Fluch oan:

Hûs oan Hûs ynsjen

Yn it Hûs oan Hûs-wykblêd binne de Oansizzingen fan de gemeente Ljouwert te lêzen. Bygelyks berjochten oer fergunningen dy’t oanfrege en ferliend binne. Mear ynformaasje lêze jo by it kopke ‘Oansizzingen ynsjen en ûntfange’ op dizze side.

Hûs oan Hûs net krigen?

Jo kinne de Hûs oan Hûs-krante noch op ferskate oare wizen lêze:

Oansizzingen ynsjen en ûntfange

De Oansizzingen yn ’e Hûs oan Hûs binne gearfettingen. By oansizzing (bygelyks in oanfrege en ferliende fergunning) sjogge jo in adres, hûsnûmer en dossiernûmer. Mei it dossiernûmer kinne jo fierder sykje op Overheid.nl of yn ’e app Leeuwarden OmgevingsAlert.

De útskriuwingen fan persoanen út de Basisregistraasje Persoansgegevens (BRP) bliuwt yn de Hûs oan Hûs stean.

Wolle jo op ’e hichte bliuwe fan oansizzingen?

Dit kin op de folgjende manieren:

Fia de app Leeuwarden Omgevingsalert

  • Download de app Leeuwarden OmgevingsAlert.
  • Kies in lokaasje.
  • Stel in striel yn. Bygelyks: alle meldingen binnen in striel fan 500 meter.
  • Kies hokker meldingen jo graach ûntfange wolle.
  • Sjoch hokker oansizzingen der binne.
  • Jo krije in melding yn ’e app as der nije oansizzingen binne.

Sykje op Overheid.nl

  • Gean nei de sykfunksje fan Overheid.nl foar berjochten út ’e buert.
  • Folje by ‘Zoekterm’ it dossiernûmer yn fan de oansizzing yn ’e Hûs oan Hûs. Bygelyks: 11015644.
  • Folje by ‘Postcode’ jo postkoade yn.
  • Kies by ‘Straal’ foar ‘Hele gemeente’ en klik op ‘Zoeken’.
  • Klik op de titel fan it sykresultaat om de ynformaasje te besjen.

Berjochten ûntfange fan Overheid.nl

  • Gean nei de mailservice fan Overheid.nl om e-mails te krijen mei berjochten oer jo buert.
  • Folje jo postkoade en hûsnûmer in.
  • Kies hokker ynformaasje jo graach ûntfange wolle.
  • Folje yn binnen hokker striel fan dit adres jo meldingen ûnfange wolle.
  • Jou oan fan hokker ynstânsjes jo oansizzingen ûntfange wolle.
  • Kontrolearje jo gegevens en meld jo oan.

Oansizzingen ynsjen

Wy publisearje nijsberjochten, oankundigingen fan ynformaasjegearkomsten, boufergunningen, kapfergunningen en oare berjochten yn it Gemeenteblêd.

Romtlike plannen en ferkearsbesluten ynsjen

Romtlike plannen, ferkearsbesluten en oare berjochten publisearje wy yn de Staatscourant.

Romtlike plannen dêr’t de proseduere noch fan rint, kinne jo besjen en jo kinne jo reaksje jaan.

Wat is in romtlik plan?

Yn in romtlik plan stiet wat der mei romte yn de gemeente dien wurde mei. Foarbylden binne in omjouwingsplan, wizigingsplan en guon omjouwingsfergunningen.

Yn in romtlik plan stiet ek wêr’t winkels, hoareka en bedriuwen har fêstigje meie en hoe grut gebouwen wêze meie.

Wet- en regeljouwing ynsjen

De wet- en regeljouwing fan ’e gemeente Ljouwert fine jo op Overheid.nl.

Hoe wurket it?

  • Folje de postkoade in by ‘Zoek op locatie’. Bygelyks: 8913.
  • Folje de titel fan de wet- en regeljouwing dy’t jo sykje yn by ‘Woord of zinsdeel’. Bygelyks: Algemene Plaatselijke Verordening.
  • Klik op ‘Zoeken’. Der kinne ferskate siden mei ‘Zoekresultaten’ jûn wurde.

Sintraal register foar mienskiplike regelingen

Mienskiplike regelingen binne gearwurkingen tusken ferskate oerheden. Bygelyks: gemeenten, provinsjes en wetterskippen.

Sintraal register ynsjen

Jo kinne it sintrale register digitaal ynsjen.

Gjin lokaal register mear

Sûnt 2021 hoecht de gemeente gjin lokaal register foar mienskiplike regelingen by te hâlden.

It sintrale register is it plak dêr’t alle ynformaasje oer mienskiplike regelingen (GR-en) te finen is.

De GR-en sels moatte de ynformaasje oer harren regelingen byhâlde. Dit jildt net as de GR in sintrumregeling is. Dit is in regeling dêr’t gjin organisaasje by oprjochte wurdt. Yn dat gefal moat de oanwiisde, boarnehâldende gemeente of provinsje de gegevens yn it sintrale register byhâlde.

Fragen of help nedich?

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.