Subsydzjeregeling kompensaasje OZB 2025 en 2026
Buert-, wyk- en doarpshuzen en sportakkomodaasjes kinne fia in regeling in diel fan de ûnreplikguodbelesting (OZB) weromkrije. Buert-, wyk- en doarpshuzen en sportakkomodaasjes krije it ferskil fergoede tusken it OZB-taryf foar in wenning en in net-wenning.
Betingsten
- De oanfreger hat binnen de gemeente Ljouwert ien of meardere ûnreplike saak/saken en hat hjirfoar in OZB-oanslach krigen.
- De oanfreger hat de OZB-oanslach betelle of hat in betellingsregeling ôfpraat, dêr’t op syn minst de earste beteltermyn by betelle is.
- It ferskil tusken de oanslaggen foar in wenning en in net-wenning moat minimaal € 100,- wêze om in oanfraach yntsjinje te kinnen.
- De oanfraach foar kompensaasje oer 2025 moat fóár 1 juny 2025 yntsjinne wêze by de gemeente. Óer 2026 jildt dit fóár 1 juny 2026.
Totale subsydzjebedrach
It maksimaal te ûntfangen bedrach by it fêststelde bedrach foar OZB fan it oanbelangjende jier. It maksimum subsydzjebedrach per oanfreger is yn totaal € 10.000,- per jier.
Kinne of wolle jo dit net digitaal oanfreegje?
Download it formulier kompensaasje OZB 2025 en ful yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.
Status subsydzjeoanfraach
Wolle jo jo subsydzjeoanfraach besjen? Dat kin fia it subsydzjeportaal.
Fragen of mear ynformaasje
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Wet- en regeljouwing
De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside fan Overheid.nl (lokaal):
- Subsydzjeregeling kompensaasje OZB 2025 oant en mei 2026.