Frjemd fearkrûd yn de wettergongen fan Suderbuorren
Yn de wettergongen yn Suderbuorren groeit in plant dy’t út soarte net yn Nederlân foarkomt: it frjemd fearkrûd. Dizze plant groeit fluch en kin, as der neat oan dien wurdt, problemen feroarsaakje foar sawol de natuer as it wettergebrûk. Op dizze pagina stiet ynformaasje hokker aksjes wy as gemeente ûndernimme, de ferantwurdlikheden dy’t bewenners hawwe, en hoe’t wy mienskiplik dit probleem oanpakke kinne.
Wat is frjemd fearkrûd?
Frjemd fearkrûd is in eksoatyske wetterplant út de Feriene Steaten. It waard yn Nederlân oarspronklik yntrodusearre as fiver- en akwariumplant. Wannear’t it yn bûtenwetter dumpt wurdt, ferspriedt it him fluch en groeie wettergongen ticht. Dat makket farren dreech. Mear ynformaasje oer de wetterplant, de kaart fan it ûndersyksgebiet fan Ecogroen, oersjochskaarten eigeners wettergongen en de Ynwennersbrief fan april 2025 lêze jo hjirûnder:
Wa is ferantwurdlik?
In soad wettergongen yn Suderbuorren binne partikulier eigendom. Dit betsjut dat de eigeners fan de wettergongen ferantwurdlik binne foar it ûnderhâld fan it wetter, ynklusyf it bestriden fan oerlêst jaande planten lykas frjemd fearkrûd.
Undersyk nei bestriding
Wy begripe dat it in kompleks proses wêze kin om dit probleem oan te pakken. De gemeente hat Ecogroen opdracht jûn om te ûndersykje wêr’t it fearkrûd krekt foarkomt, hokker bestridingsmetoaden it meast effektyf binne en hokker kosten hjiroan ferbûn binne. Ek sil Ecogroen sjen oft der oare soarten sitte dy’t foar oerlêst soargje kinne.
Fan april 2025 ôf set Ecogroen útein mei it ûndersyk en wy ferwachtsje ein maaie alle nedige ynformaasje te hawwen.
Ynformaasjejûn woansdei 18 juny
Op woansdei 18 juny om 19:30 oere organisearje wy yn oparbeidzjen mei it wykpanel in ynformaasjebyienkomst yn Markant. Hjir diele wy de befiningen fan it ûndersyk, it plan fan oanpak en gean wy fierder yn petear mei ynwenners.
Gearwurking is essinsjeel
Sjoen it feit dat in soad wettergongen yn Suderbuorren partikulier eigendom binne, is gearwurking tusken de gemeente, Wetterskip en de ynwenners fan Suderbuorren fan grut belang. Wy begripe dat dit proses in útdaging wêze kin, mar troch gear te wurkjen kinne wy de fersprieding fan it frjemd fearkrûd effektyf tsjingean. It kin inkele jierren duorje oan’t wy it probleem ûnder kontrôle hawwe, mar mei regelmjittich fuortheljen fan it fearkrûd krijt ynlânske fegetaasje de kâns om him te werstellen. Dizze soarten woekerje minder fluch en drage by oan it behâld fan it bioferskaat.
Per wettergong sykje wy in fertsjintwurdiger
Om de kommunikaasje tusken de gemeente, wykferiening, wykpanel en bewenners sa soepel mooglik ferrinne te litten, wolle wy graach per wettergong in fertsjintwurdiger oanstelle. Dizze persoan kin it kontakt ûnderhâlde en mienskiplik soargje wy foar in effisjinte oanpak. Wolle jo út namme fan jo strjitte optrede as fertsjintwurdiger? Stjoer dan in e-mail nei: wijkpanel@wijkverenigingzuiderburen.nl.
Wat no op de koarte termyn?
As der in fertsjintwurdiger is foar de hiele wettergong en der oerienstimming is binnen de bewenners dy’t oan dizze wettergong wenje dat sy allegear de kosten dragen wolle. Kin dat oanjûn wurde by it wykpanel en wurdt der mei de gemeente sjoen nei in oplossing.
Mear ynformaasje
Mochten jo fragen hawwe of mear ynformaasje hawwe wolle oer it frjemd fearkrûd of oer de ferantwurdlikheden, wifkje dan net om kontakt mei ús op te nimmen.