Jan-Dirk van Ravesteijn
Bûtengewoan amtner fan de boargerlike stân Jan-Dirk van Ravesteijn stelt him oan jo foar.
Echte Ljouwerter
Goedei breidspear of partners. Ik bin Jan-Dirk van Ravesteijn. Makke en berne yn 1967 yn Súdlaren. Troch myn HBO-stúdzje bin ik yn 1988 yn Ljouwert telâne kommen en nea wer fuortgien.
Teäterman
Yn Ljouwert ha ik yn 1997 myn teäterbedriuw fêstige. Miskien hawwe jim my ris by in teäterdiner sjoen of yn de stêd as Us Heit op it hynder rinnen sjoen ûnder in stedstoer.
Geregeld stean ik foar groepen te spyljen en te sjongen.
Ik doch dat sûnder papier foar de noas. Sa stean ik ek foar breidspearen; ik lear alles út ’e holle en sprek frij. Dêrtroch is der altyd kontakt mei de minsken dy’t foar my oer sitte.
En ik reagearje fluch op wat der bart en sein wurdt.
It is hearlik om minsken in goed gefoel te jaan. Ik mocht my yn 2010 trouamtner neame. Wilens bin ik hûnderten houliken fierder en it bliuwt te gek om te dwaan.
Elk ferhaal is unyk en stiet op himsels. En sitst hieltyd wer yn in soarte film dy’tst live meimakkest.
Persoan
Ik bin in hertlike en ampatyske man en bin breed ynteressearre yn minsken en saken. In maklike prater mei in grutte doasis humor en relativearringsfermogen.
Ik ha twa soantsjes dy’t my jong hâlde en enerzjy jouwe.
Myn wurk is myn hobby: Skriuwen, aktearjen, sjongen. Mar ik mei ek graach klusse om de sinnen te fersetten.
Jim ferhaal
Ik kom by minsken thús om de sfear te priuwen en it ferhaal te hearren. Dêr meitsje ik in ferrassend gehiel fan.
Mei in glim en in trien.
In petear duorret yn ’e regel 1,5 oere. Dêrnei reizgje ik werom en begjinne de harsens al te brainstoarmjen.
De earste foarmen komme dan op papier. En as de foarm klear is, stamp ik it yn ’e holle om der foar jim te stean.
Wy meitsje der in ûnferjitlike premjêre fan, dêr’t jim mei nocht op weromsjogge.