Regina de Jong
Bûtengewoan amtner fan de boargerlike stân Regina de Jong stelt har oan jo foar.
Mei ik jim leafdesferhaal fertelle?
Wat moai dat jim de leafde fiere sille! Fan herten lokwinske mei dat foarnimmen.
Graach fertel ik jim moaie leafdesferhaal ûnder jim trouseremoanje. Jim ferhaal as boeiend útgongspunt om de plechtichheid en taspraak nei jim styl yn te rjochtsjen, sadat jim troudei ûnferjitlik prachtich wêze sil. As tarieding lear ik jim graach kennen om al jim winsken, dreamen, ideeën en ferhalen te hearren, om mei-inoar in fijne, persoanlike seremoansje foarm te jaan. Ik tink mei oer hoe’t jim bygelyks jim bern op in aardige en noflike manier in rol jaan kinne yn de seremoanje, of hoe’t de leechte fan in dierbere ferwurde wurde kin. As trouamtner fyn ik it spesjaal om op jim troudei fan wearde wêze te kinnen. Om it sluten fan it houlik bysûnder te meitsjen sil ik symbolyk, humor en eigenheid fan jim as pear fia de taspraak weromkomme litte. Ik soargje derfoar dat jim trouplechtichheid in feestlik ûntspannen seremoanje is, dy’t yn styl syn beslach krijt.
Yn myn frije tiid hâld ik och sa fan gesellichheid. Lykas in bakje kofje of wyntsje drinke mei freonen of famylje. Wykeintsjes fuort om de wrâld te ûntdekken. Hearlik genietsje fan Flylân doch ik faak yn de simmermoannen en yn de wintermoannen ryd ik as dat kin op natueriis.
Myn libben diel ik mei myn jeugdleafde. De partner dêr’t ik al 30 jier mei tegearre bin en dêr’t ik 4 bern mei krigen ha. Supergrutsk bin ik op ús 4 pubers! Neist it mem-wêzen en myn funksje as bûtengewoan amtner fan de boargerlike stân, bin ik re-yntegraasjecoach en wurkje ik as selsstannich trener en coach. Yn dy rol help ik oaren om it fak fan trouamtner te learen en om ferhalen te fertellen. Want in ferhaal fertelle is it moaiste dat der is! Mei ik jim leafdesferhaal fertelle?