Subsydzje Duorsume doarpen en wiken
Stiftingen, koöperaasjes en ferienings kinne by de gemeente subsydzje krije foar sawol begjinnende as besteande projekten op it mêd fan enerzjybesparring, enerzjyopwekking of enerzjyopslach.
Wat hawwe jo nedich foar in oanfraach?
- Gegevens fan jo organisaasje.
- Plan fan oanpak mei in omskriuwing fan it projekt.
- Begrutting fan it projekt.
Hoefolle subsydzje kinne jo oanfreegje?
Der binne fjouwer mooglikheden dêr’t jo subsydzje foar oanfreegje kinne. Oanfragen wurde op folchoarder fan binnenkomst yn behanneling nommen.
- Duorsume begjinners – subsydzje oant € 2.500
In organisearre groep bewenners út in wyk of doarp yn de gemeente Ljouwert dy’t mei-inoar de earste stappen sette wolle nei lokale enerzjybesparring en/of it opwekken fan duorsume enerzjy yn har eigen wyk of doarp.- Foarbylden: Untwikkeling eigen hússtyl, logo, flyer, organisearjen ynformaasjegearkomst(en); ûntwikkeling enkête, útnûging gastsprekker.
- Duorsume trochsetters – subsydzje oant € 7.500
Organisearre groep bewenners út in wyk of doarp yn de gemeente Ljouwert dy’t harren duorsume plannen en projekten foar duorsume enerzjyopwek of besparring yn harren wyk of doarp ferhastigje of trochûntwikkelje wolle.- Foarbylden: it organisearjen fan kollektive ynkeapaksjes, trochûntwikkeling enerzjybesparadvys, ynset waarmtebyldkamera, ynhier adviseur.
- Duorsume koprinners (oant en mei € 12.500)
Organisearre groep bewenners út in wyk of doarp yn de gemeente Ljouwert dy’t út harren wilens opdiene ûnderfining wei mienskiplik fierder wol mei projekten en aktyf meitinke en meidwaan wol oan in duorsum waarmteplan foar harren wyk of doarp.- Foarbylden: Utwurkjen plan fan oanpak foar duorsume mobiliteit, oanskaf eigen waarmtebyldkamera foar wyk of doarp, analyze wenningfoarried en passend advys, ûntwikkeling projektfoarstel foarbyldwenning, kennissesjes ferskillende duorsume waarmte-oplossingen.
- Duorsume eksperts – subsydzje oant € 25.000:
Foar in stifting, koöperaasje of feriening fan bewenners út in wyk of doarp dy’t wilens ûnderfining opdien hat mei it útfieren fan projekten en oan de slach wol mei in grutskalich projekt.- Foarbylden: It ynhieren fan in projektlieder om in ierdgasfrij-ready pilot te begelieden, ûndersyk te dwaan nei mooglike alternativen foar ierdgas, partisipaasjeprosessen om nije opwekking fan duorsume enerzjy hinne.
Kinne of wolle jo dit net digitaal oanfreegje?
Download dan it Oanfraachformulier Subsydzjeregeling Duorsume doarpen en wiken en folje it yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.
Status subsydzjeoanfraach
Wolle jo jo yntsjinne subsydzjeoanfraach ynsjen? Dat kin fia it subsydzjeportaal.
Hawwe jo noch fragen?
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert. Mear ynformaasje oer alle lokale enerzjy-inisjativen en lanlike subsydzjes fine jo op de website fan it Enerzjyloket Ljouwert.
Wet- en regeljouwing
De folgjende regeljouwing fine jo op ’e webside fan Overheid.nl (lokaal):
- Subsydzjeregeling duorsume doarpen en wiken 2023-2025