Fluch oan:

Kinne of wolle jo net digitaal jo nammegebrûk wizigje?

Meitsje dan in ôfspraak om lâns te kommen op it Gemeentehûs.

Hokker namme brûke wy tenei?

Jo kinne oan ús trochjaan hoe’t wy jo oanskriuwe moatte. Bygelyks:

  • Allinnich mei jo eigen namme.
  • Allinnich mei de namme fan jo partner.
  • Mei jo eigen namme, folge troch de namme fan jo partner.
  • Mei de namme fan jo partner, folge troch jo eigen namme.

In foarbyld

Frou Simons trout mei menear Oudewater. Sy meie allebeide de folgjende nammen brûke:

  • Oudewater
  • Simons
  • Oudewater-Simons
  • Simons-Oudewater

Hawwe jo troud west? Hawwe jo in registrearre partnerskip hân?

Jo kinne de efternamme fan jo eks-partner brûken bliuwe.

Nammegebrûk op offisjele dokuminten

Op offisjele dokuminten bliuwt jo eigen (berte)namme stean. Bygelyks op jo rydbewiis, paspoart, úttreksel of yn it trouboekje. Dat jildt ek as jo ús frege hawwe om yn brieven in oare namme te brûken.

Oan wa jouwe jo jo nammegebrûk troch?

By de gemeente, Belestingtsjinst en Sosjale Fersekeringsbank wurdt jo nammegebrûk automatysk trochjûn. Oan oare ynstânsjes jouwe jo dit sels troch. Bygelyks jo bank en de fersekering.

Kosten

It wizigjen fan jo nammegebrûk is fergees.