Subsydzje Makkers Keunst & Kultuer
Binne jo (semi-)profesjoneel en wolle jo binnen de gemeente Ljouwert in kulturele produksje meitsje? Bygelyks in foarstelling, konsert, keunstwurk of tentoanstelling. En draacht dizze aktiviteit by oan it kulturele oanbod yn de gemeente Ljouwert? Of binne jo in lokale majker en wolle jo jo talent (fierder) ûntwikkelje? Dan kinne jo gebrûk meitsje fan de subsydzjeregeling Makkers Keunst & Kultuer.
Wat binne de betingsten?
- Jo aktiviteit moat besocht wurde kinne troch ynwenners fan de gemeente Ljouwert.
- As de aktiviteit bûten de gemeente Ljouwert is, moat dit meihelpe oan de promoasje en positive útstrieling / imago fan de gemeente Ljouwert op nasjonaal en ynternasjonaal nivo.
- Jo meie maksimaal 1 oanfraach per oanfraachperioade dwaan. Der binne 2 oanfraachperioaden yn it jier: fan 1 jannewaris oant en mei 30 juny én fan 1 july oant en mei 31 desimber. Foar elke oanfraachperioade jildt in maksimaal subsydzjebedrach fan € 5.000,-.
- De subsydzje is 50% fan de (organisaasje)kosten foar de aktiviteit, mar nea mear as it bedrach dat je tekoartkomme en nea mear as € 5.000,-. De oare kosten moatte jo op in oare wize dekke, bygelyks troch ynkomsten út entreejild, sponsoring, subsydzjes fan oare oerheden, fûnsen, donateurs, eigen bydragen of crowdfunding.
Hokker bylagen moatte jo by jo oanfraach taheakje?
- In aktiviteiteplan. Dat jout in oersicht mei in beskriuwing fan it karakter, de omfang, perioade, doer, lokaasje en wize fan útfiering fan de aktiviteiten dêr’t subsydzje foar oanfrege wurdt. Ek wurdt in beskriuwing frege fan de eftergrûn, motivearring, oanpak, planning, PR en it publyk dat jo berikke wolle.
- In slutende en foldwaande útleine begrutting fan de ynkomsten en útjeften. Yn de begrutting stiet ek it oanfrege subsydzjebedrach. By de begrutting is it echt nedich dat dizze slutend is.
Wannear moatte jo oanfraach en bylagen by ús binnen wêze?
De subsydzje kin fan 6 moannen foardat jo mei de aktiviteit úteinsette / begjinne, ôf oanfrege wurde en moat op syn lêst 2 moannen foardat jo mei de aktiviteit úteinsette / begjinne troch ús ûntfongen wêze.
Kinne of wolle jo dit net digitaal oanfreegje?
Download it Oanfraachformulier Subsydzjeregeling Makkers Keunst & Kultuer en folje it yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.
Status subsydzjeoanfraach
Wolle jo jo yntsjinne subsydzjeoanfraach ynsjen? Dat kin fia it subsydzjeportaal.
Wet- en regeljouwing
De folgjende regeljouwing fine jo op ’e webside Overheid.nl (lokaal):
- Subsydzjeregeling Makker Keunst & Kultuer gemeente Ljouwert 2024.
- Algemiene Subsydzjeferoardering gemeente Ljouwert.