Subsydzjeregeling wenningisolaasje Feriening fan Eigeners
Binne jo in Feriening fan Eigeners (VvE) dêr’t min isolearre keapwenningen by oansletten binne? En is de WOZ-wearde fan dizze wenningen leger as € 350.000,-? Dan kinne jo miskien as VvE in subsydzje krije foar it isolearjen fan ruten, muorren, dakken en flierren fan dy wenningen. Foar dizze subsydzje is € 2.150,- per wenning beskikber (€ 2.500,- foar monuminten). Jo freegje dizze subsydzje as VvE op gebounivo oan.
Kinne jo of wolle jo dit net digitaal oanfreegje?
Download it Oanfraachformulier Subsydzjeregeling Feriening fan Eigeners en ful yn. Stjoer it formulier op nei de Gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.
Wêrfoar kinne jo subsydzje krije?
- Gevelisolaasje
- Spoumuorre-isolaasje
- Dakisolaasje
- Souder/flieringisolaasje
- Flierisolaasje
- Boaiemisolaasje
- HR++-glês/tripleglês, isolearre kezynpaniel- of in isolearre doar.
Jo krije allinnich subsydzje foar de wenningen dy’t grinzje oan de keazen isolaasjemaatregel(s). De isolaasjemaatregels moatte útfierd wurde nei 1 jannewaris 2024 en moatte klear wêze binnen 12 moannen nei de oanfraach. De subsydzjeoanfraach moat troch de gemeente ûntfongen wêze fóár 1 jannewaris 2028.
Ekstra betingsten foar spoumuorre-isolaasje
Der binne ekstra betingsten foar dakisolaasje fan bûtenôf en spoumuorre-isolaasje Dit komt omt wy bisten, bygelyks flearmuzen, dy’t yn jo hûs libje, beskermje wolle by it isolearjen. It is dêrom belangryk dat jo kieze foar in isolaasjebedriuw dat wurket neffens de metoade ‘Natuurvriendelijk insoleren’. Der is in list makke mei gaadlike bedriuwen. Sjoch foar mear ynformaasje op de webside Natuurvriendelijk isoleren.
Betingsten subsydzje
- De VvE is in mingde feriening fan eigener-bewenners en hierders.
- De VvE befynt him yn de gemeente Ljouwert.
- Per VvE kin 1 kear gebrûk makke wurde fan dizze subsydzje.
Foar it oantal wenningen dêr’t jo subsydzje foar oanfreegje kinne jildt dat:
- De wenningen hawwe in WOZ-wearde fan € 350.000,- of leger (peildatum 1 jannewaris 2022).
- Minimaal twa fan de besteande boudielen fan de wenningen binne net of min isolearre: de flier en boaiem, de gevel (dêrûnder spoumuorre), it dak en de souder/flieringflier, de ruten en doarren.
- De wenningen grinzje oan it boudiel dat fan isolaasje foarsjoen wurdt.
- Der is foar de wenningen noch gjin subsydzje krigen út de Subsydzjeregeling eigen wenning.
Betingsten isolaasjemaatregels
De isolaasjemaatregels dy’t jo útfiere of útfiere litte, moatte oan in oantal betingsten foldwaan. Foar alle maatregels jildt dat it materiaal op de meldkoadelist fan de Rykstsjinst foar Undernimmend Nederlân (RVO) stean moat. Jo fine dizze meldkoadelisten op de webside fan de RVO. Dit giet om normale wenningen. Foar monuminten sjoch de bylage fan de subsydzjeregeling op de webside fan Overheid.nl (lokaal).
Gevelisolaasje (mei meldkoade)
- Per wenning wurdt op syn minst 10 kante meter fan it besteande oerflak fan de binnen- of bûtengevel isolearre.
Spoumuorre-isolaasje (mei meldkoade)
- Per wenning wurdt op syn minst 10 kante meter fan it besteande oerflak fan de spoumuorren isolearre.
Dakisolaasje of souder- of flieringisolaasje (mei meldkoade)
- Minimaal 70% fan it besteande dak wurdt isolearre. Of as de souder of fliering net ferwaarme is, wurdt op syn minst 70% fan it oerflak fan de besteande souder- of flieringflier isolearre.
Flier- of boaiemisolaasje (mei meldkoade)
- Op syn minst 70% fan it oerflak fan de besteande flier of de besteande boaiem fan it hiele gebou wurdt isolearre.
Glês-, kezynpaniel- of doarisolaasje (mei meldkoade)
- Per wenning wurdt op syn minst 3 kante meter fan it besteande oerflak ferfongen.
Hichte subsydzje
Jo kinne maksimaal € 2.150 per wenning oanfreegje. Foar in monumint is dit maksimaal € 2.500. As jo biobased isolaasjemateriaal brûke, dan kinne jo de subsydzje mei 10 prosint ferheegje oant in maksimum fan € 200,- per wenning. Dit jildt foar normale en monumintale wenningen. Brûke jo foar in maatregel in kombinaasje fan subsydzjes wêrtroch’t it totaal oan subsydzjes heger is as de kosten? Dan kinne jo maksimaal it totaalbedrach fan de maatregels fergoede krije.
Hawwe de wenningeigeners fan de te isolearjen wenningen in leech ynkommen? Dan kinne sy noch oare subsydzjes oanfreegje.
- Subsydzje Friese Plus troch de provinsje Fryslân
- Ynwenners mei in leech ynkommen kinne ekstra jild krije fan de provinsje Fryslân om harren hûs te isolearjen. Dit ekstra jild hjit de ‘Friese Plus’. Dizze subsydzje jildt allinnich as jo ek de gemeentlike subsydzje Isolaasje Eigen Wenning óf dizze subsydzje Isolaasje Ferieningen fan Eigeners krigen hawwe. De subsydzje is foar deselde maatregels en komt boppe op de gemeentlike subsydzje as de kosten fan de maatregels heger binne. Jo kinne maksimaal € 2.500 per hûs krije. De Friese Plus is net foar minsken dy’t sels klusse. Duurzaam Bouwloket fiert dizze subsydzje Friese Plus út yn opdracht fan de provinsje Fryslân. Op de webswide duurzaambouwloket fine jo mear ynformaasje oer dizze aksje en de betingsten. Dizze subsydzje moat yndividueel oanfrege wurde.
- Subsydzje enerzjybesparjende wenningmaatregels
- Dizze Subsydzje Enerzjybesparjende Wenningmaatregels fan de gemeente Ljouwert hat as ekstra betingst dat de wenning in WOZ-wearde leger as € 268.000,- (peildatum 1-1-2022) hat én dat de wenningeigener in leech ynkommen hat (net heger as € 48.625 bruto yn it jier). Mooglik kin de wenningeigener fan beide subsydzjes gebrûk meitsje. Dizze subsydzje moat yndividueel oanfrege wurde.
- Subsydzje foar ferduorsuming foar feriening fan eigeners (SVVE)
- Jo kinne mei de feriening fan eigeners (VvE) subsydzje oanfreegje om jou gebou enerzjysuniger te meitsjen. It giet om de Subsydzje foar ferduorsuming foar feriening fan eigeners (SVVE). Mear ynformaasje fine jo op de webside Rijksdienst voor Ondernemend Nederland.
Wat hawwe jo nedich foar in oanfraach?
De folgjende dokuminten leverje jo yn by de oanfraach:
- Offerte(s) fan de út te fieren maatregels.
- In begrutting dêr’t (ynklusyf de ferwachte subsydzje) in helbere finansiering út blykt.
- Beslút(en) fan de Algemiene Gearkomste dy’t ynstimt mei de oanfraach fan de subsydzje en mei de útfiering fan de maatregels (eventueel ûnder foarbehâld fan subsydzjeferliening).
- Boutekeningen of oare dokuminten dy’t ynsichtlik meitsje hokker wenningen grinzje oan de te isolearjen boudielen.
- Dokuminten dêr’t út blykt dat op syn minst ien fan de wenningen yn besit is fan in eigener-bewenner.
- In ynfulde de-minimisferklearring fan elke ûndernimming dy’t ien of mear fan de wenningen yn eigendom hat en finansjeel foardiel hawwe soe as de oanfraach tawiisd wurdt.
Wat te dwaan as de isolearjende maatregels útfierd binne?
Jo stjoere it deklaraasjeformulier dat jo krigen hawwe nei jo oanfraach werom en jo dogge de faktueren derby. Dit moat binnen 4 wike nei ûntfangst fan de faktueren fan de isolaasjemaatregels.
Fragen of mear ynformaasje?
Wy wolle jo helpe by it ferduorsumjen fan jo wenning. Mear ynformaasje oer bygelyks subsydzjes, tips, help fan in enerzjycoach en advys fine jo op ’e webside fan it Enerzjyloket Ljouwert. Foar oare fragen, nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Wet- en regeljouwing
De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside fan Overheid.nl (lokaal):
- Subsydzjeregeling wenningisolaasje foar ferieningen fan eigeners gemeente Ljouwert.