Wy Wurkje Oan-projekten
Wy wurkje oan jo leefomjouwing. Wy ûnderhâlde de fytspaden, diken, brêgen en al it grien yn ús gemeente. Soms is in dyk tydlik ticht foar ferkear. Bygelyks om’t de gemeente wurket oan de dyk, it grien of troch in evenemint. Hokker dykôfslutingen der op dit stuit binne, stiet op de plattegrûn mei wurksumheden. Ek wurkje wy oan projekten yn de iepenbiere romte en gebietsûntwikkelingen.
Diken
Werynrjochting Haven Reduzum
Der is in earste ûntwerp foar de nije ynrjochting fan de Haven yn Reduzum. Yn dit ûntwerp binne de taken fan de gemeente ferwurke. Ek stean hjiryn de winsken fan de doarpsfyzje en de Havenkommisje. Mear ynformaasje fine jo op de pagina Werynrjochting Haven Reduzum.
Werynrjochting Goudenreinstrjitte
Wy fernije ynkoarten de Goudenreinstrjitte. Dizze fernijing kombinearret needsaaklike ûnderhâldswurksumheden mei ferbetteringen yn ferkearsfeiligens, leefberens en mear grien. Mear ynformaasje fine jo op de pagina Werynrjochting Goudenreinstrjitte.
Werynrjochting Westersingel
Wy sille de Westersingel en Pier Panderstrjitte opknappe. Dat moat omdat it asfalt fan de dyk min wurdt. Dêrneist wolle wy de maksimumsnelheid werombringe nei 30 km per oere. Mear ynformaasje fine jo op de pagina Werynrjochting Westersingel.
Wergeasterdyk Goutum
De Wergeasterdyk wurdt op ’e nij ynrjochte. Fan de Sudertrimsdieldyk ôf oant en mei de krusing by de Buorren. De Wergeasterdyk wie eartiids in trochgeande dyk nei Ljouwert. De ôfrûne jierren is der in soad feroare. De dyk wurdt no hiel oars brûkt. Op de Wergeasterdyk wurdt in soad fytst en kuiere. Dêrom wurdt de dyk no oanpast. Mear ynformaasje fine jo op de pagina Wergeasterdyk Goutum.
Ferkearsmaatregels Alde Leie
Wy wurkje oan de ferkearsfeiligens fan de Leijester Hegedyk, Arjen Roelswei en Langedyk yn Alde Leie. Wy passe de diken oan sadat de situaasje better oanslút op de 30-kilometersône dy’t der no is. It ûntwerp is ta stân kommen yn oerlis mei de wurkgroep/doarpsbelang en in tal ûndernimmers en agrariërs. It definitive ûntwerp is foarlein oan bewenners.
It ûntwerp kinne jo hjir ynsjen:
De útfiering stiet pland foar neijier 2024.
Werynrjochting Beatrixstrjitte Ljouwert
Wy sille wurkje oan de Beatrixstrjitte yn Ljouwert. De dyk wurdt iepenbrutsen foar de oanlis fan stedsferwaarming, riolearring en ôffier fan rein. Hjirtroch kinne wy de dyk op ’e nij ynrjochtsje. Der leit wilens in foarriedich ûntwerp fan de werynrjochting. Bewenners koenen knyppunten en mooglike oplossingen trochjaan. Dy binne safolle mooglik meinommen yn it ûntwerp. It projekt stiet no even stil. De oanlis fan stedsferwaarming duorret wat langer. Dêr moat dizze werynrjochting op wachtsje.
Auto-earme binnenstêd
It noardwestlike part fan ’e binnenstêd fan Ljouwert is auto-earm makke. Dit betsjut dat der net samar mear motorisearre reau komme meie. Mear ynformaasje fine jo op de pagina Auto-earme binnenstêd.
Fytspaden
De kwaliteit fan it fytsnetwurk wurdt ferbettere. Yn de notysje ‘Fytsnetwurk Ljouwert’ út 2015 stiet hokker fytsferbinings better makke wurde.
Huzumerleane
De Huzumerleane rjochtsje wy opnij yn. Wy stribje nei komfort foar de fytsers. Dêrby is de winsk om de leane wer it karakter te jaan fan eartiids. Ek bringe wy reinwetterriolearring oan yn ’e strjitte. De lêste oanpassingen moatte noch yn it ûntwerp trochfierd wurde. Doel is yn 2024 de tarieding ôfrûnje te kinnen, sadat yn maart 2025 de oannimmer begjinne kin. De wurksumheden moatte dan ein 2025 klear wêze. Mear ynformaasje fine jo op de pagina Huzumerleane.
Trochfytsrûte Ljouwert nei It Hearrenfean
Wy wurkje oan in goede fytsferbining tusken Ljouwert en It Hearrenfean. It fytspaad is 4 meter breed. Der is al in soad klear. Wy hawwe wurke yn de omkriten fan Reduzum en Jirnsum en geane fierder rjochting Ljouwert. Op de plattegrûn Fytsfûte Hearrenfean – Ljouwert (PDF, 2.76 MB) sjogge jo de hiele rûte. De ferwachting is dat it lêste part fan de fytsrûte oppakt wurdt binnen de gebietsûntwikkeling Middelsee.
Goede fytsferbinings yn de stêd
Wy wurkje oan goede fytsferbinings yn de stêd. Guon strjitten rjochtsje wy op ’e nij yn sadat fytsers der feilich fytse kinne. De werynrjochting fan dizze strjitten dogge wy yn oerlis mei bewenners. Wy hawwe al meardere strjitten op ’e nij ynrjochte. Under oare de Azaleastrjitte en de Tsjerk Hiddesstrjitte.
Foarriedich ûntwerp Emmakade Súdkant
It projekt Emmakade Súdkant stie even stil. Wy kinne net sa ticht by de kaaimuorre wurkje as nedich is om it oarspronklike plan út te fieren. Mei in oanpast plan kin dit wol sûnder dat de kaai oantaast wurdt. It giet om in foarriedich ûntwerp.
Brêgen
Wy wurkje oan it ûnderhâld of de oanlis fan nije brêgen. Op dit stuit binne wy drok dwaande mei it tarieden fan ûnderhâldswurksumheden foar ferskillende brêgen. De útfiering sil barre yn 2025. Sadree’t der mear bekend is, lêze jo dat op dizze side.
Gebietsûntwikkeling
Wy wurkje oan gebietsûntwikkeling. It giet om it werynrjochtsjen fan in grutter gebiet.
Nijbouwyk Grut Palma
Yn Wergea is in nijbouwyk boud. Yn oktober giene wy fan start mei it wenryp meitsjen fan Grut Palma. Wy meitsje de strjitte ôf, lizze de stoepen oan en heakje nij grien ta. Nei dizze wurksumheden is de nijbouwyk Grut Palma klear! Yn de winterperioade lizze wy de wurksumheden efkes stil. Yn it foarjier starte wy mei it lêste diel fan de wurksumheden. Alle wurksumheden binne foar de simmerfakânsje klear.
Definityf ûntwerp wenryp meitsjen Grut Palma
Nijbouwyk Grut Palma West
Harns Invest wol in fariearre nije wenwyk realisearje mei de namme Grut Palma West. Dy komt dan neist de nijbouwyk Grut Palma te lizzen. Yn it plan is plak foar 55 wenningen. Foar de ûntwikkeling is it nedich om in bestimmingsplan fêst te stellen. De gemeente is hjir ferantwurdlik foar. Harns Invest stelt yn gearspraak mei de gemeente it bestimmingsplan op. Op 31 jannewaris 2023 hat in earste presintaasje fan it plan west en is it plan fierder útwurkje.
Mear ynformaasje
Foar mear ynformaasje oer it plan kinne jo terjochte by Harns Invest. Foar Grut Palma West is in projektwebside makke. Foar mear ynformaasje oer de bestimmingsplanproseduere kinne jo kontakt opnimme mei de gemeente Ljouwert.
Nijbouplan ‘Oer de Barten 2’ yn Warten
Der wurde nijbouwenningen boud yn Warten troch Zwanenburg Projekten B.V. op grûn oan de westkant fan Warten. De gemeente Ljouwert hat ek grûn grinzjend oan dizze nijbouwyk dêr’t wy huzen bouwe wolle. Der leit in skets fan it nijbouplan. Dizze waard op 20 febrewaris presintearre oan direkt oanwenjenden en op 9 maart op de algemiene ledegearkomste fan Doarpsbelangen Warten. De reaksjes op beide gearkomsten binne sammele en fêstlein, en guon reaksjes binne ferwurke yn it plan. Yn augustus en septimber 2023 lei it foarûntwerp bestimmingsplan op besjen. In soad direkt omwenjenden en oare bewenners wiene oanwêzich by de ynrinbyienkomst, guon hawwe in ynspraakreaksje jûn. Mear ynformaasje fine jo op de pagina Nijbouplan ‘Oer de Barten 2’ yn Warten.
Nije lokaasje Integraal Kind Centrum (IKC) yn Lekkum
It skoalgebou fan de Professor Wassenberghskoalle yn Lekkum is te lyts. Dêrom komt der in nij skoalgebou op in nije lokaasje. It stribjen is om de nije skoalle fan begjin 2026 ôf te brûken. Mear ynformaasje fine jo op de pagina Nije lokaasje Integraal Kind Centrum (IKC) yn Lekkum.
Werynrjochting fan De Kei yn Bilgaard
Wy wurkje oan de ûntwikkeling fan De Kei yn Bilgaard. Der is in ûntwerp fan it gebiet. Dit is ôfstimd mei ynwenners út de wyk. Der komt nije riolearring en mear grien yn de wyk. Wy ferwachtsje yn 2024 útein te setten mei de werynrjochting. Mear ynformaasje oer dit projekt fine jo yn de nijsbrief.
Untwikkelkader Sint Vitusplein Stiens
MFC De Skalm en de biblioteek binne ferhuze nei it âlde gemeentehûs yn Stiens, de Nije Skalm. Troch de ferhuzing binne der kânsen om it Sint Vitusplein en direkte omjouwing te ferbetterjen. Yn ’e mande mei it doarp binne wy op ’e syk gien nei dy kânsen. Hjirfan makket de gemeente in ûntwikkelkader. In ûntwikkelkader is in plan dêr’t wy de kaders foar takomstige ûntwikkelingen yn meitsje. It is in soarte blaudruk foar takomstige plannen. It ûntwikkelkader jout dúdlikens oer de ynfulling fan it gebiet, oer de winske funksjes, nije gebouwen, de ynrjochting fan it plein en it gebrûk fan it plein. Mear ynformaasje fine jo op de pagina Untwikkelkader Sint Vitusplein Stiens.
Beammen ferfange yn Mozartstrjitte
De beammen yn de Mozartstrjitte hawwe net genôch romte om goed groeie te kinnen. Dêrtroch giet de kondysje fan de beammen fluch achterút en soargje se foar gefaar en oerlêst troch opdrukkende beamwoartels. De 25 beammen binne kapt en de strjitte wurdt opnij ynrjochte. Der komme mear beammen werom. De pleatsing fan de nije beammen is útsteld nei takom jier troch in gaslieding dy’t earst ferfongen wurde moat. Yn it foarjier fan 2025 wurdt de gaslieding ferfongen. Dêrnei folget de fluorring, de oanlis fan parkearfakken en it pleatsen fan beammen. Wy ferwachtsje dat de strjitte klear is yn it neijier fan 2025.
Gemeente Ljouwert past beplanting Bernesân oan
De gemeente Ljouwert sil de beplanting op it Bernesân oanpasse om mear ferskaat en better te ûnderhâlden grien te kreëarjen. Hjirfoar is yn gearwurking mei in wurkgroep fan omwenners in ûntwerp makke. De haadstruktuer fan de parksône, lykas paden, beammen en boartersplakken, bliuwt behâlden.
Planning
De oanpassingen wurde fasearre útfierd oer in perioade fan fjouwer jier, te begjinnen yn it neijier. De gemeente hopet mei dizze oanpassingen in prachtich en duorsum einresultaat te berikken foar it Bernesân.
Wêr wurkje wy noch mear oan?
- Nijbouwyk Steenslân
- Middelsee
- De Súdlannen
- Nijbouwyk Blitsaerd
- Nij Ald East (nije ynrjochting fan it plak dêr’t it ‘âlde’ Cambuurstadion no stiet)
En eventueel noch mear projekten op de pagina Romtlike plannen (ynsjen en reagearje).
Glêsfezel
Yn alle doarpen en wiken yn de gemeente Ljouwert wurdt glêsfezel oanlein. Yn hokker folchoarder dat bart, moat noch bepaald wurde. Jo krije hjiroer in brief. Glêsfezel wurdt oanlein troch Glaspoort en DELTA Netwerk.
DELTA Netwerk
DELTA Netwerk begjint yn septimber 2022 yn Grou mei de graafwurksumheden. Safier’t no bekend is, lizze sy glêsfezel oan yn alle doarpen súdlik fan de stêd.
Glaspoort
Glaspoort leit oanslutingen oan yn de folgjende doarpen en yndustryterreinen: Stiens, Grou, Britsum, Koarnjum, Jelsum, Baard, Bears, Easterlittens, Feinsum, Hijum, Hilaard, Húns, Idaerd, Jirnsum, Jorwert, Lekkum, Mantgum, Alde Leie, Reduzum, Wergea, Warten, Weidum, Wytgaard en Wurdum, en bedriuweterreinen De Hemrik, Biensma, Oedsmawei, Middelsee, Ljouwert West, Businesspark Ljouwert, yndustryterrein Noarderfjild, bedriuweterrein Wergea en yndustryterrein String.
Moat ik ferplicht gebrûk meitsje fan de glêsfezeloansluting?
Nee, jo binne net ferplicht in abonnemint ôf te sluten. Wolle jo wol in abonnemint ôfslute? Dit kin fuortdaliks of letter.
Fragen oer dizze glêsfezeloanslutingen?
Mear ynformaasje fine jo op de websites fan Glaspoort en DELTA Netwerk.
Elektrisiteitsnetwurk
It elektrisiteitsnet
It is drok op it elektrisiteitsnet. Dat komt troch in tanommen fraach nei elektrisiteit. Faak út bedriuwen wei mar ek troch bygelyks gebietsûntwikkelingen lykas nije wenwiken/wenningbou. En der is ek mear oanbod fan duorsume enerzjy. Op hieltyd mear dakken lizze sinnepanielen dy’t elektrisiteit weromleverje oan it elektrisiteitsnet.
Oersichtskaart kapasiteit stroomnet
De netbehearders TenneT en Liander wurkje dêrom oan it fersterkjen fan it elektrisiteitsnet sadat der mear kapasiteit komt. Hjirtroch komme der minder ‘piken’ yn it elektrisiteitsnet en rekket it net oerbelêste. Sjoch foar mear ynformaasje en in oersichtskaart op de webside fan Liander. Yn hiel Ljouwert wurde dêr ekstra elektrisiteitskasten pleatst en ekstra kabels lein. Ek is der in nij heechspanningsstasjon pland. As se by jo yn de wyk hjirmei oan de slach gean, krije jo in brief.
Wurksumheden middenspanningsnet (NuLelie-projekten)
Liander fersterket it middenspanningsnet. Dat dogge se troch it oanlizzen fan ekstra elektrisiteitskabels yn de wenwiken en it pleatsen fan nije elektrisiteitskasten.
Safier’t no bekend is, geane se fan maart 2023 ôf o/m foarjier 2025 yn de folgjende gebieten oan de slach: Westeinde, Slauerhoffwei, WTC-gebiet, businesspark Westeinde. Nylân, de Swette, Marshallwei, Snitsertrekwei, Julianaleane, Lorentzkade, Súdlannen, Middelsee en Goutum.
Wurksumheden middenspanningsnet fia Buertoanpak Liander
It útwreidzjen fan it stroomnet docht Liander yn bepaalde wiken fia de Buertoanpak. Dat wol sizze dat sy it stroomnet yn jo buert yn ien kear ferswiere. Sa hawwe jo minder oerlêst fan it wurk en is jo buert klear foar de groeiende fraach nei stroom yn ’e takomst. Mear ynformaasje oer it wurk yn de gemeente Ljouwert kinne jo fine op de projektwebside fan Liander.
Nij heechspanningsstasjon TenneT
TenneT en Liander bouwe in nij heechspanningsstasjon. Dat is nedich om de fraach en it oanbod fan elektrisiteit oan te kinnen op it netwurk fan Ljouwert. It soarget foar in gruttere kapasiteit. Dit heechspanningsstasjon komt op in plak dêr’t de nije boppegrûnse kabels oanslute op it besteande elektrisiteitsnet by Ljouwert. Der wurdt in ûndergrûnse kabelferbining oanlein dy’t oanslút op it besteande (middenspannings)net fan Liander.
In heechspanningsstasjon is in knooppunt fan elektrisiteit. Elektrisiteit wurdt hjir omset fan heechspanning (110 kV netwurk TenneT) nei middenspanning (20 kV netwurk Liander) en oarsom. De kabels fan Liander bringe de elektrisisteit fierder (mei in legere spanning) de wiken yn, oant úteinlik nei it stopkontakt yn de wenning. Mear ynformaasje fine jo op de pagina Nij heechspanningsstasjon TenneT.
Planning omjouwingsplanproseduere ûnderstasjon Ljouwert Boksumerdyk
- Opstellen omjouwingsplan:
Om de nije plannen bouwe te kinnen, moat de gemeente it omjouwingsplan oanpasse. Yn in omjouwingsplan beskriuwt de gemeente wêr’t de grûn en bouwurken foar brûkt wurde meie en hokker ûntwikkelingen der yn de takomst komme meie. - Foarûntwerp omjouwingsplan yn te sjen & ynformaasjegearkomste:
It plan wurdt publisearre op de website Overheid.nl. En yn de Hûs-oan-Hûs-krante. Jo kinne it plan (online of op it Gemeentehûs) besjen en jo miening jaan op de plannen (ynspraakreaksje, binnen 6 wiken). - Ferwurkjen reaksjes:
Wat bart der mei jo reaksje? De gemeente sammelet alle mieningen en reaksjes yn in dokumint. Dat hjit in reaksjenota. De gemeente jout oan mei hokker reaksjes wat dien wurde kin. Dy punten wurde ferwurke yn it ûntwerp-omjouwingsplan. - Untwerp omjouwingsplan ter fyzje:
It plan wurdt publisearre op de website Overheid.nl. En yn de Hûs-oan-Hûs-krante. Jo kinne it plan (online of op it Gemeentehûs) besjen en jo miening jaan op de plannen (sjenswize yntsjinje, binnen 6 wiken). - Ferwurkjen reaksjes:
De gemeente sammelet alle mieningen en reaksjes yn in dokumint. Dat hjit in reaksjenota. Boargemaster en wethâlders besprekke de plannen en alle reaksjes dêrop. De reaksjes kinne liede ta in oanpassing yn it fêst te stellen omjouwingsplan. Sy stjoere it dêrnei nei de gemeenteried. - Fêststelling omjouwingsplan troch de gemeenteried:
De gemeenteried bepaalt oft sy mei de plannen akkoart is.
Farwegen
Wurdumer Feart
Fanheal juny oant ein july is de farrûte troch de Wurdumer Feart net berikber. Dizze farrûte is ûnderdiel fan de rûte Wurde-De Súdlannen. De berm neist de N31 wurdt breder makke en ferlein. Foar de bermferbreding wurdt in part fan de trochgeande sloeperûte lâns de N31 tichtmakke en oan de oare kant opnij groeven. De opkearing fan it wetter wurdt mei buorden oanjûn lâns de farrûte fanôf it Van Harinxmakanaal en it Eagumerdjip/Ringsleat op ’e hichte fan Wergea.
Wêrom is de ferbreding fan de berm nedich?
Yn de wyk Unia wurde nije kavels makke foar de bou fan wenningen. Unia wurdt geskikter makke om te wenjen, troch in lûdsskerm oan te lizzen lâns de N31. De besteande berm is te smel foar in lûdsskerm. De oanlis fan in bredere berm soarget derfoar dat de besteande Wurdumer Feart ferlein wurde moat.
Riolearring
Rioelferfanging Britsum
Hjir wurdt de besteande riolearring oer in lingte fan 1000 meter ferfongen op en om de terp hinne. De wurksumheden binne yn útfiering en de planning is om dy foar de krystdagen 2024 ôfrûnje te kinnen. Nei it oanbringen fan de riolearring wurdt de iepenbiere romte op ’e nij ynrjochte.
Oanlis reinwetterriolearring Boarskulp, Lege Herewei en Hege Herewei yn Stiens
Yn Stiens is der wetteroerlêst fan in bepaalde hoemannichte delslach ôf; dêrom leit de gemeente reinwetterriolearring oan. Ek wurde der oanslutings oanlein oan wenningen/tunen ta. Jo kinne dêr sels jo reinwetterôffier op oanslute. Oan de Boarskulp en Lege Herewei wurdt nei de oanlis fan de reinwetterriolearring de strjitte wer werom brocht sa’t it wie. Oan de Hege Herewei komt it asfalt net werom, mar wurdt strjitfluorring lein. Hjirby wurdt de strjitte ek ferbettere foar de ferkearsfeiligens. De planning is dat der yn de maitiid fan 2025 útein setten wurdt en dat de wurksumheden yn itselde jier klear binne.
Rioelferfanging Truerderdyk yn Stiens
Oan de Truerderdyk wurdt op it bedriuweterrein de riolearring ferfongen en útwreide. Nei oanlis fan de riolearring wurdt de strjitte opnij ynrjochte. Ek wurdt de krusing mei it Noarderfjild oanpakt en fytsfeilich makke. Dêrnei wurdt op de krusing in frijlizzend fytspaad oanlein, oan de krusing mei de Boskrâne ta. De planning is begjin 2025 útein te setten mei de wurksumheden.
Rioelferfanging en oanlis reinwetterriolearring Fûgelbuert yn Stiens
Yn Stiens is der wetteroerlêst fan in bepaalde hoemannichte delslach ôf; dêrom leit de gemeente reinwetterriolearring oan. Ek wurde der oanslutings oanlein oan wenningen/tunen ta. Jo kinne dêr sels jo reinwetterôffier op oanslute. Yn de Fûgelbuert wurdt ek de besteande riolearring ferfongen. De nutsbedriuwen sille ek wurksumheden útfiere, lykas it ferfangen fan de wetterlieding en gaslieding. Oer de planning kinne we noch neat sizze om’t we dy ôfstimme moatte op de nutsbedriuwen. De bedoeling is wol om yn de simmer fan 2025 útein te setten.
Fragen?
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.