgegevens omgiet? Dy fragen kinne jo ús altyd stelle.
- In klacht yntsjinje by de Funksjonaris Gegevensbeskerming of streekrjocht by de autoriteit Persoansgegevens. Dat lêste kinne jo dwaan fia de webside ‘Autoriteit Persoonsgegevens’ De Autoriteit sil jo faak freegje earst kontakt op te nimmen mei de Funksjonaris Gegevensbeskerming fan de gemeente foar de behanneling fan jo klacht.
Hawwe jo earder tastimming jûn foar it fêstlizzen fan bepaalde gegevens? Dan kinne jo dy tastimming wer ynlûke. Tastimming jaan is eins hast noait fereaske.
Wolle jo jo digitale gegevens yn in digitaal bestân opfreegje? Dat wurdt ek wol ‘dataportabiliteit’ neamd. Dat kin allinnich as it fêstlizzen fan dy gegevens bard is op grûn fan in oerienkomst of op grûn fan jo tastimming. Dat is by de gemeente eins hast noait it gefal. Ferhúzje jo nei in oare gemeente en wolle jo wichtige ynformaasje dy’t wy ditigaal yn ús besit hawwe dochs meinimme nei jo nije gemeente? Nim dan kontakt mei ús op om te sjen wat wy foar jo betsjutte kinne.
Fersyk yntsjinje of fragen stelle
It ynsjochtrjocht yn ’e AVG is bedoeld om de gemeente kontrolearje te kinnen:
- Wurde myn gegevens brûkt?
- Sa ja, bart dit neffens de wet?
Dat betsjut net automatysk dat jo in kopy ûntfange.
Wolle jo in kopy fan in dossier of saak ûntfange?
Dat kin fansels. Wy wolle graach witte wêrom’t jo de oanfraach dogge.
Hoe kinne jo in oanfraach dwaan?
Rin dizze digitale fragelist troch. Jo komme fansels by it juste formulier út.
Freegje jo om ynsjoch of kopyen fan josels of fan in oar? Ynlogge mei DigD is ferplicht.
By algemiene frage is ynloggen mei DigiD net nedich.
Leaver telefoanysk kontakt of lânskomme op it Gemeentehûs? Dat kin ek. Wy notearje jo gegevens en jo wurde belle foar it meitsjen fan in ôfspraak.
Nim dan in jildich legitimaasjebewiis mei.
Kontaktgegevens
- Adres:
Gemeente Ljouwert
Aldehoustertsjerkhôf 2
Postbus 21000
8900 JA Ljouwert - Telefoannûmer:
14 058 - Op de pagina ‘Kontakt’ steane de iepeningstiden fan it Gemeentehûs.
Funksjonaris foar Gegevensbeskerming
De gemeente Ljouwert hat in Funksjonaris foar Gegevensbeskerming oansteld (FG). De FG is in ûnôfhinklik tafersjochhâlder dy’t binnen de organisaasje kontrolearret oft de gemeente him hâldt oan de privacyregels. Tink bygelyks oan:
- De Algemiene Feroardering Gegevensbeskerming (AVG).
- De Privacyrjochtline.
- De Utfieringswet Algemiene Feroardering Gegevensbeskerming (UAVG).
- De Wet Basisregistraasje Persoanen (BRP).
- En sa mear.
Kontakt opnimme mei de Funksjonaris Gegevensbeskerming

- It digitale formulier yn te foljen op de pagina ‘Persoansgegevens’.

Wat dogge wy as wy in fersyk fan jo krije?
Identifikaasje
Wy freegje jo altyd om jo earst te identifisearjen. Wy moatte ommers wis wêze dat jo binne wa’t jo sizze te wêzen. Dat is om josels en om oaren te beskermjen. Identifikaasje kin barre op de folgjende manieren:
- Elektroanysk troch it fersyk fia it digitale formulier op de pagina ‘Persoansgegevens’ yn te tsjinjen. Jo wurde dan troch de wei fan DigiD identifisearre.
- Komme jo nei it Gemeentehûs? Dan moatte jo in jildich legitimaasjebewiis sjen litte. In kopy is net genôch.
- Wolle jo út namme fan immen oars in fersyk yntsjinje? Dat kin troch tegearre mei dy persoan en syn/har DigiD it digitale formulier foar fersiken yn te foljen. Komme jo leaver nei it Gemeentehûs? Soargje dan foar in skriftlike machtiging en in jildich identifiteitsbewiis fan josels as likegoed in (kopy fan it) identiteitsbewiis fan dejinge om wa’t it giet.
- Wolle jo de persoansgegevens fan jo bern besjen? Dan sjogge wy earst yn ús systeem oft jo it âlderlik gesach hawwe.
Behanneling
Nei it fêststellen fan jo identiteit nimt de Funksjonaris foar Gegevensbeskerming (FG) jo fersyk yn behanneling. De FG besjocht dêrnei oft jo fersyk foldoch oan de wet- en regeljouwing en de rjochtlinen fan de gemeente. As jo ús alle gegevens jûn hawwe en jo fersyk oan de wetlike easken foldocht, besykje wy om jo fersyk binnen in moanne ôf te hanneljen. It kin wêze dat wy noch oanfoljende fragen hawwe.
Hawwe jo in hiel yngewikkeld fersyk? Dan hawwe wy noch wat langer nedich om oan jo fersyk te foldwaan, mar dat hearre jo gau fan ús.
Yn ús reaksje helje wy de nammen fan oare minsken fuort. Tink bygelyks oan nammen fan melders, kleiers of meiwurkers. Sy hawwe ommers, lykas jo, rjocht op de beskerming fan harren privacy.
As jo it net iens binne mei ús beslút, dan hawwe jo it rjocht om in beswierskrift yn te tsjinjen tsjin dat beslút. Yn de brief lizze wy út hoe’t jo dit dwaan kinne en binnen hokker termyn.
Foldogge wy net of mar foar in part oan jo fersyk, dan lizze wy yn it beslút út wêrom. Binne jo benijd hokker rjochtlinen de gemeente hjirfoar hantearret? Lês dan hjirûnder fierder.
Net of mar foar in part foldwaan oan in fersyk
Soms kinne wy jo fersyk (foar in part) wegerje. Dat kin bygelyks yn ûndersteande gefallen:
- As de wegering needsaaklik is yn it belang fan de nasjonale feiligens, de iepenbiere feiligens, de foarkomming, opspoaring en ferfolging fan strafbere feiten. Of om belutsenen of de rjochten en frijheden fan oaren te beskermjen. Of oare yn kêst 23 AVG neamde beheiningen. As der bygelyks in fersyk dien wurdt yn it dossier fan in bern, wylst der in reedlik fermoeden bestiet dat dy ynformaasje misbrûkt wurde kin by in skieding, dan wegerje wy it fersyk om it bern en de partner te beskermjen. In ynsjochfersyk kin ek wegere wurde as der in fraudeûndersyk rint (yn ’e tiid fan de oanfraach) dêr’t it fersyk mei te krijen hat.
- As it fersyk te krijen hat mei in rinnende beswier- of beropsproseduere. Foar de earlikheid fan it proses, foar jo likegoed as foar de gemeente, kin jo fersyk yn in rinnende beswier- of beropsproseduere wegere wurde. Jo krije de stikken dan nammentlik al.
- As it fersyk sa’t dat hjit ‘bûtenspoarich’ is. Jo meie op syn meast twa fersiken per kalinderjier dwaan dy’t te krijen hawwe mei itselde ûnderwerp of deselde saak.
- As it fersyk net beheind is ta in inkele foarsjenning, saak of dossier. Dat hat as reden dat de gemeente in hiel soad taken hat. De hoemannichte gegevens dy’t dêrby ferwurke wurde, is enoarm. Dêrom kinne wy net oan in algemien fersyk foldwaan. Om dy reden wurde jo altyd fersocht it fersyk te spesifisearjen.
- As jo net foldogge oan de easken dy’t oanjûn binne. Bygelyks as jo jo net identifisearje kinne of as jo freegje om ynformaasje dêr’t jo gjin rjocht op hawwe.
- As wy tinke dat der sprake is fan misbrûk fan rjocht. Jo kinne jo persoansgegevens ynsjen om te sjen oft se goed fêstlein binne. Jo meie dat rjocht net brûke om bygelyks in fergunning oan te fjochtsjen.
- Soms is in Woo-fersyk in better middel om beskate ynformaasje boppe wetter te krijen. Op de pagina ‘Woo-fersyk yntsjinje’ fine jo mear ynformaasje oer dit ûnderwerp.
Automatisearre beslútfoarming en profilearring
De gemeente wit dat de gemiddelde ynkommens yn beskate postkoadegebieten heger of leger lizze. Of yn hokker wiken mear kriminaliteit foarkomt as gemiddeld. Mar dat hat gjin ynfloed op de belesting dy’t jo betelje. De gemeente docht dus net oan wat wy ‘profilearring’ neame.
In foarbyld: Ien fan de taken fan de gemeente is it heffen fan belestingen. Tink bygelyks oan de ôffalstoffeheffing. Hoefolle’t jo betelje ferskilt. Wenje jo alinnich? Dan betelje jo it ienpersoanstaryf. Wenje jo mei meardere persoanen? Dan betelje jo de mearpersoansheffing. It makket dus net út wêr’t jo wenje. Dy belesting wurdt bepaald fia automatyske beslútfoarming.
Fierdere ferwurking
Soms moat de gemeente jo persoansgegevens brûke foar oare doelen as dêr’t de persoansgegevens yn it begjin foar sammele binne. Dat kin allinnich wannear’t dit past by it oarspronklike doel. By twivel docht de gemeente earst in soarte fan risiko-analyze, in saneamde Privacy Impact Assessment (PIA).
Sa brûkt de gemeente (persoans)gegevens bygelyks om te ûndersykjen oft it gemeentlik belied goed wurket. Dat dogge wy om nij belied meitsje te kinnen en om de kwaliteit fan it belied te bewekjen. Om dit ûndersykje te kinnen, moatte wy soms gegevens kombinearje. Sa kinne wy bygelyks de learplichtadministraasje besjen om te ûndersykjen of nij belied op it gebiet fan yntegrale jeugdhelp op in beskate skoalle ek echt wurket. By dit soarte fan ûndersiken brûke wy hast altyd anonime gegevens.
Maatwurk
Omdat de gemeente ticht by de ynwenner stiet en ynwenners dêrom better betsjinje kin, krijt de gemeente hieltyd mear taken. De gemeente is ferantwurdlik foar in soad taken op it mêd fan bygelyks jeugd, feiligens, wolwêzen en soarch. Dêrom wurket de gemeente gear mei alle belutsenen yn it fjild oan in útfiering dy’t ticht by de ynwenner stiet en dêr’t wy yntegraal en oplossingrjochte by wurkje. Net ut de ferskillende wetten wei, mar útgeande fan de leefwrâld fan de persoan dy’t in helpfraach hat. Maatwurk!
De eigen krêft fan de ynwenner stiet hjirby noch altyd sintraal. Earst wurdt sjoen wat de ynwenner sels of mei help út syn as har omjouwing oplosse kin. Wannear’t dat net slagget, biedt de gemeente stipe.
Wat no as dy helpfraach al lang lyn formulearre is en de gemeente dus noch gjin maatwurk leverje kinnen hat? As jo bygelyks gebrûk meitsje fan meardere foarmen fan tsjinstferliening, stipe en wannear’t der ferskate helpferlieners en konsulinten by belutsen binne? Ut de gegevens dy’t by ús al bekend binne, kin dan blike dat der sprake is fan fersnipele tsjinstferliening. It kin wêze dat wy kontakt mei jo opnimme om in nij maatwurkplan mei jo op te stellen; ien húshâlding, ien plan, ien regisseur. Yn in soad gefallen docht Amaryllis dat út namme fan de gemeente. Wolle jo dêr net op wachtsje en hawwe jo driuwend ferlet om tegearre mei jo konsulint in maatwurkplan op te stellen dat hielendal ôfstimd is op jo helpfraach? Nim dan kontakt mei ús op.
Oare boarnen dêr’t jo gegevens wei komme
Soms nimt de gemeente (of Amaryllis út namme fan de gemeente), alhiel bûten jo ferwachtingen om kontakt mei jo op. Mooglik hawwe jo op dat stuit al jierren gjin kontakt mear mei de gemeente hân en sitte jo dêr miskien ek hielendal net op te wachtsjen. Dêr skrikke jo fansels fan. Dochs docht de gemeente dat net samar, en wy sille jo besykje út te lizzen wêrom.
Jo kinne sels de gemeente om help freegje. Mar de gemeente kin jo ek help oanbiede. De gemeente is ferantwurdlik foar ûnder oare soarchmijers, it ier sinjalearjen fan skuldproblemen, neisoarch fan (eks-)detinearren en de talitting nei ferplichte geastlike sûnenssoarch. Dêrneist hat de gemeente ferskate meldpunten, lykas foar bernemishanneling of oerlêst. Dat is allegear wetlik regele. Wy hawwe de plicht om sokke meldingen te ûndersykjen. En dan kin it wêze dat wy kontakt mei jo opnimme.
De gemeente krijt dus net allinnich ynformaasje fan josels, mar ek út oare boarnen. Wannear en fan wa is ôfhinklik fan jo spesifike situaasje. Tink bygelyks oan de folgjende partijen:
- Oare gemeenten
- It Sintraal Administraasje Kantoar (CAK)
- De Sosjale Fersekeringsbank (SVB)
- It Utfieringsynstitút Wurknimmersfersekeringen (UWV)
- Partijen neamd yn kêst 64 Partisipaasjewet
- Basisregistraasje Persoanen (BRP)
- Belestingtsjinst
- Gerjochtsdoarwarder
- Skuldeaskers
- Rijksdienst Wegverkeer (RDW)
- Dienst Uitvoering Onderwijs (DUO)
- Centraal Justitieel Incassobureau (CJIB)
- Plysje
- Regionaal Ynformaasje en EkspertiseSintrum (RIEC)
- Yn it ramt fan it ier sinjalearjen fan skulden komme de berjochten fan de folgjende partijen:
- Vitens
- De Friesland Zorgverzekeraar
- Eneco
- Oxxio
- Woonenergie
- Essent
- Wenningkorporaasjes
- Energiedirect.nl
- Veiligheidshuis Fryslân, dêr’t de folgjende ketenpartners yn dielnimme:
- Iepenbier Ministearje Noard-Nederlân (OM)
- Plysje Noard-Nederlân
- Rezjysintrum Beskerming en Feiligens (Jeugd- en Gesinsbeskerming en Veilig Thuis Friesland)
- Ried foar de Bernebeskerming Noard-Nederlân
- GGZ Fryslân
- Reklassearring Nederlân Midden-Noard
- Leger des Heils Jeugdbeskerming en Reklassearring Noard-East
- Ferslavingssoarch Noard-Nederlân (Reklassearring en soarch)
- Dienst Justitiële Inrichtingen Gearwurkingsferbân Noard (PI Ljouwert)
- Fryske Wenningkorporaasjes
- Feilichheidsregio Fryslân, dêrûnder GGD Fryslân
Jo gegevens by de oerheid en yn de Basisregistraasje Persoanen (BRP)
Net allinnich de gemeente Ljouwert brûkt jo persoansgegevens. Alle oerheidsynstânsjes yn Nederlân brûke gegevens fan jo.
In globaal oersicht krije jo fia de webside ‘Mijn Overheid’. Dêr sjogge jo hokker gegevens fan jo registrearre binne by de ferskate oerheidsorganisaasjes. Hjir kinne jo in oersicht krije fan jo gegevens yn de Basisregistraasje Persoanen (BRP).
Ek kinne jo hjir terjochte foar in globaal oersicht fan gegevens oer jo hûs, lykas de WOZ-wearde. Fia de webside fan Rijksoverheid sjogge jo hokker organisaasjes der yn de Basisregistraasje Persoanen (BRP) sjen kinne om harren wurksumheden út te oefenjen.
Geheimhâlding freegje
Jo kinne de gemeente freegje om jo gegevens út de Basisregistraasje Persoanen (BRP) net troch te jaan. Jo gegevens bliuwe dan geheim foar bepaalde organisaasjes. Dat is bygelyks nedich as jo yn in blijf-van-mijn-lijfhûs ferbliuwe. De geheimhâlding jildt foar alle gegevens út de BRP. Jo kinne allinnich foar josels en foar jo minderjierrige bern geheimhâlding oanfreegje. As jo bern mearderjierrich is, moat it sels geheimhâlding oanfreegje. Jo hoege net te fertellen wêrom’t jo geheimhâlding oanfreegje.
Hawwe jo jo gemeente frege om gjin persoansgegevens troch te jaan? Dan mei de gemente jo persoansgegevens net trochjaan oan bygelyks sportferieningen, tsjerklike organisaasjes of goede doelen. Wolle jo dizze geheimhâlding oanfreegje? Sjoch foar mear ynformaasje op de pagina ‘Geheimhâlding persoansgegevens’.
Hat in organisaasje jo gegevens nedich foar it útfieren fan harren taak? Bygelyks foar it ynbarren fan belesting of de betelling fan jo pensjoen? Dan moat de gemeente lykwols noch jo gegevens trochjaan. Jo gegevens bliuwe dan net geheim, ek al hawwe jo dat wol frege.
Befeiligingsmaatregels
Om jo persoansgegevens te befeiligjen, nimt de gemeente maatregels om bygelyks misbrûk, ferlies en ûnbefoege tagong foar te kommen. Dat dogge wy neffens de regels dy’t yn de Baseline Informatie Overheid (BIO) fêstlein binne. De BIO befettet regels oer ynformaasjebefeiliging foar de oerheid, it ryk, wetterskippen en de provinsjes. Tink bygelyks oan:
- It bepalen wa’t út syn/har funksje wei tagong ta beskate gegevens hawwe mei. Wa’t dit net nedich hat foar syn/har funksje, krijt gjin tagong.
- Meiwurkers hawwe in geheimhâldingsplicht en moatte as sy yn tsjint komme in Ferklearring Omtrint it Gedrach (in VOG) oerlizze.
- De opslach fan de gegevens bart op servers binnen de Europeeske Ekonomyske Romte (EER).
- It organisearjen fan trainingen foar ús meiwurkers, ûnder mear oer hoe om te gean mei persoansgegevens en datalekken.
- It byhâlden fan in register foar befeiligingsynsidinten en datalekken.
- De mooglikheid om gefoelige ynformaasje fersleutele te e-mailen.
Mear ynformaasje oer de BIO lêze jo op de webside fan de ‘Ynformatie Beveiligingsdienst’.
Datalek
Nettsjinsteande alle befeiligingsmaatregels kin it soms dochs fout gean. Tink oan it ferkeard adressearjen fan in e-mail, in dossier dat weirekket of in fergetten laptop yn ’e trein.
It is wichtich dat de gemeente dêr sa gau mooglik fan op ’e hichte steld wurdt. Dan kinne maatregels troffen wurde om slimmer foar te kommen.
Tinke jo dat der sprake is fan in datalek?
Meld dat dan oan ús Funksjonaris foar Gegevensbeskerming fia telefoannûmer 14 058 of stjoer in e-mail nei gemeente@leeuwarden.nl. Wy ûndersykje it datalek dan en besykje de gefolgen te beheinen. As dat nedich is, dogge wy in melding by de Austoriteit Persoansgegevens en de minsken dy’t belutsen binne.
Bodycams Hanthavening
Wêrom wurde bodycams ynset?
Wy wolle dat hanthaveners sa feilich en goed mooglik harren wurk dwaan kinne. Proeven by de plysje en yn oare stêden litte sjen dat bodycams in weardefol middel binne. Bygelyks om ûnfeilige situaasjes foar de hanthavener te de-eskalearjen en misjegening te ferminderjen.
Stiet de kamera altyd oan?
Ja, de kamera stiet altyd oan. De kamera bufferet standert foar de doer fan ien minút. Dy passyf makke bylden wurde dan nei dy termyn automatysk wer wiske. Pas as in hanthavener him ûnfeilich fielt of wannear’t in situaasje driget te eskalearjen, dan kin de hanthavener ‘aktyf’ de bodycambylden opslaan litte. In hanthavener besiket altyd bekend te meitsjen wannear’t hy/sy de kamera oanset.
Ik wol net filme wurde. Mei ik wegerje?
Nee, in hanthavener hat it foech om sels te bepalen wat opnommen wurdt. Dêr is dus gjin tastimming foar nedich fan persoanen dy’t yn byld komme.
Wat bart der mei opnames?
Nei elke tsjinst wurde opnames bewarre yn in befeilige omjouwing. In lyts oantal persoanen hat tagong ta de opnames. Der wurdt registrearre wannear’t en troch wa de opnames besjoen wurde. Nei 28 dagen wurde de opnames ferwidere en ferneatige. As opnames ûnderdiel wurde fan in klachteproseduere of ynsjochfersyk, wurde bylden bewarre neffens de bewartermyn (Argyfwet) en nei ôfrin fan dy termyn ferneatige. Bylden dy’t foar opsoaringsdoelen oan de plysje ferstrekt wurde, wurde troch de plysje bewarre as plysjegegevens.
Hat elke hanthavener syn eigen kamera?
Ja, elke hanthavener hat in eigen kamera.
Hokker regels jilde fierder?
De gemeente Ljouwert giet feilich mei de bylden om. Wy hâlde ús oan de regels foar persoansgegevens en respektearje de privacy fan alle ynwenners. Yn ’e AVG binne in oantal rjochten fan belutsenen opnommen dêr’t jo in berop dwaan kinne. Jo lêze mear oer dy rjochten en hoe’t jo jo dêrop beroppe kinne op dizze pagina.
Wizigjen privacyferklearring, Privacybelied en Cookies
Wiziging privacyferklearring
Dizze ferklearring kin mei de tiid feroarje. Dit om’t net allinnich de technology feroaret, mar de wet- en regeljouwing ek. Om derfoar te soargjen dat jo persoansgegevens altyd goed beskerme bliuwe, moatte bepaalde prosessen of wurksumheden oanpast wurde. Wolle jo op ’e hichte bliuwe? Sjoch dan geregeld op dizze webside. Boppe-oan de pagina sjogge jo de ferzjedatum.
Privacybelied
De gemeente Ljouwert hat belied makke om de AVG hinne. Hoe geane wy om mei fersiken fan ynwenners? Wannear fynt de gemeente dat der sprake is fan in ‘heech risiko’? Hoe wurket it mei it brûken fan it Boargerservicenûmer (BSN)? De antwurden op dy fragen lêze jo yn it belied:
Beliedsnotysje gegevensbeskerming maart 2020 (PDF, 905,69 KB)
Neist de AVG hat de gemeente Ljouwert ek te meitsjen mei de Wpg (Wet plysjegegevens). De boa’s (bûtengewoan opspoaringsamtners) fan de gemeente Ljouwert fiere taken út dy’t falle ûnder de Wpg foar sawol it domein iepenbiere oarder as learplicht. Hjirûnder stiet dan ek de oanfulling op it privacybelied, dat útlis jout oer it belied om ’e Wpg hinne:
Cookies
Op dizze webside wurdt gebrûk makke fan cookies. In cookie is in lyts bestandsje dat mei pagina’s fan dizze webside meistjoerd wurdt en troch jo browser op ’e hurde skiif fan jo kompjûter, tablet of smartphone opslein wurdt. De dêryn opsleine ynformaasje kin by in folgjende besite wer nei ús servers weromstjoerd wurde. De gemeente makket gebrûk fan analytyske cookies. Dat binne cookies om de effektiviteit fan de webside te ûndersykjen. Sa kinne wy sjen hoe’t jo as brûker gebrûk meitsje fan dizze webside. Foar dy cookies is jo tastimming net nedich. Dat komt om’t mei dizze cookies de webside better wurket en om’t jo IP-adres net opslein wurdt en wy dus net sjen kinne wa’t jo binne.
Mei dy cookies sjogge wy bygelyks:
- Hoelang’t jo op dizze webside binne;
- Hokker apparaat jo brûke, bygelyks in kompjûter, telefoan of tablet
- Fia hokker advertinsjes jo op dizze webside kommen binne;
- Hokker ynternetbrowser jo brûke.
Jo kinne sels ien en oar regelje as it om cookies giet. Sa kinne jo se yn jo browser útskeakelje of fuorthelje. Mear ynformaasje oer it yn- en útskeakeljen en it fuortheljen fan cookies fine jo yn de ynstruksjes en/of mei help fan de Help-funksje fan jo browser.