Trouwe en registrearre partnerskip
Foardat jo trouwe, moatte jo in pear saken regelje. Dat jildt ek foar it oangean fan in registrearre partnerskip (RP). Foar trouwen en in registrearre partnerskip jilde deselde regels.
Betingsten
- Jo binne 18 jier of âlder.
- Jo binne net troud.
- Jo hawwe gjin registrearre partnerskip. Behalve as jo dat registrearre partnerskip omsette wolle yn in houlik.
- Jo binne gjin direkte famylje fan elkoar. Trouwe mei jo broer, suster, âlder of bern mei net.
- Steane jo ûnder kuratele? Dan is tastimming fan de kurator of rjochter nedich.
Foldogge jo oan de betingsten?
Meitsje in ôfspraak om jo foarnommen houlik of registrearre partnerskip troch te jaan. Doch dit minimaal 2 wiken en maksimaal 1 jier yn it foar. Hâld der rekken mei dat it op it stuit hiel drok is. Sadwaande kin it even duorje oant der in ôfspraak makke wurde kin.
Trouwe jo net binnen 1 jier nei it trochjaan?
Dan moatte jo op ’e nij in melding dwaan.
Wat nim ik mei nei de ôfspraak?
- In jildich identiteitsbewiis fan josels en jo partner. Dat kin wêze in paspoart, identiteitskaart of in rydbewiis.
- In kopy fan in jildich identiteitsbewiis fan alle tsjûgen.
- As jo net yn it gemeentehûs trouwe: de researvearringsbefêstiging fan de troulokaasje.
- Binne jo yn it bûtenlân berne, troud of skieden? Of hawwe jo yn it bûtenlân wenne? Jou dit by ús oan by it meitsjen fan in ôfspraak. It kin wêze dat wy dokuminten nedich hawwe dy’t yn it bûtenlân opmakke binne.
Ha ik tsjûgen nedich?
Sette jo jo registrearre partnerskip om yn in houlik?
Dan hawwe jo gjin tsjûgen nedich.
Sille jo trouwe of geane jo in registrearre partnerskip oan?
Dan hawwe jo minimaal 2 en maksimaal 4 tsjûgen nedich. In tsjûge moat 18 jier of âlder wêze. In tsjûge hoecht net de Nederlânske nasjonaliteit te hawwen.
Tsjûge wizigje of taheakje?
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Tsjûge fan de gemeente?
Dat kin. De kosten hjirfoar fine jo ûnder it kopke ‘Kosten’.
Omsetting registrearre partnerskip net oeral jildich
Net alle lannen akseptearje de omsetting fan in registrearre partnerskip yn in houlik. Wolle jo de omsetting brûke yn in oar lân as Nederlân? Ynformearje dan earst oft dat sûnder problemen kin. Jo kinne hjirfoar terjochte by de ambassade fan it oanbelangjende lân.
Troulokaasjes
Yn Ljouwert kinne jo kieze út in tal bysûndere troulokaasjes. As jo jo kar makke hawwe, reservearje jo streekrjocht by de troulokaasje. De reservearringsbefêstiging nimme jo mei nei it gemeentehûs by de melding fan jo houlik. It stedhûs en it gemeentehûs kinne jo reservearje by de ôfdieling Boargersaken. Nim hjirfoar kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Jo kinne kieze út de folgjende troulokaasjes:
Gemeentlike lokaasjes
Oare lokaasjes
- De Kanselarij
- Grand Café Restaurant De Koperen Tuin
- Post-Plaza
- Hotel-Paleis Stadhouderlijk Hof
- Kosterij de Grutte Tsjerke
- Martinus Tsjerke (yn Hempens-Tearns)
- De Harmonie
- Tsjerkje fan Swichum
- Eardere Alde Riedhûs (yn Grou)
- Waalske Tsjerke
- Doarpstsjerke fan Huzum
Sels in oare troulokaasje kieze?
Jo kinne ek sels in troulokaasje kieze. Hjirfoar moatte jo 6 wike foar de houliksdatum by de ôfdieling Boargersaken fan de gemeente Ljouwert de folgjende formulieren ynleverje: “Reservearring Houlik/Partnerskip op lokaasje” en, as de lokaasje net by de neamde troulokaasjes stiet, in ferklearring “Akkoartferklearring eigener/behearder frije lokaasjes”.
De folgjende lokaasjes hawwe oanjûn beskikber te wêzen as lokaasje dêr’t houliken en partnerskippen sluten wurde kinne:
- De Johannestsjerke yn Britsum
- De Groote Wielen
- Frisian Queen
- De Kapel (dbieb.nl)
- Boutique Hotel Catshuis
- Salonboat Gaasterland
- Dekemastate
- Uniastate Bears
- Proefverlof
- Kafee De Bak
- Túnmanswente
- Restaurant Jupiter
- Huis van Eysinga
- Kafee Wouters
- De Wartenster
- Dance Centre Omar Smids
- Opus78
- Gasterij de Wâldwei
- Sint Piter Tsjerke
- WTC Hotel Ljouwert
- Dûnssportsintrum Saco Velt
- Sint Genovevatsjerke yn Jelsum
- Nicolaastsjerke yn Koarnjum
- Hotel Oostergoo
Hâld rekken mei de folgjende saken:
- De ekstra kosten foar de troulokaasje foar ien dei stean neamd yn it tabblêd ‘Kosten’ (fan tapassing as de eigener de lokaasje ienmalich ta jo beskikking stelt).
- De houliksplechtichheid moat binnen de grinzen fan de gemeente Ljouwert wêze.
- In lokaasje mei net yn striid wêze mei de iepenbiere oarder, brânfeiligens, goede smaak en goede seden. Iepenbierheid moat garandearre wêze.
- Yn bepaalde gefallen kin in (miljeu)fergunning nedich wêze.
Der moat wc-gelegenheid oanwêzich wêze.
Giet it om in iepenloftlokaasje?
Dan moatte jo by min waar in ferfangende oerdekte lokaasje regele hawwe.
Wurdt jo houlik op in boat sluten?
Dan moat de boat oan de wâl lizze binnen de gemeente Ljouwert.
Parkeare by de troulokaasje
Op de measte troulokaasjes fine jo foldwaande parkeargelegenheden yn de direkte omjouwing. Kieze jo as troulokaasje foar it stedhûs of Hotel-Paleis Het Stadhouderlijk Hof, dan kinne jo fan de gemeente maksimaal 5 parkearûntheffingen foar in perioade fan oardel oere krije. Jo kinne dat trochjaan by de melding fan jo houlik by Boargersaken. Sy sille jo fierder ynformearje.
Regulier, budzjet of fergees trouwe?
Regulierhoulik of RP. |
Budzjethoulik of RP. |
Fergees houlik of RP. |
|
---|---|---|---|
Wannear? | Moandei – freed tusken 09:00 en 16:00 oere. In oare tiid of in sneon is ek mooglik. | Mo-Ti-To om 10:00 en 11:00 oere | Mo om 09:00, 09:15 of 09:30 oere. |
Wêr? | Op de gemeentlike, oare of sels keazen lokaasje. | Troukeamer yn it Gemeentehûs. | Gemeentehûs |
Hoe lang? | 30 minuten. | 15 minuten. | 10 minuten. |
Troch wa? | In troch josels keazen trouamtner of in trouamtner foar ien dei. | In amtner fan de ôfdieling Boargersaken. | In amtner fan de ôfdieling Boargersaken. |
Oantal gasten? | Jo bepale it oantal gasten yn oerlis mei de lokaasje. | Maksimaal 6 persoanen, ynklusyf tsjûgen. | Maksimaal 4 persoanen, ynklusyf tsjûgen. |
Annulearringskosten? | Ja. | Ja. | Ja. |
De kosten fan in regulier of budzjethoulik fine jo ûnder it kopke ‘Kosten’.
Wa slút it houlik of registrearre partnerskip?
Trouamtners fan de gemeente Ljouwert
Der binne ferskillende trouamtners fan de gemeente Ljouwert. Hawwe jo in foarkar? Jou dat dan troch oan de ôfdieling Boargersaken. By in regulier houlik nimt de trouamtner minimaal 2 wiken foar de houliksdatum kontakt mei jo op.
Trouamtners fan in oare gemeente, broer, suster of goede freon
Wolle jo in trouamtner fan in oare gemeente, in broer, suster of goede freon jo houlik of registrearre partnerskip slute litte? Dat kin. Hjir betelje jo ekstra foar. Meld dit minimaal 3 moannen foar jo houlik oan de ôfdieling Boargersaken. De termyn fan 3 moannen giet pas yn op it stuit dat jo de melding dien hawwe. Op dit stuit is it hiel drok mei meldingen. Dêrom duorret it in pear moannen foar’t jo in melding dwaan kinne.
Registrearre partnerskip omsette yn in houlik?
Dit kin op it Gemeentehûs. Jo meitsje hjirfoar in ôfspraak.
Wat nimme jo mei nei it Gemeentehûs:
- Nim allebeide in jildich legitimaasjebewiis mei nei de ôfspraak.
- Tsjûgen binne net nedich.
- It omsetten kostet wol jild.
- In seremoanje is net nedich. Wolle jo dat wol? De kosten en betingsten foar de lokaasje binne itselde as by in houlik.
Houlik of RP annulearje of wizigje?
Oan it annulearjen fan in houlik of registrearre partnerskip binne kosten ferbûn. It kin dus wêze dat jo foar it annulearjen betelje moatte.
By annulearjen mear as 5 moannen foar de datum fan it houlik/registrearre partnerskip wurde der gjin annulearringskosten yn rekken brocht. Dit jildt ek foar gratis houliken/partnerskipsregistraasjes.
Annulearringskosten houliken/partnerskipsregistraasjes
- Oant 3 moannen foar de datum: 10% fan de leezjes.
- Tusken 3 moannen en 1 moanne foar de datum: 25% fan de leezjes.
- Tusken 1 moanne en 1 wike foar de datum: 75% fan de leezjes.
- Fan 1 wike foar oant en mei de datum sels: 100% fan de leezjes.
Foar gratis houliken/partnerskipsregistraasjes
- Tusken 3 moannen en 1 moanne foar de troudatum: € 50,50.
- Fan 1 moanne oant en mei de dei fan it houlik: € 84,21.
Wizigingskosten*
€ 84,21.
* De datum kin oant 1 moanne foar de datum fan it houlik/de partnerskipsregistraasje fergees wizige wurde. Dêrnei wurdt in fêst bedrach yn rekken brocht.
Kosten
Alle kosten moatte by de melding (ûndertrou) fan it houlik of it partnerskip betelle wurde. Dit jildt ek foar de lokaasjekosten fan it Stedhûs. Wy fersykje jo om mei PIN te beteljen.
Kosten Boargerlike Stân
- Sluten fan in houlik/registraasje partnerskip (eksklusyf lokaasjekosten): € 495,36.
- Sneon en net-reguliere tiden (eksklusyf lokaasjekosten): € 1.015,15.
- Budzjethoulik (ynklusyf oanwiisde lokaasje yn it gemeentehûs): € 194,89.
Lokaasjekosten
- Oranjeseal, Stedhûs, yngong Hôfplein (moandei oant en mei tongersdei): € 342,70.
- Oranjeseal, Stedhûs, fia bordes mei reade loper (freed): € 548,40.
- Oranjeseal, Stedhûs, fia bordes mei reade loper (sneon): € 685,50.
- Oanwiisde romte yn Stedhûs € 131,- (yngong Hofplein is net tagonklik foar minsken mei in lichaamlike beheining)
- Moandei fan 10:00 oant 16:00 oere.
- Tiisdei oant en mei tongersdei fan 9.00 oant 16:00 oere.
- Freed fan 9.00 oant 12:00 oere.
Aldehou
- € 685,50
Oare kosten
- Oanwizen troulokaasje foar ien dei: € 82,80.
- Omsetten Partnerskipsregistraasje yn in Houlik (oan de baalje): € 104,50.
- Brûken fan in toga: € 96,70.
- Beneamen trou-amtner foar ien dei: € 315,-.
- Beskikber stellen fan ien tsjûge: € 71,70.
- Trou-/partnerskipsboekje/duplikaat: € 43,-.
- Kalligrafearjen fan in boekje: € 39,50.
- Kalligrafearejn per bern yn it boekje: € 23,90.
- Omsetten partnerskip yn houlik: € 104,50. Dit jildt allinnich as de omsetting oan de baalje bart. Oars betelje jo de slutingskosten.
Ofspraak meitsje
- Foar it melden fan jo houlik meitsje jo in ôfspraak by de ôfdieling Boargersaken fan de gemeente Ljouwert. Nim kontakt mei ús op. By dizze ôfspraak kinne jo ek jo tsjûgen trochjaan.
- As jo net yn Nederlân berne binne of yn it bûtenlân wenne hawwe, nim dan in pear moannen foar it houlik kontakt op mei de ôfdieling Boargersaken fan de gemeente Ljouwert.