Fluch oan:

Wurksumheden

It doel fan it opknappen fan de Westersingel en de Pier Panderstrjitte is it werombringen fan de snelheid nei 30 kilometer yn ’e oere. De rydbaan wurdt smeller en de fytsstroken breder. Oerstekplakken by de Molestrjitte en Fonteinstrjitte wurde ferbettere. De besteande beammen wurde ferfongen om’t se net goed groeie. Nije beammen wurde plante oan beide kanten fan de strjitte. Op ’e kade bliuwt romte foar parkearen en komt der mear grien. Fia in kuierpaad op ’e kade rinst ûnder de beammen en tusken it grien lâns de stedsgrêft.

Ferfangen en fersterkjen dielen kademuorre

Neist it opnknappen wurdt ek in diel fan de kademuorre ferfongen en in oar diel fan de kademuorre sterker makke. Dit is noadich omdat op dizze dielen de peallen ûnder de kademuorre beskeadige binne. Hjirtroch binne se net mear sterk genôch om de kademuorre te ûndersteunen.

 

Definityf ûntwerp

Yn maart 2023 begûn de projektgroep fan de gemeente mei 15 fertsjintwurdigers fan beide strjitten (in klankboerdgroep) mei it meitsjen fan in ûntwerp foar beide strjitte. Nei trije byienkomsten mei de klankboerdgroep en ferskillende ûndersiken, is der in foarriedich ûntwerp makke.

 

Dit foarriedich ûntwerp fan de werynrjochting Westersingel en Pier Panderstrjitte waard op 12 juny 2024 oan de buert presintearre yn wykgebou De Remise. Mei de opmerkingen fan de buertbewenners hat de gemeente it definitive ûntwerp makke. Op dit momint wurdt it ûntwerp technysk útwurke en dêrnei kinne bedriuwen har oanmelde om de wurksumheden út te fieren. Dit wurdt ek wol in oanbestegingsproses neamd.

Planning wurksumheden

Wy begjinne yn maart 2025 mei it wurk oan de kademuorre. Yn maaie sette wy útein mei it op ’e nij ynrjochtsjen fan de strjitten. Yn it foar organisearje wy in ynrinmomint foar de buert. Hjir kinne bewenners fragen stelle oer it wurk, de planning en mooglike oerlêst. Oer dizze byienkomsten folget letter mear ynformaasje.

 

Westersingel en Pier Panderstrjitte noard

Westersingel en Pier Panderstrjitte súd

Westersingel en Pier Panderstrjitte vo

Beplanting en materiaal Westersingel en Pier Panderstrjitte