Fluch oan:

Wat binne de winsken?

Yn 2022 hawwe de bewenners fan Reduzum harren ideeën oer it opnij ynrjochtsjen fan de haven útwurke. Dit is de basis foar it earste ûntwerp fan de fernijing, dat tegearre mei de Havenkommisje útwurke is. De Havenkommisje sprekt út namme fan de bewenners fan de Haven en de grienkommisje fan Reduzum.

Belangrike punten en winsken fan de Havenkommisje

  • Fersyk om grien te behâlden of sels mear grien.
  • Mear (hegere) beammen.
  • In bernefreonlik boartersplak (boarterstastellen binne net noadich).
  • Sitplakken (lykas ferhege sydkanten mei rânen).
  • Gebrûk fan stiennen (asfalt ferwiderje).
  • It oantal parkearplakken gelyk hâlde (16).
  • Mooglikheid foar mear romte foar de ynrint foar garaazje Haven nûmer 5/7.
  • Romte foar de Merke en lytse eveneminten.
  • Ofsluting foar trochgeand autoferkear op ûneven kant fan de Haven sa litte.

Belangrike punten en winsken fan de gemeente

  • Underhâld en/of fernijing fan alle strjittefluorring.
  • Underhâld en/of fernijing fan de ‘damwand’ om de dimpte haven.
  • Underhâld en/of fernijing fan beammen en beplanting.
  • Oplossen fan wetteroerlêst by swiere en lange buien.

Fragen en antwurden

Op 15 oktober 2024 is der in ynrinjûn organisearre dêr’t bewenners fan de Haven fragen stelle koene oer saken dy’t noch net dúdlik wiene. Der waarden in soad fragen steld, nammentlik:

Hoe meane wy it gers yn it middenstik?

It ûnderhâld wurdt letter ôfstimd mei de gemeentlike ûnderhâldstsjinst. It súdlike part is net berikber foar grutte meaners, dus dit wurdt miskien mei de boskmeaner dien.

Hoe foarkomme wy it parkearen foar/om de takomstige grutte beam oan de Noardkant?

Om de takomstige beam hinne wurdt dúdlik makke dat parkearen hjir net mei.

Hoe fluch wurdt it wetter ôffierd yn it lege part?

It lege middendiel is foar tydlike opfang fan reinwetter by swiere buien. It smoarchwetterrioel rekket dan net mear oerbelêste. It wurdt sa oanlein dat nei in swiere reinbui fan in oere it lege part binnen in dei wer drûchstiet.

Kinne der maatregels nommen wurde, sadat jeugd mei fytsen net op it Súdlike diel rydt?

Ja, der wurdt in hege trottoirbân om it Súdlike diel hinne lein.

Kin de hoeke fan de Súdeastkant ôfrûne wurde, sadat ynsiedzjen makliker wurdt?

Ja, de hoeke rûnje wy ôf.

Mear fragen

Sjoch foar mear fragen yn it dokumint Meer vragen en antwoorden Herinrichting Haven Reduzum. Of nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.