Grinsferlizzend Spoardok
Spoardok: in ferbinend, eigen en fernijend plak! Spoardok wurdt yn de takomst in unyk plak dêr’t minsken wenje, wurkje, ûntspanne en leare kinne. It ferbynt de stêd mei it plattelân en bringt minsken byinoar. Us plannen binne gruts en fernijend en wurde yn gearwurking mei eigeners en oare belutsenen makke.
Untwikkelkader Spoardok: stedsterp fan de takomst!
It konsept ûntwikkelkader en PlanMER foar Spoardok hawwe fan 4 april oant 17 meie op ynsjen lein. Yn dy perioade koe elkenien derop reagearje. Op 16 april wie der in ynrinbyienkomst yn it Stasjonskertier dêr’t it ûnwikkelkader en PlanMER presintearre waarden. Belangstellenden koene der fragen stelle. De gemeente hat offisjeel reagearre op de reaksjes dy’t binnenkommen binne yn in sjenswizenota.
Taljochting en definityf beslút
It kolleezje fan boargemaster en wethâlders hat op 10 septimber de sjenswizenota fêststeld en dizze tegearre mei it ûntwikkelkader nei de gemeenteried stjoerd. Op 2 oktober bespruts de gemeenteried it ûntwikkelkader Spoardok.
It kolleezje fan B en W hat dêrnei op 26 novimber in definityf beslút nommen. It ûntwikkelkader fine jo werom op dizze side.
Hoe fierder?
Yn de folgjende stap docht de gemeente mear ûndersyk en wurket de gemeente de plannen fierder út. Dat bart yn it stêdeboukundich ramtwurk. In stêdeboukundich ramtwurk foarmet de rjochtline foar de fysike ûntwikkeling en ynrjochting fan Spoardok. Dit dokumint giet fierder as allinnich gebouwen en diken. It is de mear konkrete útwurking fan de ambysjes fan Spoardok. Wy besjogge yn dizze stap wat nedich is om de ambysjes oer wetter, enerzjy, duorsumens en mobiliteit sa goed mooglik yn te fullen. Wy nimme jo hjiryn mei. De gemeente organisearret yn it earste fearnsjier fan 2025 in ynrinbyienkomst om de earste útwurking fan it stêdeboukundich ramtwurk oan jo sjen te litten.
Stappen: mei elkoar Spoardok meitsje
De ûntwikkeling fan Spoardok kostet tiid en bart net fan de iene op de oare dei. Wy hawwe inoar de kommende jierren hurd nedich om fan Spoardok werklikheid te meitsjen. Yn ’e mande mei eigeners, saakkundige partners en de mienskip. Spoardok meitsje wy mei-inoar!
Gebietsfyzje (ôfrûne)
Gebietsregisseurs fan de gemeente Ljouwert en BPD | Bouwfonds Gebiedsontwikkeling wurken gear mei ûnder oare grûneigeners en advysburo’s ZUS en SITE oan de gebietsfyzje foar Spoardok. ‘Spoardok Ljouwert, in ynspiraasjedokumint’ wie foar dizze fyzje de basis. De gebietsfyzje is ein 2021 troch de gemeenteried fêststeld.
- Gebietsfyzje Grinsferlizzend Spoardok (PDF, 14,26 MB)
- Spoardok Ljouwert, in ynspiraasjedokumint (PDF, 6,5 MB)
- Fideo gebietsfyzje Spoardok
By it evenemint Grinsferlizzend Spoardok yn septimber en oktober 2021 koenen ynwenners Spoardok ûntdekke en priuwe. En foaral meitinke oer de takomst fan Spoardok. Dat koe by in ekspo yn winkelsintrum Saailân, troch online fragen te beäntwurdzjen, mei te kuieren troch it gebiet en troch mei te praten yn in online tafelpetear ûnder lieding fan sjoernaliste en earder profhurdfytster Marijn de Vries. De ynformaasje dy’t ophelle waard, is ferwurke yn de gebietsfyzje. Jo kinne it tafelpetear Spoardok hjirûnder weromsjen:
Gearkomsten 30 novimber 2022 en 9 jannewaris 2023
Jo koene by dizze gearkomsten ynput jaan foar de takomst fan Spoardok. Dêr is troch in soad minsken gebrûk fan makke. By de makette waarden in soad ideeën op briefkes set yn de tema’s mobiliteit, iepenbiere romte, wenjen en gebouwen, duorsumens en identiteit. De ideeën hawwe wy gearfette yn ien dokumint (PDF, 2.44 MB). It ûntwerpteam naam dy mei yn de útwurking fan it ûntwikkelkader.
Oer Projekt Spoardok
Spoardok leit ticht by it stasjon, tsjin de binnenstêd oan en tusken it spoar, de Harnzerfeart, it Stephensonfiadukt en it gebou fan Rykswettersteat. Troch de sintrale lizzing biedt it Spoardok ekonomyske en romtlike kânsen. De werûntwikkeling fan Spoardok draacht by oan de grutte opjeften dêr’t Ljouwert, de provinsje en it lân foar steane. Tink oan ûnderwerpen lykas it klimaat, bioferskaat, enerzjy, mobiliteit, wenningferlet en ekonomyske ûntwikkeling. By wenningbou yn Spoardok binne betelberens, duorsumens en sirkulêr bouwen wichtige ûnderwerpen.
Underdiel fan Spoarsône Ljouwert
Acht projekten en lokaasjes dwers troch Ljouwert hinne foarmje mei-inoar Spoarsône Ljouwert. Yn Spoarsône Ljouwert geane wenjen, wurkjen en in duorsume ynrjochting fan it iepenbiere gebiet hân yn hân mei grutte kânsen foar ferbetteringen op it spoar. De acht projekten fan Spoarsône Ljouwert binne Mobiliteitshub Werpsterhoeke, Middelsee, Spoarbrêge Van Harinxma, Swettehaven, Spoardok, Media en Ynnovaasjecampus (MICA), Spoar Ljouwert-Grins op -1 en de Merodestrjitte.
Nijsbrieven en kontakt
Wolle jo de digitale nijsbrief oer Spoardok automatysk ûntfange? Folje dan jo gegevens yn en meld jo oan.
- Nijsbrief oktober 2024
- Nijsbrief maart 2024
- Nijsbrief jannewaris 2024
- Nijsbrief july 2023
- Nijsbrief maart 2023
Hawwe jo fragen oer projekt Spoardok? Of wolle jo mear witte? Nim kontakt op fia it e-mailadres spoordok@leeuwarden.nl.