Fluch oan:

Wêrom in auto-earm gebiet?

De binnenstêd fan Ljouwert is in fijn plak om te wêzen. Oft jo no komme te winkeljen, wurkjen of ûntspannen, minder ferkear soarget foar mear feiligens, rêst en in noflike omjouwing. Bewenners, ûndernimmers en besikers profitearje hjirfan.

Klear foar de takomst

It auto-earme belied is ûnderdiel fan in grutter plan om de binnenstêd leefberder te meitsjen. Der komt mear grien en romte foar fuotgongers en fytsers. Dizze plannen soargje foar in omjouwing dy’t klear is foar de takomst troch it feiliger en oantrekliker te meitsjen.

Pleatsing fiif kamera’s

Fn 13 jannewaris 2025 ôf kontrolearje fiif ANPR-kamera’s ((Automatic Number Plate Recognition, wat automatyske nûmerboerdwerkenning betsjut) automatysk motorfoertugen op in jildige ynrydûntheffing. As dat net it gefal is, krijt de eigener in boete. Dizze kamera’s stean by de Monnikemuurstrjitte, Woartelhaven, Minnemastrjitte, Grutte Heechstrjitte en Grutte Tsjerkstrjitte. Dizze plakken binne keazen om’t se helpe om it ynrydferbod te kontrolearjen en hjir in soad ferkear is.

Gegevens fan oertrêdingen

De kamera’s meitsje foto’s fan motorfoertugen en kontrolearje fuortdaliks oft der in jildige ûntheffing is. Gegevens fan oertrêdingen wurde tydlik opslein en allinnich besjoen troch meiwurkers dy’t hjir tastimming foar hawwe. Oare gegevens wurde fuortdaliks ferwidere. Dit bart allegear neffens de privacywetjouwing. Fan dat stuit ôf stopje de ferkearsregelers mei harren wurksumheden.

Tydlike mêsten

No stean de kamera’s op tydlike mêsten troch in tydlike stroomoansluting, mar letter komme der definitive mêsten dy’t passe by de histoaryske útstrieling fan de binnenstêd en om de yngongen dúdlik yn byld te krijen.

Mear grien yn de binnenstêd

Neist maatregels yn it ferkear wurket de gemeente oan fergriening fan belangrike lokaasjes yn de binnenstêd:

  • Gûveneursplein: Wurdt in plak mei mear beammen, ferskillende planten en fijne sitplakken. Dit makket it in noflik plak om te ferbliuwen.
  • Iewâl: Mear romte foar grien troch it ferwiderjen fan parkearplakken oan de súdkant en foar in diel oan de noardkant.
  • Woartelhaven: Krijt stroken mei grien mei in ferhege sitrâne, wêrtroch’t it gebiet oantrekliker wurdt.

De fergriening soarget foar in moaier strjitbyld en helpt de binnenstêd tsjin slimme waarsomstannichheden. Iepen grûn helpt wetter op te nimmen by swiere reinfal en biedt ferkuolling yn waarme simmers.

Planning

Yn it foar wurde der wurksumheden dien om alles klear te meitsjen foar de fergriening. Nei de simmer fan 2025 starte wy mei de útfiering.

Ynrydûntheffing oanfreegje, wizigje of opsizze

Binne jo fêstige yn it auto-earme gebiet, of moatte jo yn dit gebiet wêze mei in reau? Dan hawwe jo in ynrydûntheffing nedich. Mear ynformaasje fine jo op de pagina ‘Ynrydûntheffing auto-earme binnenstêd’.

Let op: mei in ynrydûntheffing meie jo allinnich lade en losse, jo meie der net parkeare.

Fragen of mear ynformaasje?

Hawwe jo fragen oer it projekt Auto-earme Binnenstêd? Stjoer in e-mail nei autoluwebinnenstad@leeuwarden.nl.