Ekstra jild by frijwilligerswurk en útkearing (partisipaasjepreemje)
Krije jo in útkearing fan de gemeente Ljouwert en dogge jo in jier aktiviteiten by in frijwilligersorganisaasje, wykferiening of fersoargingshûs by jo yn ’e buert, wyk of gemeente? Dan hawwe jo miskien rjocht op partisipaasjepreemje. Freegje de partisipaasjepreemje binnen 3 moanne oan.
Wolle of kinne jo dit net digitaal oanfreegje?
Download it Oanfraachformulier partisipaasjepreemje (PDF, 70.19 KB) en ful yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.
Betingsten
- Jo kinne de preemje ien kear per jier oanfreegje.
- Jo hawwe in jier lang partisipaasje-aktiviteiten dien.
- Jo wenje yn de gemeente Ljouwert.
- Jo ûntfange in útkearing fan de gemeente Ljouwert.
- Jo binne âlder as 27 jier en jonger as de AOW-leeftyd.
Wannear hawwe jo gjin rjocht op de partisipaasjepreemje?
- As jo allinnich mantelsoarch jouwe.
- As jo in frijwilligersfergoeding ûntfange foar jo aktiviteiten.
- As jo parttime wurkje neist jo partisipaasje-aktiviteiten.
- As jo in re-yntegraasjetrajekt nei wurk folgje.
- As jo mei in yndikaasje deibesteging folgje.
- As jo it ôfrûne jier al in partisipaasjepreemje ûntfongen hawwe.
Check sels online regelingen en taslaggen
Wolle jo mear witte oer gemeentlike regelingen of taslaggen, lykas hiertaslach of ekstra jild om sporte te kinnen? Doch in check op de webside Dat Geldt voor Mij en jo witte fuortdaliks wêr’t jo rjocht op hawwe en hoe’t jo dat oanfreegje kinne.
Gratis advyspetear
Wolle jo leaver mei-inoar sjen wat foar jo jildt? Freegje dan in gratis petear oan op de webside fan Dat Geldt voor Mij.
Mear ynformaasje of help nedich?
Mar ynformaasje fine jo op de pagina Wolle jo help by Jildsaken en Skulden?