Mienskipsfûns
Hawwe jo in goed idee of plan (inisjatyf) foar mear leefberens en libbenens yn jo omjouwing? Freegje op syn letst 6 wike foar de start fan jo plan subsydzje oan út it Mienskipsfûns. Mei dizze bydrage helpe wy jo inisjatyf op wei. Foar 2024 kinne jo gjin subsydzje mear oanfreegje. Foar 2025 kinne jo fan 2 jannewaris ôf dizze subsydzje oanfreegje.
Betingsten
- De subsydzje is foar inisjativen fan bewenners of bewennersgroepen.
- Jo inisjatyf moat goed wêze foar de leefberens. En it inisjatyf moat soargje dat (mear) minsken meidwaan kinne yn de mienskip.
- Jo inisjatyf moat passe by wat der libbet yn jo omjouwing. Alle minsken yn jo omjouwing moatte dit inisjatyf stypje.
- De minsken dy’t it plan yntsjinje, wurkje sels mei oan de útwurking en útfiering fan it inisjatyf.
Beoardieling fan jo oanfraach
Oanfragen wurde beoardiele troch de ‘Tafel fan acht’. Dit is in ûnôfhinklike groep dy’t bestiet út 4 bewenners en 4 profesjonals fan maatskiplike organisaasjes. Sy advisearje it kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders. De ‘Tafel fan acht’ lit witte wêrom’t jo wol of gjin subsydzje foar jo inisjatyf krije.
Totale subsydzjebedrach
Der is €300.000,- per jier te brûken. De maksimale subsydzje per oanfraach is € 20.000.
In oanfraach wurdt ôfwiisd as:
- Net foldien wurdt oan de earder neamde betingsten.
- It inisjatyf in gebrûklike taak is fan de gemeente, of as der al subsydzje jûn wurdt oan in inisjatyf dat liket op jo inisjatyf.
- Jo net sels meihelpe oan it inisjatyf.
- Jo der finansjeel better fan wurde. Bygelyks partikuliere of ûndernimmerswinst.
- It inisjatyf allinnich ûntwikkele wurde kin mei 100% subsydzje fan de oerheid.
- De oanfraach rjochte is op in bydrage foar eksploitaasje.
- It inisjatyf gjin rekken hâldt mei takomstige kosten foar ûnderhâld of ynstânhâlding.
- It inisjatyf langer duorret as 1 jier.
- It inisjatyf hielendal of foar in part faker as ien kear yn de 4 jier weromkomt.
- It inisjatyf net mei op grûn fan gemeentlik belied.
- It inisjatyf net foldocht oan de betingsten dy’t beskreaun steane yn de ASV 2025, kêst 13.
Status subsydzjeoanfraach
Wolle jo jo yntsjinne subsydzjeoanfraach ynsjen? Dat kin fia it subsydzjeportaal.
Fragen?
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Wet- en regeljouwing
De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside Overheid.nl (lokaal):
- Regeling subsydzje Mienskipsfûns 2024
- Algemiene Subsydzjeferoardering Ljouwert 2025