Fluch oan:

Digitale fragelist

Om plannen te meitsjen dy’t oanslute by de winsken en it ferlet yn Jorwert, wolle wy graach ynformaasje oer wat jo as doarpsbewenner belangryk fine. Dêrom hawwe wy in digitale fragelist makke. Jo kinne him oant 3 oktober ta ynfulle.
Hawwe jo de winsk om te ferhúzjen, binne jo op syk nei in hierwenning of keapwenning, of hawwe jo in oare wenfraach? Dat kinne jo allegear oan ús witte litte troch de fragelist yn te fullen.

Ynformaasjejûn foar bewenners

Op 10 oktober o.s. organisearje wy foar alle bewenners in ynformaasjejûn dêr’t wy de mooglike ûntwikkeling op beide lokaasjes neier yn taljochtsje.
Alle bewenners fan Jorwert krije hjir noch in útnûging foar. De krekt tiid en lokaasje fan de ynformaasjejûn fine jo aanst ek op dizze webpagina.

Hoe gean wy fierder?

Dêrnei wolle wy mei in wurkgroep fan Jorwerters de belangrykste útgongspunten foar de ûntwikkeling fan dizze lokaasjes op papier sette. De resultaten fan de fragelist binne dêrby fansels belangryk. Hjirfoar binne der in ekskurzje en 2 wurksesjes pland. Dat dogge wy op 18 en 24 oktober en op 7 novimber.
De opbringsten fan de wurksesjes wurde op 21 nomvimber presintearre oan it doarp.

Wolle jo meidwaan?

Wolle jo meidwaan oan dizze wurksesjes? Dan kinne jo dat yn de fragelist trochjaan. De romte foar de wurkgroep is wol beheind. Mei de wurkgroep en Doarpsnut Jorwert meitsje wy in seleksje fan dielnimmers. Dêrby soargje wy derfoar dat de wurkgroep in goede ôfspegeling is fan it doarp.

Hawwe jo fragen?

Nimme jo dan gerêst kontakt op mei Joyce Jellema-Algra of Aletta Kalma-Reinders, stjoer in e-mail nei wonen@leeuwarden.nl of sykje kontakt mei Doarpsnut Jorwert.