Ferantwurding subsydzjes
De gemeente hat foar it fêststellen fan subsydzjes in finansjele ferantwurding nedich. Foar subsydzjes kinne wy dêrom freegje om in jierrekken, in taljochting op de jierrekken en in kontrôleferklearring fan de accountant. Neist in finansjele ferantwurding freget de gemeente ek in ynhâldlike ferantwurding.
Jierrekken
Wy freegje om in folsleine jierrekken. Ek as wy mar in part fan de aktiviteiten subsidiearje. Op dizze jierrekken moat in oersicht fan ynkomsten en útjeften (resultaterekken) en de balâns stean.
Oersicht fan ynkomsten en útjeften
It oersicht fan ynkomsten (ûntfongen) en útjeften (betelle) jout ynformaasje oer it besikbere jild en wêr’t dat jild oan bestege is. Yn dit oersicht stiet dúdlik de gemeentlike subsydzje as ynkomsten.
Balâns
De balâns jout ynformaasje oer de opbou fan it eigen fermogen, foarsjennings en reserves.
Taljochting op de jierrekken
Yn de taljochting stiet:
- in útlis en ûnderbouwing fan de finansjele resultaten;
- In fergeliking tusken it resultaat en de by de oanfraach fan de subsydzje meistjoerde begrutting. Mei útlis fan de ferskillen, de oarsaken fan de ferskillen en mooglike gefolgen;
- ynformaasje oer bysûndere ynkomsten en/of bysûndere útjeften;
- de feroarings yn de reserves (wat gong deryn en derút). Mei útlis oer wêr’t it bedrach foar in reserve wei komt en de plannen foar it gebrûk fan de reserve;
- oft it einsaldo (winst of ferlies) fóár of nei de feroarings yn de reserve fêststeld is.
Kontrôle accountant
De kontrôle troch de accountant foldocht oan de folgjende algemiene easken
- De kontrôle rjochtet him op:
- de betrouwberens fan de finansjele ferantwurding en
- de rjochtmjittigens fan it besteegjen fan de ferliende subsydzje.
- Mei de kontrôle op de betrouberens bedoele wy:
- kontrôle oft de finansjele ferantwurding kloppet mei de feitlike situaasje;
- kontrôle oft de finansjele ferantwurding kloppet mei de easken dy’t hjiroan troch de gemeente yn de beskikking (en taheakken) fan de subsydzjeferliening steld binne;
- kontrôle oft yn it ynhâldlik ferslach gjin tsjinstridichheden mei de finansjele ferantwurding steane.
- Mei de kontrôle op de rjochtmjittigens bedoele wy:
- kontrôle oft de finansjele ferantwurding kloppet mei de jildende wet- en regeljouwing;
- kontrôle oft de subsydzje brûkt is foar it doel en de perioade fan de subsydzje.
- Wy ferwachtsje dat de accountant ek:
- fêststelt oft it finansjeel behear tagonklik, betrouber en kontrolearber is;
- konstatearre flaters, dy’t ynfloed hawwe op de omfang fan de subsydzje en dy’t werstelber binne, korrizjearret;
- net-werstelbere flaters meiwaget yn it oardiel fan de kontrôleferklearring;
- omtinken hat foar in goede en folsleine ferantwurding fan ko-finansieringsbydragen.
De fêststelling fan de betrouberens foldocht oan de folgjende easken
- Der wurdt foar de mjitte fan de betrouberens in persintaazje fan minimaal 95% hantearre.
- De omfang fan de flaters en/of ûnwissichheden wurde útdrukt as in persintaazje fan de ferliende subsydzje. Hjirby wurde de folgjende konklúzjes hantearre:
- ûnkrektheden < 1%: goedkarrend
- ûnkrektheden ≥ 1% en ≤ 3%: mei beheining
- ûnkrektheden > 3%: ôfkarrend
- ûnwissichheden < 3%: goedkarrend
- ûnwissichheden ≥ 3% en ≤ 10%: mei beheining
- ûnwissichheden > 10%: ûnthâlden fan oardiel
- In taljochting op de konklúzje as it persintaazje fan de ûnkrektheden ≥ 1% en/of de ûnwissichheden ≥ 3% is.
Kontrôleferklearring
De accountant leit de útkomsten fan syn kontrôle fêst yn in kontrôleferklearring.
Yn dizze ferklearring stiet ek oft it bedrach fan de subsydzje korrekt útjûn is.
Foarbyld fan de ferklearring fan de accountant
- De finansjele ferantwurding jout in betrouber byld fan:
- de grutte en de gearstalling fan it totale besit op 31 desimber <jiertal>
- it resultaat oer <jiertal>
- dat de finansjele ferantwurding yn oerienstimming is mei de algemiene easken.
- Wy ferklearje dat:
- de subsydzje bestege is foar it doel en de aktiviteiten dêr’t de subsydzje foar ferliend is;
- de aktiviteiten yn oantal en omfang korrekt werjûn binne;
- de betingsten út de beskikking fan de subsydzjeferliening neilibbe binne;
- Yn de finansjele ferantwurding oer <jiertal> in korrekte ferliking tusken de jierrekken en de begrutting opnommen is.
Jout in accountant gjin goedkarrende ferklearring?
Dan kin de subsydzje leger fêststeld wurde. Dit stiet yn kêst 24 lid 5 fan de Algemiene Subsydzjeferoardering gemeente Ljouwert 2025.
Ynhâldlike ferantwurding
Foar in ynhâldlike ferantwurding freget de gemeente in jierferslach mei de útfierde aktiviteiten, doelen en resultaten dêr’t de subsydzje foar ferliend is. It jierferslach foldocht oan de spesifike easken dy’t troch de gemeente yn de beskikking fan de subsydzjeferliening steld binne.
Binne bepaalde aktiviteiten net útfierd of doelen en resultaten net helle?
Dan stiet yn it jierferslach of in brief by it jierferslach hokker resultaten net helle binne en wat de oarsaak hjirfan is. Mei in beskriuwing fan mooglike konklúzjes, oplossingen of plannen foar ferbettering.