Fluch oan:

Kinne of wolle jo dit net digitaal oanfreegje?

Download it Oanfraachformulier Subsydzjeregeling isolaazjemaatregels foar bedriuwen en ful it yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.

Hoe wurket it?

  • Freegje foar’t jo in oanfraach dogge ien of mear offertes op foar de maatregels dy’t jo útfiere litte wolle.
  • Neist it oanfraachformulier stjoere jo de folgjende bylagen mei:
    • In kopy fan in jildich identiteitsbewiis: bygelyks in paspoart of identiteitskaart.
    • Kopyen fan in úttreksel út it hannelsregister fan de Keamer fan Keaphannel:
      • fan de ûndernimming yn it bedriuwspân;
      • en as in (oare) rjochtspersoan de oanfraach docht: fan dy rjochtspersoan.
    • In ôfskrift út iepenbiere register fan it kadaster dêr’t út blykt dat jo de rjochthawwende binne fan it bedriuwspân.
    • As in rjochtspersoan oanfraach docht: in minimis-ferklearring dy’t út namme fan dy rjochtspersoan ynfuld is. Foar mear ynformaasje oer in minimis-ferklearring besjoch de webside fan it Ministearje fan Sosjale Saken en Wurkgelegenheid.
    • In offerte of meardere offertes foarsjoen fan:
      • namme, adres en wenplak fan de oanfreger;
      • in omskriuwing fan de te realisearjen isolaasjemaatregels mei de spesifikaasjes dy’t foldogge oan foarskriften út de bylage by de subsydzjeregeling (ISDE-easken) en mei de kosten derby.
    • As subsydzje oanfrege wurdt foar spoumuorre-isolaasje of dakisolaasje fan bûtenôf: in kopy fan de dêrfoar ferliende ûntheffing Wet natuerbeskerming;
    • In realistyske planning fan de útfiering fan de wurksumheden, dêr’t út blykt dat dy binnen tolve moanne nei subsydzjeferliening útfierd wêze sille.

Foar wa is de regeling?

De Subsydzjeregeling isolaasjemaatregels bedriuwen is foar bedriuwspannen yn de gemeente Ljouwert (mei útsûndering fan monuminten, sjoch hjirfoar de Subsydzjeregeling ferduorsuming monuminen yn de kategory bedriuwen). As oanfreger moatte jo eigener wêze fan it pân. Hiere jo in wenning? Dan kinne jo dizze regeling by jo ferhierder ûnder de oandacht bringe. De MKB enerzjycoach fan de gemeente ûndersteunt jo graach yn dit petear, nim hjirfoar kontakt op mei Reinder Feenstra fia reinder.feenstra@leeuwarden.nl.

Mear ynformaasje oer beide subsydzjeregelingen kinne jo fia it kopke ‘Wet- en regeljouwing’ ûnderoan dizze side fine.

Foar hokker doel kinne jo de regeling brûke?

Mei dizze regeling kinne jo subsydzje krije foar it útfiere litten fan isolearjende maatregels oan jo bedriuwspân. Dit om enerzjykosten te ferleegjen en enerzjy te besparjen.

Wat binne de betingsten?

  • Jo binne eigener fan in bedriuwspân yn de gemeente Ljouwert.
  • Jo hawwe noch net earder subsydzje ûntfongen út dizze subsydzjeregeling.
  • De aktiviteiten dêr’t subsydzje foar oanfrege wurdt moatte binnen ien jier nei’t jo de subsydzjebeskikking ûntfongen hawwe útfierd wurde.
  • De wuksumheden binne op of nei 1 jannewaris 2024 úteinset.
  • Oanfragen kinne uterlik oant en mei 31 desimber 2024 yntsjinne wurde en wurde yn behanneling nommen op folchoarder fan ynkommen.

Wêrfoar kinne jo subsydzje krije?

Jo kinne subsydzje oanfreegje foar de kosten dy’t streekrjocht ta te rekkenjen binne oan it troch in boubedriuw pleatse litten fan (ien fan) de folgjende maatregels:

  • Gevelisolaasje.
  • Spoumuorre-isolaasje.
  • Dakisolaasje (dan wol solder- of flieringisolaasje).
  • Flier- of boaiemisolaasje.
  • HR++-glês-/tripleglês
  • Isolearre kezynpaniel- of in isolearre doar.

Boppesteande aktiviteiten moatte foldwaan oan de foarskriften en spesifikaasjes yn de bylage by de regeling: Subsydzjeregeling isolaasjemaatregels bedriuwen. Kontrolearje dit foarôf by jo boubedriuw of oannimmer. Mear ynformaasje oer dizze subsydzjeregeling kinne jo fia it kopke ‘Wet- en regeljouwing’ ûnderoan dizze side fine.

Wêrfoar kinne jo gjin subsydzje krije?

Jo kinne gjin subsydzje oanfreegje as:

  • De aktiviteiten fan tapassing binne op nijbou.
  • De aktiviteiten fan tapassing binne op in gemeentlik monumint of ryksmonumint (sjoch hjirfoar de Subsydzjeregeling ferduorsuming monuminten yn de kategory bedriuwen).
  • De aktiviteiten fan tapassing binne op it oanskaffen, pleatsen of pleatse litten fan spoumuorre-isolaasje of dakisolaasje fan bûtenôf as de provinsje jo dêr gjin fergunning foar ferliend hat dy’t op grûn fan de Omjouwingswet en it Beslút aktiviteiten leefomjouwing nedich is mei it each op de natuerbeskerming.

Subsydzjebedrach

  • Litte jo ien maatregel útfiere, dan kinne jo 20% fan de kosten subsidiearre krije.
  • Litte jo twa of mear maatregels útfiere, dan kinne jo per maatregel 30% fan de kosten subsidiearre krije.
  • Wurdt der foar ien of mear maatregels gebrûk makke fan biobased isolaasjemateriaal? Dan kinne jo foar dy maatregels 10% ekstra subsydzje krije.
  • Is der ekologysk ûndersyk nedich foar in omjouwingsfergunning fan de provinsje? Dan kinne jo 50% fan de kosten hjirfoar subsidiearre krije oant in maksimum fan € 2.000,-.
  • Der wurdt maksimaal € 20.000,- per oanfraach oan subsydzje jûn.

Wet- en regeljouwing

De folgjende regeljouwing fine jo op ’e webside Overheid.nl (lokaal):

  • Algemiene Subsydzjeferoardering Ljouwert 2025 (ASVL)
  • Subsydzjeregeling isolaasjemaatregels bedriuwen gemeente Ljouwert
  • Subsydzjeregeling ferduorsuming monuminten yn de kategory bedriuwen gemeente Ljouwert