Fluch oan:

Kinst of wolst net digitaal oanfreegje?

Download it Oanfraachformulier stúdzjetaslach en ful yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Doch dit net earder as 2 wiken foardat dyn stúdzje begjint. Meist it ek ynleverje op it Gemeentehûs.

Betingsten

  • Krijst stúdzjefinansiering (WSF 2000) of jo krije jild op grûn fan de Wet Tegemoetkoming Onderwijsbijdrage en Schoolkosten (WTOS).
  • Kinst troch in beheining of sykte net wurkje neist dyn stúdzje. Om te beoardieljen oft dit foar dy sa is, freegje wy in ûnôfhinklik medysk advys op. Soms is in medysk advys net nedich. Bygelyks as út it advys fan de behanneljen arts/tearapeut dúdlik blykt datst net wurkje kinne neist dyn stúdzje. Mei dy ynformaasje beslute wy oftst stúdzjetaslach krijst.

Krijst in Wajong-útkearing en folgest in stúdzje?

Dan hast gjin rjocht op stúdzjetaslach.

Krijst in staazjefergoeding?

Jou oan ús troch hoefolle staazjefergoeding oftst krijst. Krijst mear staazjefergoeding as € 215,75 yn ’e moanne? Dan wurdt dyn stúdzjetaslach leger.

Moatte jo sjen litte hokker kosten oft jo hawwe?

Nee. Om de stúdzjetaslach te krijen is dat net nedich.

Hoe heech is de taslach?

Leeftiid Stúdzjetaslach per moanne (netto)
21 jier en âlder € 369,75
20 jier € 295,80
19 jier € 221,85
18 jier € 184,88
17 jier € 146,06
16 jier € 127,57
15 jier € 110,93

 

Mear ynformaasje of help nedich?

Mar ynformaasje fine jo op de pagina Wolle jo help by Jildsaken en Skulden?