Gerrit Doeland
Bûtengewoan amtner fan de boargerlike stân Gerrit Doeland stelt him oan jo foar.
Gerrit as trouamtner
Myn namme is Gerrit Doeland, troud en grutske heit fan trije bern. Myn frije tiid besteegje ik oan sportive útdagings en ik ûntspan geregeld op it Amelân. Ik genietsje fan minsken om my hinne. Yn myn funksje as teammanager ha ik in natuerlike driuw om ferbining te meitsjen. Foar in groep stean, bin ik wend. Om dat yn it Frysk te dwaan, is foar my gjin probleem, want ik bin Frysktalich grutbrocht.
‘Ja, ik wol… graach jim trouamtner wêze!’
Ik soe it in hiele eare fine om op dizze manier in bydrage leverje te meien oan ‘de moaiste dei fan jim libben’. It wichtichste is dat jim as breidspear sintraal steane.
Troch in persoanlik petear komme de leuke, leave, grappige mominten foarby. Troch goed te harkjen en de goede fragen te stellen, meitsje ik in moai ferhaal. Dat ferhaal fertaalt him dêrnei yn in persoanlike, besiele en fleurige taspraak dêr’t jim, mar ek jim freonen, famylje en tsjûgen har yn werkenne sille. Troch dy taspraak steane jim yn it middelpunt.
Elk houlik, beskieden of grut opset, is unyk en krijt fan my deselde oandacht. Myn misje is pas slagge as jim nei ôfrin sizze: dit wie in seremoanje dy’t presys by ús as breidspear paste.