Subsydzje Fasilitearring frijwilligersorganisaasjes finansjele helpferliening
Mei dizze subsydzje wolle wy finansjele helpferliening en ûndersteuning biede oan ynwenners en learlingen op de skoallen fan de gemeente Ljouwert. Folsleine subsydzje-oanfragen wurde behannele yn folchoarder fan binnenkomst.
Betingsten dêr’t jo oan foldwaan moatte
- De oanfraach moat 8 wiken foar oanfang fan de aktiviteit yntsjinne wurde.
- De oanfraach foar it kalinderjier 2021 en de jierren dêrnei wurdt elke jier foar 1 oktober fan it foargeande jier yntsjinne.
Betingsten dêr’t wy ús oan hâlde moatte
- De aktiviteit is rjochte op frijwilligers dy’t wurksum binne yn de finansjele helpferliening.
- De aktiviteit is rjochte op frijwilligers dy’t wurksum binne foar de ynwenners fan de gemeente Ljouwert of learlingen op skoallen yn de gemeente Ljouwert.
- De oanfreger wurket gear mei de sosjale wykteams, it frijwilligersservicepunt, de buertservicepunten en oare frijwilligersorganisaasjes dy’t binnen de gemeente Ljouwert aktyf binne op it mêd fan finansjele helpferliening, sadat de help oan boargers sa maklik en goed mooglik oanbean wurdt.
- Nije frijwilligers wurdt in oplieding oanbean, sadat se oer foldwaande ynformaasje beskikke om ynwenners de juste finansjele help en ûndersteuning te bieden.
- Foar aktive frijwilligers wurdt byskoalling organisearre.
- De frijwilligers wurde begelaat by it bieden fan help en ûndersteuning oan de ynwenners.
- Foar werving, seleksje, matching, begelieding, ûnkosten en oplieding fan nije frijwilligers wurdt maksimaal € 1000,- subsydzje per nije frijwilliger ferliend.
- Foar begelieding, ûnkosten en oplieding fan wilens aktive frijwilligers wurdt maksimaal € 500,’- subsydzje per frijwilliger ferliend.
Hokker ynformaasje sette jo yn de oanfraach?
- Hoefolle frijwilligers der op dit stuit aktyf binne.
- Hoefolle nije frijwilligers der ferwachte wurde yn it jier dêr’t de subsydzje foar oanfrege wurdt.
- Hokker aktiviteiten der útfierd wurde.
Status subsydzjeoanfraach
Wolle jo jo yntsjinne subsydzjeoanfraach ynsjen? Dat kin fia it subsydzjeportaal.
Wet- en regeljouwing
De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside fan Overheid.nl (lokaal):
- Algemiene Subsydzjeferoardering Ljouwert 2018. (It giet om kêst 2).
- Regeling Subsydzje Fasilitearring frijwilligersorganisaasjes finansjele helpferliening 2020.
Fluch oan: