Fluch oan:

Wêrom AV Frieso?

De gemeente Ljouwert fynt dat alle ynwenners rjocht hawwe op in goede soarchfersekering. Troch jild te stekken yn in kollektive soarchfersekering, soargje wy derfoar dat minsken mei in leech ynkommen en hege soarchkosten goed fersekere binne. Omdat jo nei alle gedachten ek noch rjocht hawwe op soarchtaslach, hoege jo noch mar in bytsje preemje te beteljen. Koartsein: lege kosten foar in goede fersekering.

Wat jo witte moatte

De kollektive soarchfersekering AV Frieso Compleet bestiet út in basisfersekering en in oanfoljende fersekering. Hawwe jo al in basisfersekering fan De Friesland? Dan kinne jo it hiele jier oerstappe nei de kollektive soarchfersekering AV Frieso Compleet.

Binne jo no fersekere by in oare soarchfersekerder?

Oerstappe kin dan pas oan ’e ein fan it kalinderjier. Stap foar 1 jannewaris fan it folgjende jier oer nei de kollektive soarchfersekering AV Frieso Compleet. Mei yngong fan 1 jannewaris binne jo dan fersekere fia de kollektive soarchfersekering AV Frieso Compleet.

Preemje en eigen risiko

2025

  • Jo preemje foar de basisfersekering is € 156,25 per moanne.
  • Jo preemje foar de oanfoljende ferskering (AV Frieso Compleet) is € 32,30 per moanne.
  • De totale preemje bedraacht dan € 188,55 per persoan per moanne.
  • It eigen risiko is € 385,-.

2024

  • Jo preemje foar de basisfersekering is € 147,45 per moanne.
  • Jo preemje foar de oanfoljende ferskering (AV Frieso Compleet) is € 30,75 per moanne.
  • De totale preemje bedraacht dan € 178,20 per persoan per moanne.
  • It eigen risiko is € 385,-.

Tink derom: faaks hawwe jo rjocht op soarchtaslach, wêrtroch’t it bedrach ûnderoan de streek leger is. Dat kinne jo maklik neigean op de webside datgeldtvoormij.nl

Ha ik rjocht op de fersekering?

De fersekering is foar alle ynwenners fan Ljouwert mei in leech ynkommen en in leech fermogen. Om yn oanmerking te kommen foar AV Friese Compleet sjocht de gemeente nei de hichte fan jo ynkommen en jo fermogen. As jo in preemje-efterstân hawwe of as wanbeteller oanmelden binne by it CAK, dan kinne jo net dielnimme oan AV Frieso Compleet.

Yn de ûndersteande tabel kinne jo sjen oft jo yn oanmerking komme foar de fersekering:

125% (netto ekskl. ft) Allinnichsteande (âlder) Troud persoan
Leeftiid Moanne Moanne
18-20 jier, thúswenjend € 383,60 € 767,20
18-20 jier, útwenjend € 1.533,60 € 2.179,31
21 jier oant AOW-leeftiid € 1.553,78 € 2.219,69
AOW-leeftiid € 1.730,01 € 2.347,26
Ferbliuw yn in ynrjochting € 544,49 € 884,03
Fermogen Bedrach
Allinnichsteand persoan € 6.505,00
Allinnichsteand persoan (allinnichsteande âlder) en troud/by-inoar wenjend persoan € 13.010,00

Fergoedingen kollektive soarchfersekering AV Frieso Compleet

Op de webside fan De Friesland fine jo mear ynformaasje oer de fergoedingen.

Oanmelde

Oanmelde foar AV Frieso Compleet dogge jo fia de webside Gezondverzekerd (jo hawwe DigiD nedich).

Help nedich?

Gean nei it Buertservicepunt by jo yn ’e buert.

Kontrolearje sels wêr’t jo rjocht op hawwe

Doch de check fia de webside datgeldtvoormij. Hjir kinne jo sjen foar hokker regelingen en taslaggen oft jo noch mear yn oanmerking komme.