Sport en bewegen
Gemeente Ljouwert ûntwikkelet in nij sportbelied. Dit wurdt fêstlein yn in nij beliedskader. Dit dogge wy net allinnich. Wy wurkje hjirby graach gear mei ynwenners, sportferieningen en oare organisaasjes út it sûnens- en sosjale domein. Mei-inoar wolle wy de wearde en it belang fan sport en beweging nei foaren komme litte.
It ferfolch
It Beliedskader Sport en Bewegen is der kommen mei help fan in brede analyze fan trends en ferletten. Ek hawwe wy in soad gearwurke mei sportferieningen, maatskiplike organisaasjes en ynwenners. Fia enkêtes, Sportkafees, ferdjippingssesjes en petearen is ynput sammele. By dit proses wiene goed 80 ferskillende partijen en ferskate ynwenners belutsen.
Utfieringsprogramma’s
Per koalysjeperioade wurde útfieringsprogramma’s skreaun. Foar 2025/2026 folget in útfieringsprogramma op grûn fan de hjoeddeistige beskikbere finansjele middels. De útfieringsprogramma’s wurde fierder útwurke op trije ambysjenivo’s: Brûns, Sulver en Goud.
Planning
De stikken lizze oant 27 jannewaris op besjen. Hjirnei wude it beliedskader en in reaksjenota yn maart 2025 oan it kolleezje en de ried ta beslútfoarming foarlein. Dêrnei wurdt it beliedskader presintearre oan ferieningen en oare belutsenen.
Belang fan sporten en bewegen
Sporte en bewege binne wichtich foar in sûn en gelokkich libben. Ek helpt sporten en bewegen om de kâns op sykten te ferminderjen. Tink bygelyks oan:
- obesitas
- hart- en faatsykten
- diabetes
Sporten en bewegen ferbynt minsken ek. Op de sportferiening, sportskoalle en yn sportgroepkes wurkje jo net allinnich oan jo lichaamlike sûnens, mar is it sosjale kontakt minstens sa belangryk.
Startnotysje mei sintrale ûnderwerpen
Der is al in startnotysje makke. Dit is de earste stap rjochting it nije beliedskader. De startnotysje hjit: ‘In nij beliedskader sport en bewegen’. Hjiryn stiet hoe’t it proses ta nij sportbelied derút sjocht en op hokker mominten wy ferieningen, organisaasjes en ynwenners freegje mei te tinken.
Yn de startnotysje stean fiif ûnderwerpen sintraal. Dat binne:
- Fan jongs ôf, in libben lang alsidich yn beweging.
- Sportynfrastruktuer, de basis om sporten en bewegen te fasilitearjen.
- Ferstevigjend fan it sportklimaat en de breedtesport.
- Fyzje op topsport(belied) yn de gemeente Ljouwert.
- Sûnensefterstannen ferlytsje mei sport as middel.
Byienkomsten mei in soad ideeën
Op tongersdeitejûn 21 maart hawwe wy in byienkomst hân as start foar it partisipaasjeprojekt foar it nije beliedskader Sport en Bewgen. Wy sjogge werom op in slagge en noflike jûn. Ek ha der yn april ferdjipjende byienkomsten west. By alle byienkomsten binne in soad ideeën ophelle dêr’t wy fierder mei oan de slach gean.