Fluch oan:

Wolle jo subsydzje oanfreegje?

Sertifisearre berne-opfangoanbieders dy’t wurkje mei in erkend VVE-programma.

Foar hokker aktiviteiten

De gemeente kin in jierlikse budzjetsubsydzje ferliene oan berne-opfangoanbieders op grûn fan it oantal besette pjutteplakken.

Doel fan de aktiviteiten

Foar- en ierskoalske edukaasje (VVE) is ûnderdiel fan it ûnderwiisefterstannebelied. It doel fan it oanbieden fan VVE is om pjutten mei in mooglike (taal)efterstân better ta te rieden op de basisskoalle en derfoar te soargjen dat kleuters sûnder efterstân nei groep 3 kinne.

Status subsydzjeoanfraach

Wolle jo jo yntsjinne subsydzjeoanfraach ynsjen? Dat kin fia it subsydzjeportaal.

Fragen of mear ynformaasje?

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.

Wet- en regeljouwing

De folgjende regeljouwing fine jo op ’e webside fan Overheid.nl (lokaal):

  • Subsydzjeregeling Foarskoalske edukaasje gemeente Ljouwert.