Werynrjochting Ruterskertier
It Ruterskertier tusken it Wilhelminaplein en de Westerplantaazje krijt yn 2026 in nij uterlik. De strjitte wurdt yn elk gefal griener en krijt in ynrjochting dêr’t mear romte is foar hoareka, foar eveneminten en foar fuotgongers en fytsers.
De bekendste útgeansstrjitte
It Ruterskertier hat noch de ynrjochting fan in drokke ferkearsdyk dêr’t ek bussen oerhinne moatte. Yn de takomst moat de strjitte útstriele wat it no al is: de bekendste útgeansstrjitte fan Ljouwert. Neist in soad hoareka hawwe fansels ek De Harmonie, poppoadium Neushoorn en bioskoop Pathé der in plak.
No al binne der in soad ideeën fan de Harmonie en fan de hoareka-ûndernimmers oer hoe’t it Ruterskertier oantrekliker wurde kin. Net alles kin, want wis is dat der noch altyd fytsers, ambulânses en brânwar lâns kinne moatte.
Ferbouwing fan De Harmonie
Tagelyk mei it Ruterskertier wurdt ek De Harmonie yn 2026 ferboud, mei mooglik in iepenloftpoadium. Ek lâns it wetter by De Harmonie is der skielk plak foar in terras en in bettere ferbining mei de stedsgrêft. De kade is no noch in flakte fan klinkerts. Dat kin folle griener en smûker, ek al moatte der yn de takomst fytsen lâns kinnen bliuwe.
Bussen keare tydlik werom
Yn 2025 ride der tydlik wer bussen oer it Ruterskertier. Dat bart oant uterlik ein desimber 2025. Gewoanwei ride de bussen oer de Westersingel, mar dy krijt yn 2025 in nije ynrjochting en ek de kademuorre wurdt ferstevige. Fan jannewaris 2026 ôf hearre de bussen oan it Ruterskertier definityf ta it ferline.
Ynformaasjejûn en wurkgroep
Op 12 novimber 2024 wie der in drok besochte ynformaasjejûn yn Neushoorn. Nei presintaasjes oer de werynrjochting fan de binnenstêd en it Ruterskertier koene bewenners en ûndernimmers fragen stelle oer de plannen foar it Ruterskertier en De Harmonie. Ek wiene der fragen oer it tydlik weromkommen fan de bussen.
Yn Neushoorn koene bewenners har oanmelde foar in wurkgroep. Dy tinkt mei oer in nij ûntwerp foar it Ruterskertier. Ek hoareka-ûndernimmers en De Harmonie en Neushoorn dogge hjiryn mei, mei fierder it Binnenstêdsmanagement en it wykpanel.
Hoe giet it fierder?
Fan desimber 2025 ôf giet de wurkgroep mei ûntwerpers fan de gemeente oan it wurk. Sy meitsje fan alle ideeën in ûntwerp.
Yn it foarjier fan 2025 is it de bedoeling dat de wurkgroep mei in earste ûntwerp komt. Yn de moannen oant 2026 is der dan tiid om te wurkjen oan de tarieding fan de werynrjochting.
Begjin 2026 begjint de werynrjochting fan it Ruterskertier
Wolle jo op ’e hichte bliuwe?
Skriuw jo dan yn foar de digitale nijsbrief. Mei de digitale nijsbrief hâlde wy jo ûnder oare op ’e hichte fan de besprekkingen yn de gemeenteried en nûgje wy jo út foar gearkomsten.
- Nijsbrief Programma Binnenstêd novimber 2024
- Nijsbrief Programma Binnenstêd oktober 2024 (PDF, 2.22 MB)
- Nijsbrief Programma Binnenstêd july 2024 (PDF, 3.25 MB)
- Nijsbrief Programma Binnenstêd april 2024 (PDF, 2.66 MB)
- Nijsbrief Programma Binnenstêd desimber 2023 (PDF, 2.17 MB)
Hawwe jo fragen?
Stjoer dan in e-mail nei binnenstad@leeuwarden.nl.