Subsydzje Wykpanels en Doarpsbelangen
Binne jo in wykpanel of doarpsbelang? Dan kinne jo jierliks subsydzje oanfreegje. Wolle jo subsydzje oanfreegje foar 2025? Doch dat dan foar 1 oktober 2024.
Hoe wurket it?
De subsydzje wykpanels/doarpsbelangen is bedoeld foar saken dy’t de leefberens yn de wyk/it doarp te’n goede komme. Ek kin de subsydzje brûkt wurde foar saken dy’t it funksjonearjen fan it wykpanel/doarpsbelang te’n goede komme.
Op it formulier kinne jo oanjaan wêr’t jo de subsydzje foar it oanbelangjende kalinderjier oan tinke te besteegjen. Jo hoege hjir gjin bedraggen by te neamen. Dizze begrutting wurdt ek opnommen yn de wyk- en doarpsprogramma’s dy’t yn jannewaris fan it oanbelangjende jier hûs-oan-hûs yn jo wyk/doarp ferspraad wurde.
Wat jo witte moatte
De bestjoeren dy’t neamd stean yn de beliedsregel ‘Subsydzjeregel aktiviteiten Wykpanels en Doarpsbelangen’ kinne in oanfraach yntsjinje foar 1 oktober foarôfgeand oan it subsydzjejier. Yn it gefal dat it foar de beoardieling fan de oanfraach fan belang is, kinne wy freegje om oanfoljende gegevens oer te lizzen.
Kinne of wolle jo dit net digitaal oanfreegje?
Download it formulier Subsydzje Wykpanels en Doarpsbelangen en ful yn. Stjoer it formulier op nei de Gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.
Status subsydzjeoanfraach
Wolle jo jo yntsjinne subsydzjeoanfraach ynsjen? Dat kin fia it subsydzjeportaal.
Fragen of mear ynformaasje?
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Wet- en regeljouwing
De folgjende regeljouwing fine jo op ’e webside Overheid.nl (lokaal):
- Beliedsregel subsydiëarring Wykpanels en Doarpsbelangen.
- Algemiene Subsydzjeferoardering Ljouwert 2025.