Jakob Laning
Bûtengewoan amtner fan de boargerlike stân Jakob Laning stelt him oan jo foar.
Leafde is...
Alles fan elkoar begripe sûnder wat te sizzen.
Leafde is… Alle striderijkes fluch wer bylizze.
Leafde is… Nei elkoar lústerje en elkoar fertrouwe.
Mar it alderwichtichste fan Leafde is om fan elkoar te hâlden.
Myn namme is Jakob Laning, en ik wenje tegearre mei myn freon yn it moaie Ljouwert. Tegearre hâlde wy derfan om der lekker op út te gean, nije plakken te ûntdekken en hearlik te genietsjen fan fakânsjes yn binnen- en bûtenlân. Neist trouamtner bin ik projektmeiwurker soarchûndersteuning yn it Medysk Sintrum Ljouwert, gean ik graach nei it teäter en bin ik geregeld te finen op it hânbalfjild.
As trouamtner mei ik myn stientsje bydrage oan jim grutte dei, de dei fan jim leafde, jim troudei! In pear wiken foar jim houliksdei gean ik graach mei jim yn petear oer de ynfolling fan de seremoanje. Fansels wol ik yn dit petear ek alles oer jim te witten komme om jim ferhaal fertelle te kinnen yn in persoanlike taspraak.
By de seremoanje draait it folslein om jim as breidspear, mar fansels binne ek jim gasten in wichtich ûnderdiel fan dizze dei. Mei dizze minsken wolle jim de leafde fiere en sette jim dizze moaie stap yn jim leafdeslibben.