Subsydzje aktiviteiten buert-, wyk- en doarpshuzen
Binne jo in stifting of feriening fan in buert-, wyk- of doarpshûs? Dan kinne jo jierliks subsydzje oanfreegje.
Wat jo witte moatte
- De bestjoeren fan de doarpshuzen, buerthuzen en wyksintra dy’t neamd stean yn de beliedsregel ‘subsidiëring activiteiten buurt-, wijk- en dorpshuzen’ op de webside Overheid.nl (lokaal kinne in oanfraach yntsjinje foar 1 oktober foar it oanfrege subsydzjejier.
- Yn it gefal dat it foar de beoardieling fan de oanfraach nedich is, kinne wy freegje om oanfoljende gegevens oer te lizzen.
Wêr kinne jo de subsydzje foar brûke?
De aktiviteiten dêr’t subsydzjue foar oanfrege wurdt moatte te meitsjen hawwe mei:
- Dat minsken mear meidwaan kinne, dat buorlju en bewenners inoar better kennen leare en dat der gjin efterstannen komme.
- It rjochtsjen op bewenners út de eigen buert en moatte oanslute by wat dizze bewenners wolle en nedich hawwe.
Hokker bylagen moatte jo by jo oanfraach taheakje?
- In bewiis fan in jildich IBAN-nûmer.
- In begrutting dêr’t alle kosten en ynkomsten mei-inoar yn lykwicht binne.
- It nijste oersjoch fan wat der fertsjinne en útjûn is. Dit wurdt ek wol in balâns en eksploitaasje-oersjoch neamd.
Subsydzjebedrach
It maksimale subsydzjebedrach dat jo krije kinne ferskilt per buert-, wyk- of doarpshûs en stiet neamd yn ‘Taheakke C. Oersjoch subsydzjes oan ynstellingen’ fan de gemeentlike Begrutting sa’t dy jierliks troch de gemeenteried fêststeld wurdt. Mear ynformaasje kinne jo fine op de webside Bestjoerlike Ynformaasje.
Status subsydzjeoanfraach
Wolle jo jo yntsjinne subsydzjeoanfraach ynsjen? Dat kin fia it subsydzjeportaal.
Kinne of wolle jo net digitaal oanfreegje?
Download it oanfraachformulier Subsydzje Aktiviteiten buert-, wyk- en doarpshuzen en ful yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.
Wet- en regeljouwing en/of beliedsnota’s
De folgjende beliedsnota fine jo op de webside Bestjoerlike ynformaasje:
- Begrutting gemeente Ljouwert 2025.
- Taheakke C. Oersjoch subsydzjes oan ynstellingen.
De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside fan Overheid.nl (lokaal):
- Beliedsregel Subsidiearring aktiviteiten buert-, wyk- en doarpshuzen.
- Algemiene Subsydzjeferoardering Ljouwert 2025.