Fluch oan:

Wenningoanbod en beskikberheid

It plan befettet 32 keapwenningen fan goedkeap oant djoer. Der is in oanbod fan frijsteande wenningen, twa-ûnder-ien-kapwenningen en rychjes- en hoekwenningen. Guon wenningen komme oan farwetter dat yn ferbining stiet mei it Wartenster Wiid. Alle wenningen yn it plan wurde ûntwikkele en ferkocht troch Zwanenburg Projecten B.V. Gean foar mear ynformaasje nei de website.

Bestimmingsplan en byldkwaliteitsplan

Fan tongersdei 21 desimber 2023 oant en mei tongersdei 1 febrewaris 2024 lei it ûntwerpbestimmingsplan mei byldkwaliteitsplan op besjen. Op dit stuit wurde de sjenswizen beoardiele. It bestimmingsplan wurdt nei de behanneling fan de sjenswizen foarlein oan de gemeenteried foar fêststelling.

Planning

Fêststelling fan it bestimmingsplan sil nei ferwachting earste helte 2025 wêze. Berop stiet iepen tsjin it fêststelde bestimmingsplan. It plan wurdt bouryp makke nei’t it bestimmingsplan fêst stiet. Dêrnei wurde de wenningen ferkocht en boud.

Mear ynformaasje?