Fluch oan:

Wêrfoar kinne jo subsydzje krije?

  • Gevelisolaasje
  • Flier- of boaiemisolaasje
  • Dakisolaasje fan binnenút of fan in plat dak
  • Souder/flieringisolaasje
  • HR++-glês/HR++ tripleglês, isolearre kezynpaniel- of in isolearre doar

Jo kinne al subsydzje krije foar 1 isolaasjemaatregel. De isolaasjemaatregels moatte dien wêze nei 1 jannewaris 2024. De wurksumheden moatte klear wêze foar 31 desimber 2026.

Betingsten subsydzje

  • Jo binne eigener fan de wenning yn de gemeente Ljouwert en bewenje dy.
  • Jo wenning hat it enerzjylabel D, E, F of G.
    • Hat jo wenning gejin fêststeld enerzjylabel? Dan moatte minimaal 2 fan de folgjende besteande boudielen net of min isolearre wêze: de flier en boaiem, de gevel (dêrûnder spoumuorre), it dak en de souder/flieringflier, de ruten en doarren.
  • Jo wenning hat in maksimale WOZ-wearde fan € 268.000 (peildatum 1 jannewaris 2022).
  • Jo kinne per adres/húshalding 1 kear gebrûk meitsje fan dizze subsydzje.

Wêrfoar kinne jo gjin subsydzje krije?

De gemeente Ljouwert kin op dit stuit gjin subsydzje foar spoumuorre- of dakisolaasje fan bûtenôf jaan. Yn spoumuorren en dakken fan in wenning kinne nammentlik flearmûs- en fûgelsoarten húzje. It fersteuren en deadzjen fan dizze soarten en it fernielen fan harren ferbliuwplakken is op grûn fan de Omjouwingswet en it Beslút aktiviteiten leefomjouwing ferbean.

Der wurdt wurke oan manieren om isolearjen op in natuerfreonlike wize mooglik te meitsjen. Sadree’t dit kin, komt der op dizze side mear ynformaasje oer de mooglikheid fan subsydzje. Wolle jo mear witte, dan kinne jo sjen op de webside oer natuerfreonlik isolearjen fan de Provinsje Fryslân.

Betingsten isolaasjemaatregels

De isolaasjemaatregels dy’t jo útfiere of útfiere litte, moatte oan in oantal betingsten foldwaan. Foar alle maatregels jildt dat it materiaal op de meldkoadelist fan de Rykstsjinst foar Undernimmend Nederlân (RVO) stean moat. Jo fine dizze meldkoadelisten op de webside fan de RVO. Dit giet om normale wenningen. Foar monuminten sjoch de bylage fan de subsydzjeregeling op de webside fan Overheid.nl (lokaal).

Dakisolaasje of souder- of flieringisolaasje (mei meldkoade)

  • Minimaal 20 kante meter fan it besteande dak wurdt isolearre. Of as de souder of fliering netferwaarme is, wurdt op syn minst 20 kante meter fan it oerflak fan de besteande souder- of flieringflier isolearre.

Gevelisolaasje (mei meldkoade)

  • Op syn minst 10 kante meter fan it besteande oerflak fan de binnen- of bûtengevel wurdt isolearre.

HR++-glês/HR++ tripleglês, isolearre kezynpaniel- of in isolearre doar (mei meldkoade)

  • Minimaal 8 kante meter fan it besteande oerflak wurdt ferfongen.

Flier- of boaiemisolaasje (mei meldkoade)

  • Op syn minst 20 kante meter fan it oerflak fan de besteande flier of de besteande boaiem wurdt isolearre.

Hichte subsydzje

Jo kinne maksimaal € 2.150 oan subsydzje oanfreegje. Foar in monumint is dit maksimaal € 2.500.
Kostje de útfierde maatregels mei-inoar minder as dit bedrach? Dan kinne jo maksimaal it totaalbedrach fan de maatregels oanfreegje. As jo biobased isolaasjemateriaal brûke, dan kinne jo de subsydzje mei 10 prosint ferheegje oant in maksimum fan € 200,-.  Dit jildt foar normale en monumintale wenningen.

Wolle jo noch mear oan jo wenning dwaan en hawwe jo in leech ynkommen? De gemeente Ljouwert hat noch in subsydzje.

Sjoch foar mear ynformaasje op de side Subsydzjeregeling enerzjybesparjende wenningmaatregels. Dizze subsydzjeregeling hat as ekstra betingst dat jo in leech ynkommen hawwe (net heger as € 48.625 bruto yn it jier). Der jilde deselde betingsten foar it enerzjylabel en maksimale WOZ-wearde fan jo wenning. Mooglik kinne jo fan beide subsydzjes gebrûk meitsje, sadat jo noch mear oan jo wenning ferduorsumje kinne.

Wat hawwe jo nedich foar in oanfraach?

De folgjende dokuminten leverje jo yn by de oanfraach:

  • In offerte mei jo namme, adres en wenplak derop.
  • In omskriuwing fan alle isolaasjemaatregels (en fentilaasjemaatregels) dy’t dien wurde.
    • De namme fan it (isolaasje)materiaal dat brûkt wurdt.
    • It oantal kante meter per maatregel dat isolearre wurdt.
    • De meldkoade fan it brûkte materiaal. As dit net bekend is: alle isolaasjewearden fan de brûkte materialen.

Binne jo fan doel it ferduorsumjen sels te dwaan? Dan leverje jo yn:

  • In plan mei de wurksumheden dy’t jo útfiere sille.
  • In omskriuwing fan alle isolaasjemaatregels (en fentilaasjemaatregels) dy’t dien wurde.
    • De namme fan it (isolaasje)materiaal dat brûkt wurdt.
    • It oantal kante meter per maatregel dat isolearre wurdt.
    • De meldkoade fan it brûkte materiaal. As dit net bekend is: alle isolaasjewearden fan de brûkte materialen.
  • In oersicht mei de ferwachte kosten.
    • Jo kinne allinnich subsydzje krije foar de kosten fan de materialen, net foar jo eigen oeren.

Kinne of wolle jo dit net digitaal oanfreegje?

Download it Oanfraachformulier Subsydzjeregeling Isolaasje Eigen Wenning en ful it yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.

Wat te dwaan as de isolearjende maatregels útfierd binne?

Jo stjoere it deklaraasjeformulier dat jo krigen hawwe nei jo oanfraach werom en jo dogge de faktueren derby. Dit moat binnen 4 wike nei ûntfangst fan de faktueren fan de isolaasjemaatregels.

Hawwe jo sels jo wenning ferduorsume? Dan dogge jo ek de faktuer (kassabon) of oerienkomst fan de kochte materialen derby. Hjirop stean jo namme, adres en wenplak.

Fragen of mear ynformaasje?

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.

Wet- en regeljouwing

De folgjende regeljouwing fine jo op ’e webside fan Overheid.nl (lokaal):

  • Subsydzjeregeling isolaasje eigen wenning gemeente Ljouwert.