Fluch oan:

Wurkgroep De Nijstêd Fernijt ûntwerpt mei

De wurkgroep De Nijstêd fernijt wurket gear mei buro BoschSlabbers byh it ûntwerpen fan de nije ynrjochting foar de Nijstêd, de Piperstrjitte en de Sint Jacobsstrjitte.

De wurkgroep komt fjouwer kear byinoar: yn july, septimber en novimber 2024 en foar in lêste kear yn jannewaris 2025. By de lêste kear besprekt de wurkgroep it earste útwurke ûntwerp.

Foar de wurkgroep wie in soad belangstelling. Yn de fragelist oer de Nijstêd hiene 270 minsken oanjûn meitinke te wollen oer it ûntwerp. 25 bewenners binne útkeazen. Dêrby is sjoen nei in goede ferdieling tusken jong en âld, man en frou en bewenners fan de binnenstêd en dêrbûten.

Ek in groep ûndernimmers oan de Nijstêd, Piperstrjitte en Sint Jacobsstrjitte prate yn dizze wurkgroep mei.

BoschSlabbers makket ûntwerp tegearre mei gemeente

It buro BoschSlabbers Landschapsarchitecten ûntwerpt yn oparbeidzjen mei it stêdeboukundich team fan de gemeente de takomstige ynrjochting fan de Nijstêd, Piperstrjitte en de Sint Jacobsstrjitte.

By it ûntwerp meitsje de ûntwerpers gebrûk fan de útkomsten fan de fragelist. De ûntwerpers wurkje ek gear mei in wurkgroep fan Ljouwerters. Dat bart yn in oantal wurksesjes yn de twadde helte fan 2024 en begjin 2025.

Ek nije ynrjochting Sint Jacobsstrjitte

De Sint Jacobsstrjitte is taheakke oan it projekt De Nijstêd Fernijt. Dat betsjut dat dizze winkelstrjitte tagelyk mei de Nijstêd en de Piperstrjitte in nije ynrjochting krijt.

De Sint Jacobsstrjitte ferbynt de Nijstêd mei it Gûverneursplein en de Iewâl. Foar dizze beide gebieten wie al in nije ynrjochting pland. It is dus logysk om dêrom ek de Sint Jacobsstrjitte oan te pakken.

Fragelist oer de Nijstêd

Ljouwerters wolle dat de Nijstêd yn ’e takomst in grienere útstrieling krijt. Dat blykt út de online fragelist oer de Nijstêd en Piperstrjitte dy’t bewenners, besikers en ûndernimmers fan 2 april oant en mei 5 maaie ynfulle koene.

1,734 minsken ha de fragelist hielendal ynfuld. Hast 80% fan harren wennet yn ’e stêd Ljouwert, in lytse 10% wennet binnen de gemeente en rom 10% wennet dêrbûten. De resultaten fan de fragelist (PDF, 406.99 KB) binne in wichtige ynbring foar it ûntwerp fan de fernijde Nijstêd en Piperstrjitte.

Foarriedige planning

De foarriedige planning is sa:

  • July, septimber en novimber 2024: wurksesjes mei de Wurkgroep Nijstêd Fernijt.
  • Jannewaris 2025: lêste wurksesje: Wurkgroep Nijstêd Fernijt besprekt it sketsûntwerp.
  • Febrewaris 2025: presintaasje fan it foarriedich ûntwerp. Dat bart mei ien of mear ynrinbyienkomsten.
  • April 2025: kolleezje fan B&W stelt it foarriedich ûntwerp fêst en freget de gemeenteried der in beslút oer te nimmen.
  • 2025: tarieding wurksumheden oan Nijstêd, Sint Jacobsstrjitte en Piperstrjitte.
  • Neijier 2026: ferwachte start wurksumheden.

De krekte planning en doer fan ’e wurksumheden besprekke wy mei bewenners en ûndernimmers sadree’t dy bekend is. Fansels wurdt hjir ek rekkening holden mei oare wurksumheden yn ’e binnenstêd. De Nijstêd moat altyd berikber bliuwe en wy probearje sa min mooglik foar oerlêst te soargjen.

Wolle jo op ’e hichte bliuwe?

Wolle jo op ’e hichte bliuwe? Skriuw jo dan yn foar ús digitale nijsbrief. Mei de digitale nijsbrief hâlde wy jo ûnder oare op ’e hichte fan de besprekkingen yn de gemeenteried en nûgje wy jo út foar gearkomsten.

Hawwe jo fragen?

Stjoer dan in e-mail nei binnenstad@leeuwarden.nl.