Sûnensnota Mei-inoar Sûn
De Sûnensnota Mei-ionoar Sûn fan de gemeente Ljouwert foar de kommende jierren leit út hoe’t wy de sûnens fan ynwenners ferbetterje wolle. Wy wolle net allinnich dat minsken net siik binne, mar ek dat elkenien aktyf meidocht oan de mienskip en sinfolle ûnderfiningen hat. Yn jannewaris 2024 is dizze Sûnensnota troch de boargemaster en wethâlders foarlein oan de gemeenteried. In beslút hjiroer folget ynkoarten.
Doelen
De wichtichste doelen binne dat alle ynwenners fan de gemeente Ljouwert sûn binne, in goede libbenskwaliteit ûnderfine en gelikense kânsen hawwe om sûn op te groeien, te libjen en âld te wurden.
Oanpak
De oanpak fan de gemeente draait om 4 saken:
- Soargje dat elkenien deselde kânsen hat om sûn te libjen.
- Soargje foar in sûne omjouwing.
- De mentale sûnens ferbetterje.
- Minsken helpe sûn âld te wurden.
De gemeente wol op ’e tiid yngripe en tefoaren komme dat minsken siik wurde. Wy wolle dit yn ’e mande mei ynwenners, profesjonals en oare organisaasjes dwaan. Dit hâldt yn dat elkenien in rol spilet en mei-inoar ferantwurdlikheid draacht foar it wolwêzen fan ’e ynwenners. Om te sjen oft de oanpak wurket, wolle wy yn petear gean mei ynwenners en profesjonals en ûndersyk dwaan, spesifyk op wyk- en doarpsnivo. Sa kinne wy begripe hokker ynwenners ekstra omtinken nedich hawwe.
Sûnensnota en bylageboek Mei-inoar Sûn
Mear ynformaasje fine jo yn de Sûnensnota en it bylageboek Mei-inoar Sûn:
Evenemint Mei-inoar Sûn
Op 2 novimber 2023 wie it evenemint ‘Mei-inoar Sûn’. Dit evenemint stie yn it teken fan sûnens yn de gemeente Ljouwert. Ynwenners, profesjonals en meiwurkers fan de gemeente giene mei-inoar yn petear.
- Hoe soargje wy bygelyks foar deselde kânsen op in sûn libben?
- Hoe rjochtse wy de ideale sûne leefomjouwing yn?
- Hoe soargje wy dat wy mentaal sûn binne?
- En hoe wurde wy fit âld?
Ynspiraasje foar ús nije sûnensbelied
By dit evenemeint hawwe wy ynspiraasje krigen en mei-inoar neitocht oer wat der nedich is om de sûnens fan de ynwenners fan ús gemeente te ferbetterjen. Yn it dokumint ‘Mei-inoar Sûn’ hawwe wy alle mieningen en ideeën fan de besikers gearfoege. Dizze ynput hawwe wy meinommen yn it nije sûnensbelied en de karren dy’t wy meitsje.